Springe nei ynhâld

Stephen Holden

Ut Wikipedy
Stephen Holden
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stephen Holden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 july 1941
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as muzykkritikus, filmkritikus,
teäterkritikus, dichter, publisist
jierren aktyf 1970-er jierren – no

Stephen Holden (18 july 1941) is in Amerikaansk sjoernalist, muzykkritikus, filmkritikus, teäterkritikus, dichter, romanskriuwer en publisist.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Holden waard yn 1941 berne en folge in stúdzje Ingelske taal- en letterkunde oan 'e bekende Universiteit fan Yale yn New Haven, dêr't er yn 1963 ôfstudearre mei in bachelortitel. Neitiid wurke er as fotoredakteur en sjoernalist en klom úteinlik op ta in liedingjaande posysje by platemaatskippij RCA Records, foar't er syn wurkpaad in oare kant útdraaie liet en muzykkrityk begûn te skriuwen foar tydskriften as Rolling Stone, Blender, The Village Voice, The Atlantic en Vanity Fair.

Holden krige foar it earst bekendheid yn 'e 1970-er jierren, doe't er foar Rolling Stone artikels skreau oer nije albums fan bekende popartysten. Yn 1981 naam er by The New York Times in baan oan, dêr't er him al rillegau ûntjoech ta de liedende teäter- en filmkritikus fan dy foaroansteande krante. Dêrnjonken fersoarge Holden ek kommentaar foar de radiostjoerder NPR en wied er geregeldwei te gast yn tillefyzjeprogramma's as 60 Minutes, 20/20 en Entertainment Tonight.

Op basis fan syn persoanlike ûnderfinings as sjoernalist en muzykprodusint by RCA skreau Holden de satiryske roman Triple Platinum, dy't yn 1980 publisearre waard troch útjouwerij Dell Publishing. Fierders skreau er benammen non-fiksje. Yn 1986 waard him de Grammy Award takend yn 'e kategory bêste begeliedende tekst by in muzykalbum foar The Voice: The Columbia Years, in kompilaasje-album mei wurk fan Frank Sinatra. Holden skreau ek gedichten, dêr't guon fan publisearre binne yn it tydskrift The New Yorker en yn 'e blomlêzing The New Yorker Book of Poems.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.