Springe nei ynhâld

Daddy's Home 2

Ut Wikipedy
Daddy's Home 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sean Anders
produsint Will Ferrell
Adam McKay
Chris Henchy
John Morris
senario Sean Anders
John Morris
kamerarezjy Julio Macat
muzyk Michael Andrews
filmstudio Gary Sanchez Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Will Ferrell
Mark Wahlberg
byrollen Linda Cardellini
John Lithgow
Mel Gibson
John Cena
Alessandra Ambrósio
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 novimber 2017
foarm langspylfilm
sjenre krystkomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget $69-70 miljoen
opbringst $180,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Daddy's Home
● foarich diel Daddy's Home

Daddy's Home 2 is in Amerikaanske komeedzje en krystfilm út 2017 ûnder rezjy fan Sean Anders, mei yn 'e haadrollen Will Ferrell, Mark Wahlberg, Linda Cardellini, John Lithgow en Mel Gibson. De film is in ferfolch op Daddy's Home út 2015. It ferhaal folget de no befreone 'ko-heiten' Brad Whitaker en Dusty Mayron as harren eigen heiten mei de kryst op besite komme. Brad en syn heit ûnderhâlde in waarme relaasje, mar Dusty en syn heit kinne min mei-inoar. Aldsear, geheimen en opkroppe frustraasjes soargje foar minder as optimale feestdagen. Hoewol't Daddy's Home 2 oer it algemien negative resinsjes krige fan 'e filmkritisy, ûntjoech de film him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses.

Nei't se freonen wurden binne (sjoch: Daddy's Home), hawwe de siden sok Brad Whitaker en de mantsjesputter Dusty Mayron in goed funksjonearjend systeem optuge, wêrby't se 'ko-heiten' binne fan Dusty syn bern en Brad syn styfbern: Dylan fan tsien en Megan fan sân. De bern wikselje oanhâldend fan hûs, mei't se noris in wike trochbringe by Brad en syn frou Sara, de eks fan Dusty, en it wykein by Dusty en syn nije frou Karen, en dan wer oarsom. Brad en Sara hawwe tegearre ek in lytsenien, dy't Griff hjit. Karen hat in tsienjierrich dochterke, Adrianna, út in earder houlik mei Roger, dy't noch folle mear mantsjesputter is as Dusty. Adrianna hatet har styfheit Dusty en stekt dat ek net ûnder stuollen of banken. Dusty makket dêrmei itselde troch dat Brad earder belibbe mei Dylan en Megan.

Underwilens fielt Sara har bedrige troch Karen, dy't like âld is sysels, mar (neffens har) folle kreazer en boppedat sawol dokter as in súksesfol skriuwster. Karen makket allegeduerigen oantekenings yn in notysjeboekje, en Sara is derfan oertsjûge dat se dêryn minne dingen oer har opskriuwt. Mei har dochter Adrianna makket Karen gebrûk fan 'e "vrijheid-blijheid"-opfiedingsmetoade, wat Sara ek in stikel yn 'e foet is, om't Adrianna mar mient dat alles mei en sadwaande in minne ynfloed is op Megan, dy't heech by it âldere famke opsjocht. Dylan is in bleue jonge, dy't net goed wit hoe't er mei famkes omgean moat, en dêrmei oanhâldend pleage wurdt troch Adrianna en Megan.

De beide ko-heiten wurde flink yn ferlegenheid brocht as Megan by de opfiering fan 'e krystrevu op har skoalle, wêrby't de bern om bar in brief oan 'e krystman foarlêze moatte, oan 'e hiele seal ferkundiget dat se in hekel hat oan 'e kryst (mar net oan it krijen fan krystkado's!) om't dat yn har famylje altyd twa kear fierd wurde moat (ien kear mei Brad en Sara en nochris mei Dusty en Karen). Dêrop beslute se fan no ôf oan de kryst as ien grutte lokkige famylje te fieren. Dat plantsje rint daliks al averij op as Dusty syn stoere en fan him ferfrjemde heit Kurt, in âld-astronaut, en Brad syn emosjonele en oerfleurige heit Don harrensels foar it krystfeest útnûgje.

Fan Megan en Dylan kriget Don, in waarm wolkom, mei't hy tige oanwêzich is yn harren libben. Kurt, dy't harren net mear sjoen hat sûnt Dylan in beuker en Megan in pjut wie, kenne se hielendal net, en mei him binne se navenant minder bliid. Der ûntjout him fuortendaliks in beskate rivaliteit tusken de pakes, dy't benammen fuortkomt út 'e jaloerskens fan Kurt op 'e affeksje dy't de pakesizzers foar Don toane. As blykt dat de bern Don pop-pop neame, wol Kurt el padre neamd wurde. Om Don sjen te litten wa't it breed hingje litte kin, hiert Kurt in grut sjalet yn 'e bergen om mei de hiele famylje de krystdagen en de wike dêrfoar troch te bringen. Brad stelt foar om Adrianna har heit Roger ek út te nûgjen, mar dêr leit Dusty gau-gau it near op.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it sjalet arrivearre, wurdt de relaasje as ko-heiten fan Brad en Dusty al rillegau swier op 'e proef stelt troch it oanhâldende stokeljen tusken harren fan Kurt. Dêr komt noch by dat Dusty eins temûk jaloersk is op 'e neie, leafdefolle relaasje dy't Brad mei syn heit Don hat. Hy fertelt Brad dat Kurt in rokkejager is dy't al yn syn bernetiid alle gelegenheden dy't fan 'e skoalle fan Dusty útgiene, oangriep om 'e memmen fan syn klasgenoaten te fersieren. Healwei de jûn, faak noch foar't Dusty oan bar west hie om op te treden, pykte Kurt dan út mei in mem, of yn ien memorabel gefal sels mei in mem en in muoike, om seks te hawwen. Dusty hat al dy jierren letter dêroer noch in protte opkroppe wrok tsjin syn heit.

Underwilens besiket Sara oer har jaloerskens op Karen hinne te stappen troch dingen mei har te ûndernimmen en sa in bân mei har te foarmjen. Se is lykwols skokt as se ûntdekt dat Karen in kleptomane is dy't it foar de moade hat om keapwaar út winkels te stellen. Ek fynt se it gjin probleem as Adrianna en Megan fan 'e alkohoalyske eigenmakke advokaat priuwe wolle. Sara stekt dêr in stokje foar, mei as foarsisber resultaat dat de famkes obsedearre reitsje troch de langst om fan 'e advokaat te drinken.

Sara rekket ek al rillegau erchtinkend oer it feit dat Don allinne delkommen is, sûnder syn frou, Brad syn mem Sherrie. Don wimpelet alle fragen dêrnei ôf mei ferlechjes dy't Brad foar sûkerswiet opyt. De jûns nei't de famylje harren sjalet hielendal yn 'e krystfersiering set hat, beslút Sara iepen kaart te spyljen mei Brad oer har fermoedens dat it mei it houlik fan syn âlden net alhiel snor sit. Brad, dy't krekt mei in grutte ridende snieblazer dwaande is, wol dêr neat fan witte en wurdt sa oerstjoer dat er de snieblazer ferjit. Dy riidt op eigen manneboet fierder en fret alle krystfersiering op, wêrnei't er himsels oan 'e ljochtsjes op it dak hyst en der boppe op 'e auto fan Dusty wer ôf kneppelet. Kurt nimt it hiele ynsidint op mei syn mobile tillefoan en rûgelet suver yn 'e snie fan it laitsjen.

Dylan liket fereale te reitsjen op in famke, Casey, dat yn it oanbuorjende sjalet ferbliuwt, wat Adrianna en Megan derta bringt om him dêr oanhâldend mei te pleagjen as Casey oanwêzich is. Brad jout Dylan de 'goerie' om by famkes dêr't er fereale op is altyd te sjen dat er by har yn 'e freonskipssône komt. Dusty, dy't dat heart, grypt gau yn en seit tsjin Dylan dat er ynstee altyd soargje moat dat er selsfertrouwen útstrielet, ek al fielt er dat fan binnen net. Soks soe oantreklik wêze foar froulju. Pake Kurt foeget dêroan ta dat er gewoan op sa'n famke tastappe moat om har op 'e bek te nimmen en har neitiid in flinke pets op 'e kont jaan moat. Dylan bliuwt yn betizing efter en beslút foarearst de sitewaasje noch mar ris even oan te sjen.

As de famylje derop útgiet om in krystbeam foar yn it sjalet te keapjen, manipulearret Kurt Dusty om 'e krystbeamferkeaper links lizze te litten en ynstee sels (op yllegale wize) in beam yn 'e bosk te seagjen. Brad, dy't foar it each fan Dusty en Kurt de needsaak fielt om syn manlikheid te bewizen, siket in moaie symmetryske beam út om mei de keatlingseage te liif te gean. It blykt lykwols in antenne foar mobile tillefony te wêzen, en by it omseagjen elektrokutearret er himsels hast. De skea bedraacht $20.000, ta Sara har konsternaasje.

As de famylje út te bowlen giet, blike se allegear treflike bowlers te wêzen, oan Adrianna en Megan ta, mar Dylan wit net ien kegel te reitsjen. Kurt fiteret him oan om it yn elts gefal net op te jaan, en by syn lêst wurp fan 'e jûn wit Dylan úteinlik ien inkele kegel om te goaien, wat er fiert as in reuseftige oerwinning. Neitiid nimt de famylje de bern mei foar in besyk oan 'e krystman. Kurt skúnt Dylan yn dat er de krystman om in jachtgewear freegje moat, sadat er mei him op kalkoenejacht kin. As Dylan dat docht, is Brad skokt, om't er mordikus tsjin is op wapenbesit. Pake Don ûntpraat Dylan syn krystwinsk troch him te freegjen oft er wier in sielige kalkoen it libben ûntnimme wol, mar de minder tearhertige Megan liket it geweldich ta om mei pake Kurt op jacht, dat sy freget de krystman ek om in jachtgewear. Dat wie net Kurt syn bedoeling, want de jacht, sa hâldt er har foar, is wat foar manlju. Sara wurdt sa poer om dat seksisme, dat se beslist dat har dochter in gewear kriget en mei op jacht sil, oft Kurt dat no leuk fynt of net.

De oare deis giet de hiele famylje mei op jacht, sij it yn it gefal fan Brad en Don mei dúdlike tsjinnichheid. Megan wurdt oanfallen troch in kalkoen en sjit by fersin pake Kurt yn it skouder, mar se nimt wraak troch dêrnei twa kalkoenen te sjitten. Wylst Kurt yn it sikehûs oan syn ferwûning fersoarge wurdt, komme hy en Dusty op nuveraardige wize neier ta-inoar en it liket derop dat se op it punt steane om inoar te fertellen dat se faninoar hâlde, mar krekt op dat stuit wurde se ûnderbrutsen troch Brad.

Dy jûns geane Brad, Dusty, Don en Kurt nei in foarstelling fan ymprovisaasjekomeedzje (in idee fan Brad, dy't wit dat syn heit ek oan ymprovisaasjekomeedzje docht). Brad en Don skuorre harren de bûsen út fan it laitsjen, mar Dusty en Kurt fine der neat oan. As Kurt nei it húske giet en Dusty him letter efter yn 'e seal in frou oppikken en mei har fuortgean sjocht, hat er swier de pest yn. Underwilens meldt Brad Don oan as frijwilliger om mei te dwaan oan 'e folgjende sketch. As der frege wurdt om suggestjes foar in gaadlik ûnderwerp ropt Dusty út argewaasje dat it oer in skieding gean moat. Dat blykt foar Don krekt wat te tichtby te kommen, en as de sketch him fierder ûntjout, komt oan it ljocht dat Don en syn frou Sherrie koartby skieden binne. Brad, dy't fan neat wist, is der stikken fan, en sûnderet himsels fan syn heit ôf om't er lulk is dat Don him sa bedragen hat.

Werom yn it sjalet treastget Sara Don wylst dy sterke drank oan it tafoegjen is oan in nije kom advokaat. Hy ferjit eefkes wêr't er mei dwaande is, sadat der hast in heale flesse troch giet. As Dusty derby komt om syn ûntskuldigings te meitsjen, wiuwt Don dat wei om't Dusty net witte koe dat er skieden wie, mar Dusty moat tajaan dat er dêr wol deeglik in sterk fermoeden oer hie, om't it neffens him frijwat foar de hân lei. Dat liedt ta it oanboazjen fan dochs al spande ferhâldings. As de folwoeksenen by de advokaatkom wei geane, komme Adrianna en Megan op 'e lapen om fleskes mei it spul te foljen foar eigen konsumpsje. Dusty siket bûtendoar Brad op, dy't folhâldt dat er Dusty neat kwea-ôf nimt. Krekt op dat stuit komt Adrianna har biologyske heit Roger der oan riden, dy't troch Brad by wize fan wraak op Dusty dochs noch útnûge is foar de krystdagen.

Dyselde jûns, krystjûn, nimt de hiele famylje diel oan in libbene kryststâl. De ûnderlinge spannings komme ta útbarsting as Dusty en Brad suver slaande deilis reitsje om't Dusty no in skoft Joazef wêze wol, in rol dy't Brad himsels ta-eigene hat. As Megan begjint te flokken en Adrianna slop fan it laitsjen delknoffelet, wurdt dúdlik dat de famkes ta de advokaat sitten hawwe en stomdronken binne. Sara makket Karen ferwiten oer har lankmoedige opfiedingsmetoaden en ynstee dat Dusty mei Brad fjochtet, giet er hast op 'e fûst mei Roger. Brad en Dusty beslute harren skeel te besljochtsjen troch inoar te bekûgeljen mei iisballen, mar ta grutte hilariteit fan Kurt reitsje se hieltyd by fersin Don yn it gesicht.

De oare deis, earste krystdei, hat de hiele famylje skjin syn nocht faninoar. Se beslute foartidich op te pakken en nei hûs te gean, mar ûnderweis út it fakânsjeplak wei boazet it waar al rillegau oan ta in sniestoarm en wurde se weromstjoerd troch de plysje om't de autosneldyk tichtset is troch in lawine. Krekt as alle oare reizgers sykje se beskûl yn in grut bioskoopkompleks oan 'e sneldyk, dêr't se de (fiktive) krystaksjefilm Missile Now sjogge, mei Liam Neeson yn 'e haadrol. Krekt foar de ein fan 'e film falt de elektrisiteit út, en alle oanwêzigen sammelje harren yn 'e grutte lobby, dêr't in reuseftige krystbeam stiet en in krystkoarke oan it sjongen is.

Dêr geane Brad en Dusty de konfrontaasje oan mei harren respektivelike heiten Don en Kurt, en slagget it harren om harren relaasjes mei harren heiten, mar ek mei-inoar, op te laapjen. Megan en Adrianna sjogge Casey dêr werom, it famke wêrfan't se tochten dat Dylan der fereale op wie, en sette har ûnder in mistel sadat Dylan har tútsje kin. Dylan bringt him de rie fan pake Kurt te binnen, siket syn moed byinoar en tutet it famke op wa't er fereale is: syn styfsuster Adrianna. Roger is skandalisearre en wol fuortendaliks mei syn dochter ôfsette, mar Dusty hâldt him tsjin. Adrianna jout Dusty in grutte mûle, en Kurt moediget Dusty oan om har te plak te setten. Ynstee fertelt Dusty it famke dat er fan har hâldt. Dêrop fertelt er Roger dat syn leafde foar syn styfdochter betsjut dat er ek fan har biologyske heit hâldt. Roger wit net hoe't er dêrmei oan moat, mar stiet Adrianna ta om 'e krystdagen mei har mem en de rest fan 'e famylje troch te bringen. Sels sil er lykwols fuort, oant er tsjinkeard wurdt troch Brad, dy't mei it krystkoarke Roger syn favorite liet Do They Know It's Christmas? ynset. De hiele famylje falt him by en sjongt mei, en úteinlik kin ek Roger him net mear stilhâlde en moat er meisjonge. De hiele famylje is no mei-inoar fermoedsoene en fiert sadwaande dochs noch mei-inoar de krystdagen.

Nei de kryst bringt de hiele famylje Don en Kurt nei de lofthaven, mei't se op hûs oan sille. It docht bliken dat Adrianna, dy't ornaris inkeld mei har mobile tillefoan oan 'e gong is, ûnferwachts in swak foar pake Don krigen hat. Se krûpt him oan en fertelt him dat se him opjûn hat foar in datingsite op it ynternet, sadat er net lang allinne bliuwe sil. As Don úteinlik mei Kurt de roltrep nei de lofthaventerminal opgiet, fertelt Kurt him dat er gjin ferlet hat fan in datingsite, mar fan in wingman, en dat er harren fleantickets omboekt hat sadat se âld en nij yn Las Vegas trochbringe kinne. Dêr sil er Don wol oan 'e frou helpe.

Tagelyk mei de ôfreis fan Don en Kurt is de famylje ek op 'e lofthaven om Brad syn mem en syn nije styfheit ôf te heljen. It docht bliken dat syn mem wertroud is mei Chesley Sullenberger ("Sully"), de piloat dy't yn 'e Feriene Steaten fierd is as in nasjonale held nei't er US Airways-flecht 1549 rêde troch in needlâning út te fieren op 'e rivier de Hudson yn New York, nei't beide motors útfallen wiene trochdat der guozzen yn sûgd wiene. Brad en Dusty witte persiis wa't hy is, om't se koartby noch de biografyske film Sully sjoen hawwe, mei Tom Hanks yn 'e titelrol. Brad is bot ûnder de yndruk, mar as it derop oankomt, naait er lykwols út, roppend dat Sullenberger nea syn wiere heit wêze sil, mei't hy mar ien goed ferhaal hat, wylst Don miljoenen hat.

Will Ferrell.
Mark Wahlberg.
Linda Cardellini.
Alessandra Ambrosio.
haadrollen
personaazje      akteur/aktrise
Brad Whitaker Will Ferrell
Dusty Mayron Mark Wahlberg


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sara Whitaker Linda Cardellini
Don Whitaker, de heit fan Brad John Lithgow
Kurt Mayron, de heit fan Dusty Mel Gibson
Roger, de heit fan Adrianna John Cena
Karen Mayron Alessandra Ambrósio
Megan Mayron Scarlett Estevez
Dylan Mayron Owen Vaccaro
Adrianna Didi Costine
Jerry Bill Burr
Casey Yamilah Saravong
Sherrie, Brad syn mem Priscilla Manning
himsels Chesley Sullenberger (cameo)
himsels Liam Neeson (cameo)
rektor Hayes Andrea Anders
wapenhanneler Matthew Delamater
Yimmy Yimmy Yim
Bill Bill Mootos
befeilingingsman José Gonsalves
krystman Naheem R. Garcia
ymprovisaasje-akteur #1 John MacGregor
ymprovisaasje-akteur #2 Kelly Dooley
ymprovisaasje-akteur #3 Anne Krane
ymprovisaasje-akteur #4 Matthew Catanzano
ymprovisaasje-akteur #5 Molly Schreiber
ymprovisaasje-akteur #6 Vicki Hanes
man yn publyk by ymprovisaasje Jonathan Angel
Dusty as jonge Daniel DiMaggio

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferfolchfilm op it súksesfolle Daddy's Home út 2015 waard al yn april 2016 oankundige. Daddy's Home 2 waard krekt as de earste film regissearre troch Sean Anders, dy't wurke op basis fan in senario fan himsels en John Morris. Ek de produsinten wiene deselden: Adam McKay, Chris Henchy, Morris en haadrolspiler Will Ferrell, dy't wurken foar de filmstudio Gary Sanchez Productions. It budget foar Daddy's Home 2 bedroech $69 oant 70 miljoen. De kamerarezjy wie wer yn 'e hannen fan Julio Macat, en de filmmuzyk waard wer fersoarge troch Michael Andrews.

Wat de cast oangie fertolken Will Ferrell, Mark Wahlberg, Linda Cardellini, John Cena, Alessandra Ambrósio, Scarlett Estevez en Owen Vaccaro deselde rollen as yn 'e earste film. De opnamen foar Daddy's Home 2 setten op 20 maart 2017 útein yn Massachusetts, dêr't filme waard yn Concord, Clinton, Framingham, Lawrence en Great Barrington.

De distribúsje fan Daddy's Home 2 waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 5 novimber 2017 yn premiêre yn Los Angeles, wêrnei't er op 10 novimber iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. Daddy's Home 2 kaam op 6 febrewaris 2018 beskikber as digitale download en waard op 20 febrewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Daddy's Home 2 krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Alonso Duralde fan The Wrap fûn 'e film slordich en loai en omskreau de bydragen fan senarioskriuwers Sean Anders en John Morris as it "strânje litten fan in talintearre cast mei ferskriklik materiaal […]". Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times joech Daddy's Home 2 mar 1 fan 4 stjerren en ferliek de film mei A Bad Moms Christmas, ek út 2017, dêr't er ek al gjin goed wurd foar oer hie.

Fan Glenn Kenny, fan RogerEbert.com krige Daddy's Home 2 lykwols 21/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Ik fûn de ferfolchfilm better as it orizjineel – it senario skerper, de grappen ferfrissender en fernimstiger, de komyske wikselwurking tusken de haadpersonaazjes oan ien wei troch ûnderhâldend."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Daddy's Home 2 in leech goedkarringspersintaazje fan 21%, basearre op 129 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, neamde de film "in formulemjittige komeedzje dy't nei alle gedachten net folle krystwille ferspriede sil." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Daddy's Home 2 in goedkarringspersintaazje fan 30%, basearre op 26 resinsjes.

Daddy's Home 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $103,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $76,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $180,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $69 oant 70 miljoen betsjut dat in winst fan $110 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Daddy's Home 2 nettsjinsteande de negative resinsjes in beskieden kommersjeel súkses.

Daddy's Home 2 waard nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory favorite komeezje. Will Ferrell en Mark Wahlberg waarden beiden nominearre foar de Teen Choice Award foar favorite akteur yn in komeedzje. By de Golden Raspberry Awards, de prizen foar de minste prestaasjes op it mêd fan film, waard Wahlberg nominearre foar yn 'e kategory minste akteur, wylst Mel Gibson de priis 'wûn' foar minste byrol fan in akteur.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.