Springe nei ynhâld

Anaconda (film)

Ut Wikipedy
Anaconda
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Luis Llosa
produsint Verna Harrah
Carol Little
Leonard Rabinowitz
senario Hans Bauer
Jim Cash
Jack Epps jr.
kamerarezjy Bill Butler
muzyk Randy Edelman
filmstudio Columbia Pictures
Cinema Line Film Corp.
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Jennifer Lopez
Jon Voight
byrollen Ice Cube
Jonathan Hyde
Owen Wilson
Kari Wuhrer
Eric Stoltz
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 april 1997
foarm langspylfilm
sjenre horroraventoerefilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Portegeesk)
spyltiid 89 minuten
budget en resultaten
budget $45 miljoen
opbringst $136,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Anaconda
● folgjend diel Anacondas: The Hunt for
   the Blood Orchid

Anaconda is in Amerikaanske horroraventoerefilm út 1997 ûnder rezjy fan Luis Llosa, mei yn 'e haadrollen Jennifer Lopez en Jon Voight. De titel betsjut "Anakonda". It ferhaal folget in filmcrew dy't djip yn it tropysk reinwâld fan it Amazônegebiet in dokumintêre meitsje wol oer in mysterieuze stamme fan slangeferearjende Yndianen. Underweis nei it wengebiet fan dy minsken pikke se in jager op dy't it foarsjoen hat op in reuseftige minskeslinende anakonda (Eunectes murinus) en dêrfoar de filmcrew as lokies brûke wol. Hoewol't Anaconda fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes ûntfong, wie de film yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. Letter ûntjoech er him ta in cultklassiker en waarden der yn it ramt fan 'e Anaconda-filmsearje trije ferfolchfilms en in crossover makke.

Op in rivierke djip yn it tropysk reinwâld fan it Brazyljaanske Amazônegebiet kringt in net yn byld brocht wêzen troch yn 'e boat fan in streuper. De man flechtet de boppebou op en klimt úteinlik yn 'e mêst. Nei't er eangstich omleech sjoen hat, knypt er de eagen ticht en begiet selsmoard troch himsels mei syn revolver troch de holle te sjitten.

Underwilens risselwearret yn in Brazyljaanske rivierhaven oan 'e Amazône in Amerikaanske filmcrew om mei in eigen rivierboat ôf te setten op 'e siik nei it Folk fan 'e Dize, oftewol de Sjirisjama, in mysterieuze stamme fan Yndianen dy't djip yn it reinwâld libbet. De fiifmans crew stiet ûnder lieding fan 'e froulike regisseur Terri Flores en bestiet fierders út har goede freon kameraman Danny Rich, produksjemanager Denise Kalberg en har frijer, lûdsman Gary Dixon, en de bekende Ingelske presintator Warren Westridge. Hja wurkje gear mei antropolooch Steven Cale, dy't yn it ferline in relaasje mei Terri hân hat. De boat wurdt bestjoerd troch in pleatslike skipper dy't Mateo hjit. Net lang nei't de ekspedysje ôfset is, treffe se by nacht en min waar op in sydrivier fan 'e Rio Negro in man oan dy't motorpech krigen hat mei syn boat. Se nimme him oan board om him nei it earstfolgjende doarp te bringen, dêr't er nei eigen sizzen kunde hat dy't him helpe kin mei de reparaasje.

It blykt Paul Serone te wêzen, in Paraguayaanske jager op slangen. Hy is in sinistere keardel, dêr't de oare opfarrenden har eins net ien fan allegearre rjocht noflik by fiele, mar se kinne him net bêst oerboard sette, dat se sitte oan him fêst. As Serone foar it ferstân kriget dat se op 'e siik binne nei de Sjirisjama, seit er dat er harren wol helpe kin, mei't er op syn reizen troch it Amazônegebiet dy Yndianen ris met hat. Dat, om harren werom te beteljen foar de help bliuwt er oan board om as gids te fungearjen. Geandewei de reis hat Serone ferskate ferbale oanfarrings mei Cale oer harren kennis fan 'e Sjirisjama. As der in tou fêstrekket yn 'e skroef fan 'e boat, giet Cale de rivier yn om it los te snijen. Dêrby wurdt er yn 'e mûle stutsen troch meeps, mei as gefolch dat er in allergyske reäksje kriget wêrby't syn kiel sa opset dat er net mear sykhelje kin. Serone rêdt him it libben troch yn 'e hals in gatsje te prippen yn syn luchtpiip, sadat er dêrtroch lucht binnenkrije kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It is saak om 'e bewusteleaze Cale no sa fluch mooglik nei it sikehûs te bringen. Serone seit dat er in sydrivier wit dêr't se 60 km mei ôfsnije kinne fan 'e rûte dy't se kommen binne. Hoewol't Terri him net bot fertrout, is dit wat dat se net negearje kin. Serone syn sydrivier blykt lykwols op in stuit ôfsletten te wêzen troch in mânske daam, dy't fan beamstammen en lianen yninoar nifele is. Serone seit dat dy hjir net wie, de lêste kear dat hy hjirlâns kaam, mar Terri hat sa har twifels oer syn ferhaal, benammen as bliken docht dat Serone mear as genôch dynamyt by him hat om 'e daam op te blazen. Mar foar't dy springstof ta ûntploffing brocht wurdt, farre se de boat net fier genôch tebek, mei as gefolch dat ferskate brokstikken fan 'e daam op oan board delkomme. Ien derfan slacht de fetten mei brânstof los, wêrnei't dy allegear op ien nei oerboard rôlje. Dêrtroch beskikt de ekspedysje net mear oer genôch branje om in grutter plak mei in sikehûs te berikken.

De oare deis farre se in oare, dúdlik ferlitten rivierboat foarby (dy fan 'e streuper út it begjin fan 'e film). Se beslute te sjen oft dêr oan board ek brânstof is. Serone sjocht dêr in krante-artikel oan 'e wand hingjen mei in grutte foto derby fan himsels, de streuper en Mateo, wêryn't út 'e doeken dien wurdt dat se trije gearwurkjende anakondajagers binne. Hy lit it kranteknipsel ferdwine, mar in grutte kiste mei streupersark nimt er mei. Hy spant Danny foar syn karke om him te helpen en bringt de kiste sa oer nei harren eigen boat. Underwilens wurdt Mateo oan 'e oare kant fan 'e ferlitten boat oerfallen troch in reuseftige anakonda, dy't him omwuollet en fyndrukt foar't er in gjalp jaan kin. As Mateo net werom komt, giet Danny op ûndersyk út, mar hy fynt inkeld de bûslampe fan 'e man. Op oanstean fan Terri wachtsje se in etmiel by de âld boat foar it gefal dat Mateo dochs noch wer opdaagjen komt, mar it is om 'e nocht.

Underwilens komt troch de kiste mei streupersgereid, dy't Serone oan board brocht hat, syn wiere bedoeling út: hy sit efter in reuseftige anakonda fan rekôrlingte oan, dy't er fange wol om oan in dieretún te ferkeapjen. Hy ornearret dat er foar sa'n bist miljoenen dollars freegje kin. Oan 'e filmcrew ûnthjit Serone dat er harren helpe sil om 'e beskaving wer te berikken as se him helpe syn slange te fangen. Terri wol dêr neat fan witte, mar Serone hat ûnderwilens lûdsman Gary witten yn te palmjen mei moaie ferhalen oer alle jild dat se oan 'e anakonda fertsjinje kinne. Tegearre nimme se alle fjoerwapens oan board oer en twinge de oaren om harren by de sitewaasje del te lizzen. Dy nachts besiket Serone de anakonda te fangen troch in dead kapusynaapke as lokies efter de boat oan troch it wetter te slepen. De anakonda hapt ta, mar as Serone it bist oan board skuorre wol, brekt it los en smyt Denise oerboard. Gary springt har efternei en helpt har wer op it drûge, mar wurdt dan sels troch de anakonda omwuolle, fyndrukt en ûnder wetter skuord. Terri besiket it meunster mei Gary syn gewear dea te sjitten, mar Serone slacht har it wapen út 'e hannen om't er mei in deade slange nei syn miljoenen fluitsje kin. De anakonda kriget dêrtroch de kâns om Gary fyn te knipen en op te fretten.

Denise is alhiel oerstjoer en ûnoansprekber oer de dea fan har frijer. De oaren stekke de koppen byinoar en bemûskopje in plan. Terri makket har moai op en besiket Serone te ferlieden wylst Danny him fan efteren beslûpt. Serone hat harren troch en oermasteret harren sûnder swierrichheden, mar hy hat net troch dat it wiere gefaar fan Westridge komt, dy't him dêrnei nochris beslûpt en fan efteren delslacht mei in golfclub. Om't se derfoar tebekskrilje om him te fermoardzjen, bine se Serone dêrnei oan 'e mêst fêst.

De oare deis berikt de boat in plak dêr't in sydstream fia in wetterfal yn 'e rivier útmûnet. De boat rint dêr yn 'e ûndjipten fêst op 'e rotsen, sadat Terri, Danny en Westridge keabels om in pear beammen op 'e foaroerlizzende iggen dwaan moatte, wêrmei't se de boat mei in liere flot lûke kinne. Wylst de oaren fuort binne, giet Denise mei in mês yn 'e hân en wraak yn 't sin op Serone ta, mar op it lêste momint sjocht se fan har bedoeling ôf. Hy hat lykwols net sokke skrupules, dat hy stompt har om en klammet syn skonken om har hals hinne, wêrnei't er smoart en har de nekke brekt. Har stoflik omskot skopt er oerboard. Dan klaut er mei de fuotten har fallen mês nei him ta en snijt himsels los.

Underwilens keart de anakonda werom en moatte Terri en Danny sjen dat se oan board komme. Westridge liedt it meunster fan harren ôf, mar dan komt it efter him oan. Hy swimt nei de igge en kliuwt by de rotsen fan 'e wetterfal op. Oan board kommen besykje Terri en Danny de anakonda dea te sjitten, mar se wurde oanfallen troch Serone. De anakonda klimt yn in deade beam en wit Westridge te pakken te krijen en fyn te knipen dat er it bestjert. Harren mienskiplike gewicht is lykwols tefolle foar de beam, dy't knapt en heal oer de boat falt. Dêrtroch rûgelje Terri en Danny yn 'e rivier. Terri komt rillegau wer oan board, en as de slannge Danny oanfalt, sjit se it bist yn 'e kop. As hy ek wer oan board besiket te kommen, skuort Serone Terri it gewear út 'e hannen en risselwearret om har beiden dea te sjitten. De sike Cale, dy't troch de bats fan 'e beam op it skip wekker wurden is, komt him lykwols fan efteren oer it mad en stekt in ynjeksjenulle mei ferdôvingsmiddel yn syn rêch. Serone gnjirdet him troch him by syn ferwûne kiel te gripen, mar ferliest dan de krêft yn syn lidden en falt yn 'e rivier. De noch mear as healfolle ynjeksjenulle komt eefkes letter boppedriuwen.

Neitiid bringe Terri en Danny de wer bewusteleaze Cale op bêd. Troch de skok fan it delkommen fan 'e beam is it skip loskommen fan 'e rotsen, dat se sette de reis fuort. As se by in ferlitten, fertutearze gebou lâns komme, dat fan in mynboubedriuw west hat, beslute Terri en Danny om dêr oan te lizzen en te sjen oft der ek branje te finen is, mei't har eigen lêste fet sa goed as leech is. Yn it gebou wurde se lykwols opwachte troch Serone, dy't harren finzen nimt en as lokies brûkt foar in twadde, noch folle gruttere anakonda. Dat bist blykt yn it âlde fabryk syn nêst te hawwen. As it Terri en Danny mei syn liif omwuollet en stadichoan fynknypt, besiket Serone de slange mei syn beide minsklike proaien en al yn in mânsk net te fangen. De anakonda is lykwols te sterk: it bist lit Terri en Danny los, brekt frij út it net en giet dan efter Serone oan. Dy wurdt op syn beurt omwikkele en fynknypt, wêrnei't er foar de eagen fan Terri en Danny libben troch it meunster ferswolge wurdt.

Underwilens witte Terri en Danny los te kommen fan 'e duct tape dêr't Serone harren mei de rêgen nei-inoar ta mei oaninoar fêstbûn hie. De anakonda koarret in stjerrende Serone wer op om efter Terri oan te gean. Sy klimt yn in grutte skoarstien en der boppe ta'n út, wylst Danny de sturt fan 'e efterfolgjende slange mei in pikhouwiel oan 'e houten flier fêstraamt. Mei springstof lit er in ekploazje ôfgean yn 'e skoarstien, wêrby't de slange yn 'e brân komt te stean. It bist fljocht troch de krêft fan 'e ûntploffing it gebou út en de rivier yn, dêr't Terri wilens ek yn bedarre is doe't se fan 'e skoarstien ôf sprong. Nei't Danny Terri út it wetter fiske hat, lizze se eefkes te bekommen op 'e oanlissteger fan it fabryk. Op dat stuit dûkt de slim skeinde slange wer op en falt Terri oan. Danny brûkt in heksebile om it bist definityf ôf te meitsjen troch it de harsens yn te slaan.

Nei't se branje út it fabryk ynnommen hawwe, sette Terri en Danny harren reis fuort. Cale betteret no fluch op en is wer by sûpe en stút. Wylst se de rivier folgje, wurde se ynienen omjûn troch kano's fol Yndianen. It blike de mysterieuze Sjirisjama te wêzen. Danny pakt syn kamera derby, sadat se dochs noch in dokumintêre meitsje kinne en net alhiel sûnder wat bedijd te hawwen werom moatte.

Jennifer Lopez (yn 2014).
Jon Voight (yn 1988).
haadrollen
personaazje  akteur/aktrise
Terri Flores Jennifer Lopez
Paul Serone Jon Voight


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Danny Rich Ice Cube
Warren Westridge Jonathan Hyde
Gary Dixon Owen Wilson
Denise Kalberg Kari Wuhrer
dr. Steven Cale Eric Stoltz
Mateo Vincent Castellanos
streuper Danny Trejo

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anaconda waard regissearre troch Luis Llosa nei in senario fan Hans Bauer, Jim Cash en Jack Epps jr. As produsinten wiene Verna Harrah, Carol Little en Leonard Rabinowitz by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures en de Cinema Line Film Corporation. Foar de film wie in budget beskikber fan $45 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Butler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Randy Edelman. De opnamen foar Anaconda fûnen yn 1996 plak op lokaasje yn 'e Brazyljaanske steat Amazonas.

De distribúsje fan Anaconda waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film gie op 11 april 1997 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 april fan dat jier by platemaatskippij Edel America Records.

Fan 'e filmkritisy krige Anaconda oer it algemien negative resinsjes. Sa joech Leonard Maltin de film yn Leonard Maltin's 2015 Movie Guide mar 2 fan 4 stjerren. Hy hie krityk op 'e "kneuterige" special effects en it "útlisfrije" senario, mar komplimintearre it gebrûk fan echte Brazyljaanske filmlokaasjes en de aktearprestaasje fan Jon Voight as de sinistere Paul Serone. Yn 'e Chicago Sun-Times wie de foaroansteande resinsint Roger Ebert ien dy't tsjin 'e stream fan 'e algemiene miening fan 'e kritisy yn swom. Hy parte de film 31/2 fan 4 stjerren ta en neamde it in "glêde, grizelige, grappige meunsterfilm, prachtich filme en poerbêst aktearre yn in klassike aventoerestyl."

In echte anakonda (Eunectes murinus). Sokke slangen kinne in lingte fan 8 m en in gewicht fan 100 kg berikke. Hoewol't der in protte ferhalen binne wêryn't mânske anakonda's as minskesliners delset wurde, bestiet der winliken gjin dokumintearre bewiis dat soks ea foarkommen is. Mocht it àl bard wêze, dan soe sa'n slange lange tiid (teminsten inkele wiken) gjin nij miel mear hoege, dus de foarstelling fan in anakonda dy't de iene nei de oare minske opfret, hat gjin basis yn 'e reäliteit.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Anaconda in goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 51 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De pulpige pluspunten fan Anaconda wurde smoard troch de eigen absurditeit, mar fans fan meunsters soene de ûnbeskamme healwizens [fan 'e film] wolris omearmje kinne." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Anaconda in goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 20 resinsjes. Nettsjinsteande dat ûntjoech de film him neitiid ta in wiere cultklassiker. John J.B. Wilson, de oprjochter fan 'e Golden Raspberry Awards foar de minste prestaasjes op it mêd fan film, naam Anaconda op yn syn list fan 'e 100 Bêste Minne Films Aller Tiden.

Anaconda brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $65,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $71,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $136,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $45 miljoen betsjut dat in winst fan $91,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Anaconda waard nominearre foar de Saturn Awards foar bêste horrorfilm of skriller en bêste aktrise (Jennifer Lopez). Beide prizen giene nei oare gadingmakkers: dy foar bêste horrorfilm nei The Devil's Advocate en dy foar bêste aktrise nei Jodie Foster yn Contact.

It súkses op kommersjeel mêd en as cultfilm fan Anaconda late neitiid ta it ûntstean fan 'e Anaconda-filmsearje. Der waarden trije ferfolchfilms makke, elts mei in oare cast. Dêrby giet it om Anacondas: The Hunt for the Blood Orchid, dat yn 2004 yn 'e bioskoop kaam en twa films dy't direkt-op-fideo útbrocht waarden, Anaconda 3: Offspring (2008) en Anacondas: Trail of Blood (2009). Dêrnjonken ferskynde yn 2015 noch in crossoverfilm mei de Lake Placid-filmsearje: Lake Placid vs. Anaconda. Yn jannewaris 2020 waard fierders bekend makke dat Sony Pictures in reboot fan 'e filmsearje en dêrmei in remake fan Anaconda yn preproduksje nommen hie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Anaconda (filmsearje)
Anaconda (1997) • Anacondas: The Hunt for the Blood Orchid (2004) • Anaconda 3: Offspring (2008) • Anacondas: Trail of Blood (2009) • Lake Placid vs. Anaconda (2015)