Alexandria Ocasio-Cortez

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alexandria Ocasio-Cortez
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Alexandria Ocasio-Cortez, official portrait, 116th Congress.jpg
echte namme Alexandria Ocasio-Cortez
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
bertedatum 13 oktober 1989
berteplak New York (New York)
etnisiteit Flag of Puerto Rico.svg Portorikaansk
Flag of Israel.svg Joadsk
partij Demokratyske Partij
lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
foar it 14e distrikt fan New York (steat)
amtsperioade 2019 – ûnbekend
foargonger Joe Crowley
offisjele webside
ocasio-cortez.house.gov

Alexandria Ocasio-Cortez (Ingelske útspr.: [ælɛk'zændrija oʊ'kɑ:sioʊ kɔ:ɹ'tɛz], likernôch: "elekzêndria ookaasio kôrtez"; Spaanske útspr.: [aleksan'drija o'kasjo koɾ'tes], likernôch: "aleksandria ókasjo kórtees"; New York, 13 oktober 1989), ek bekend ûnder de inisjalen AOC, is in Amerikaansk politika en aktiviste fan Portorikaansk komôf. Hja fersloech yn 'e foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij yn 2018 ferrassend de foaroansteande politikus Joe Crowley. Yn 'e dêropfolgjende algemiene ferkiezings wûn se as jongste frou ea in sit yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Ocasio-Cortez is in sosjaliste, dy't foar har ferkiezing as barkeeper wurke.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ocasio-Cortez waard yn 1989 yn 'e New Yorkske borough de Bronx berne, as de dochter fan Sergio Ocasio en Blanca Ocasio-Cortez (famkesnamme Cortez). Har heit wie in arsjitekt dy't yn 'e Bronx berne wie út in famylje fan Portorikaansk komôf. Har mem wie berne op Porto Riko en letter nei it fêstelân fan 'e Feriene Steaten ta emigrearre. Ocasio-Cortez hat noch famylje op Porto Riko te wenjen. Har pake oan memmekant wenne dêr yn in fersoargingstehûs oant er yn 2018 kaam te ferstjerren as yndirekt gefolch 'e orkaan Maria. Ocasio-Cortez hat ferteld dat se foar in part ôfstammet fan Sefardyske Joaden.

Ocasio-Cortez waard roomsk grutbrocht yn in húshâlding dy't ta de arbeidersklasse hearde. Oant se fiif jier wie, wenne se mei har âlden yn in appartemint yn 'e buert Parkchester. Dêrnei wennen se yn in hûs yn Yorktown Heights, in foarstêd fan New York yn Westchester County. Yn har jonkheid besocht Ocasio-Cortez geregeldwei famylje yn de Bronx.

As tiner folge Ocasio-Cortez fuortset ûnderwiis oan 'e Yorktown High School, dêr't se yn 2007 slagge foar har eineksamens. Op 'e middelbere skoalle wûn se de twadde priis op 'e Intel International Science and Engineering Fair mei in mikrobiologysk ûndersyksprojekt nei de effekten fan anty-oksidanten op 'e libbensdoer fan rûnwjirmsoarte Caenorhabditis elegans. Fan gefolgen ferneamde de Ynternasjonale Astronomyske Uny in lytse asteroïde nei har: 23238 Ocasio-Cortez. Yn dyselde snuorje naam Ocasio-Cortez ek diel oan it jeugdparlemint (de Lorenzo de Zavala Youth Legislative Session) fan it National Hispanic Institute, wêrfan't se it letter, ûnder har studintetiid, ta minister fan Bûtenlânske Saken brocht.

Alexandria Ocasio-Cortez by in ynterview mei Julia Cumming, yn desimber 2017.

Nei de middelbere skoalle gie Ocasio-Cortez mei in stúdzjebeurs, de John F. Lopez Fellowship fan it National Hispanic Institute, nei de Universiteit fan Boston, dêr't se ekonomy en ynternasjonale relaasjes studearre. Under har stúdzje wurke se as stazjêre op 'e ôfdieling ymmigraasje fan it kantoar fan senator Ted Kennedy. Yn 2011 studearre Ocasio-Cortez cum laude ôf oan 'e Universiteit fan Boston mei bachelorgraden yn beide stúdzjerjochtings.

Yn har earste stúdzjejier kaam Ocasio-Cortez har heit yn 2008 oan longkanker te ferstjerren. Hy liet gjin testamint nei, mei as gefolch dat Ocasio-Cortez behelle rekke yn in lange juridyske striid om syn beërf. Dêrby makke se (sa fertelde se letter) út 'e earste hân mei hoe't abbekaten dy't troch de rjochter oansteld wurde om in neilittenskip te behearen, harrensels ferrykje yn it neidiel fan 'e djipdrôven, dy't mar kwealk alle burokratyske regeltsjes neikomme kinne. As gefolch dêrfan wiene har mem, dy't as skjinmakster wurke, en har beppe twongen om by famylje yn Floarida yn te lûken, doe't se út harren hûs set waarden om't se de hypoteek net mear opbringe koene.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Libben foar de polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se har stúdzje yn Boston ôfrûne hie, ferhuze Ocasio-Cortez werom nei de Bronx. Se fûn wurk as barkeeper yn in bar yn Manhattan en as servearster yn in taqueria. Dêropta rjochte se Brook Avenue Press op, in útjouwerij foar boeken mei in posityf boadskip oer de Bronx. Ek wie se as frijwillichster belutsen by ferskate organisaasjes, wêrûnder it National Hispanic Institute, dêr't se as direktrise ûnderwiis tsjinne en ferantwurdlike wie foar de Northeast Collegiate World Series fan 2017, in fiifdeisk lesprogramma foar middelbere-skoalbern fan Latino-komôf út 'e Feriene Steaten en oare lannen.

Under de foarferkiezing fan 'e Demokratyske Partij foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 wurke Ocasio-Cortez as organisator foar de kampanje fan 'e linkse senator Bernie Sanders, dy't it lykwols ôflizze moast tsjin 'e eardere minister fan Bûtenlânske Saken Hillary Clinton. Nei't Clinton yn novimber 2016 de presidintsferkiezings ferlern hie fan 'e rjochts-populistyske sakeman Donald Trump, reizge Ocasio-Cortez mei de auto troch grutte dielen fan 'e Feriene Steaten. Se die bygelyks Flint, yn Michigan, oan, dêr't se mei minsken spriek dy't it slachtoffer wiene fan 'e Wetterkrisis fan Flint, en it Standing Rock Yndianereservaat yn Noard-Dakota, dêr't se meidie oan 'e massale protesten tsjin 'e oanlis fan oaljepiipliedings oer Yndiaanske grûn.

Alexandria Ocasio-Cortez hâldt in taspraak yn Kansas City (july 2018).

Letter neamde Ocasio-Cortez har besyk oan Noard-Dakota it kantelpunt yn har karriêre, mei't se foartiid fan miening west hie dat men inkeld effektyf in politike kampanje begjinne koe as men tagong hie ta rykdom, maatskiplike ynfloed en macht. Yn Noard-Dakota seach se lykwols hoe't sljochtwei lju "harren hiele libben en alles dat se hiene op it spul setten foar de beskerming fan harren mienskip." Se putte dêrút ynspiraasje om harsels ek op dy wize foar har mienskip yn te setten. Yn maaie 2017 waard de namme fan Alexandria Ocasio-Cortez neamd as ûnderdiel fan in lanlike Amerikaanske list fan nije kandidaat-Kongresleden fan 'e Demokratyske Partij dy't bekendmakke waard troch de organisaasje Justice Democrats en Brand New Congress. Yn augustus fan dat jier wie se op in konferinsje fan Netroots Nation, yn Atlanta, lid fan in panel dat diskusjearre oer de fraach hoe't men in kampanje fan ûnderop fiere kin, dy't de minsken boppe de partij pleatst.

Demokratyske foarferkiezings (2018)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ocasio-Cortez stelde har ferkiesber foar it 14e kiesdistrikt fan New York, dat it eastlike part fan de Bronx en dielen fan it midnoarden fan Queens omfettet. Se wie de earste sûnt 2004 dy't dêr it sittende lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, Joe Crowley, útdage yn 'e foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij. Crowley wie in foaroansteand politikus en de foarsitter fan 'e Demokratyske fraksje yn it Hûs fan Offurdigen, dy't foar de foarferkiezings in kampanjekas fan $3,4 miljoen gearbrocht. Ocasio-Cortez wie foar him oer sterk yn it neidiel, mei in totaal kampanjebudget fan $194.000. Hast 75% fan 'e donaasjes oan har kampanje bestie út lytse jeften fan priveepersoanen, wylst sokke bydragen minder as 1% fan 'e kampanjedonaasjes fan Crowley foarmen. Mear as 99% fan syn jild kaam nammentlik fan grutte bedriuwen en organisaasjes. Ocasio-Cortez sei dêroer: "Je kinne it grutte jild eins net mei mear jild ferslaan. Je moatte se ferslaan troch in hiel oar spul te spyljen." Hja hie nea earder in keazen amt hân en har kampanjefideo begûn mei de wurden "Froulju lykas ik hearre harren eins net ferkiesber te stellen foar in publike funksje."

Crowley en Ocasio-Cortez metten inoar mar ien kear ûnder de hiele kampanje. Dat wie op 15 juny 2018, op 'e set fan it politike praatprogramma Inside City Hall, foar de lokale tillefyzje fan New York-Stêd. Dêryn waarden se om bar troch presintator Errol Louis ûnderfrege, mar giene se net mei-inoar yn diskusje. Op 18 juny, doe't der wol in debat holden waard, liet Crowley ferstek gean en stjoerde er Annabel Palma, in Demokratysk lid fan 'e gemeenteried fan New York, om syn plak yn te nimmen.

Ocasio-Cortez krige foar har kampanje stipe fan progressive organisaasjes as MoveOn, de Justice Democrats, Brand New Congress, Black Lives Matter en Democracy for America. Ek aktrise en kandidate foar it gûverneurskip fan 'e steat New York Cynthia Nixon spriek har stipe út foar Ocasio-Cortez. De sittende Demokratyske gûverneur Andrew Cuomo, de beide Demokratyske senators foar New York, Chuck Schumer en Kirsten Gillibrand, boargemaster fan New York-Stêd Bill de Blasio, 11 Demokratyske leden fan it Hûs fan Offurdigen, 31 fakbûnen, en fierders ferskate progressive organisaasjes, lykas de Sierra Club, Planned Parenthood, NARAL Pro-Choice America en Moms Demand Action for Gun Sense in America sprieken harren stipe foar Crowley út.

Alexandria Ocasio-Cortez op kampanje yn New York (augustus 2018).

By de foarferkiezings, dy't holden waarden op 26 juny 2018, stimde 57,1% fan 'e Demokratyske kiezers (15.897) op Ocasio-Cortez, tsjin 42,5% op Crowley (11.761). Polityk ferslachjouwers neamden dat de grutste ferrassing fan 'e foarferkiezings fan 2018. The New York Times omskreau it barren as "in skokkende nederlaach yn 'e foarferkiezings fan tiisdei, it wichtichste ferlies fan in Demokratysk sittend Kongreslid yn mear as tsien jier, dat wjergalmje sil troch de partij en it lân." De oerwinning fan Ocasio-Cortez wie noch ûnferwachter as men yn omtinken nimt dat Crowley achttjin kear safolle oan syn kampanje útjûn hie as sy oan harres. Wurdboekútjouwer Merriam-Webster melde dat op syn webside nei Ocasio-Cortez har oerwinning sykopdrachten nei it wurd "sosjalisme" mei 1500% tanamen. Om 23.00 oere op 'e dei fan 'e foarferkiezing hie Ocasio-Cortez noch gjin tillefoantsje hân fan Crowley om har te lokwinskjen. Se ferklearre dat troch te fertellen dat se fermoede dat er har tillefoannûmer net hie; sy hie sines yn elts gefal net. Mei dat sizzen befêstige se har eigen status as outsider. Earder dy jûns hie Crowley, in amateur-gitarist, op syn foarferkiezingsgearkomste syn ferlies tajûn en it liet Born to Run fan Bruce Springsteen spile, dat er oan Ocasio-Cortez opdroech.

Midtermynsferkiezings (2018)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't se foarôfgeande oan 'e foarferkiezings troch it meastepart fan 'e Amerikaanske media negearre wie, waard Ocasio-Cortez nei har oerwinning op Crowley oates en toates frege foar ynterviews yn tydskriften, kranten en op 'e tillefyzje. Sa wie se te gast yn praatprogramma's as The View, The Late Show with Stephen Colbert en The Daily Show with Trevor Noah. Se loek ek in protte belangstelling doe't sy en Bernie Sanders yn july 2018 yn Kansas kampanje fierden foar James Thompson. In ferkiezingsgearkomste yn Wichita moast ferpleatst wurde fan in skouboarch dêr't 'mar' 1.500 minsken yn koene, nei in grutter gebou. Uteinlik kamen der mear as 4.000 lju op ôf. Rjochtse en ektreem-rjochtse media yn 'e Feriene Steaten begûnen nei har oerwinning yn 'e Demokratyske foarferkiezing op Ocasio-Cortez ôf te jaan. Dat gie al fluch in stik fierder as ienfâldige krityk op har politike stânpunten; sa besloegen de tillefyzjestjoerder Fox News en de krante de Washington Examiner de (drege) finansjele sitewaasje fan Ocasio-Cortez har famylje mei de gek.

Yn 'e Amerikaanske midtermynsferkiezings fan 6 novimber 2018 naam Ocasio-Cortez it op tsjin 'e Republikein Anthony Pappas, in perfester ekonomy oan 'e St. John's University út Astoria (Queens). Neffens de krante de New York Post wie de kampanje fan Pappas in kwestje fan "foar it gefal dàt", mei't it 14e distrikt fan New York al sûnt minskewitten fêst yn 'e hannen fan 'e Demokraten wie en der seis kear safolle leden fan 'e Demokratyske Partij wennen as leden fan 'e Republikeinske Partij. Pappas fierde neffens de Post ek net aktyf kampanje. Ocasio-Cortez krige foar har kampanje stipe fan ferskate progressive organisaasjes en politisy, ûnder wa Crowley, senator Bernie Sanders en âld-presidint Barack Obama. Se wûn de ferkiezing mei 78% fan 'e stimmen (110.318) tsjin 14% foar Pappas (17.762). By deselde ferkiezings wûnen de Demokraten der 40 sitten yn it Hûs fan Offurdigen by, en namen dêrmei de kontrôle fan dat diel fan it Amerikaanske Kongres oer fan 'e Republikeinen.

Alexandria Ocasio-Cortez hâldt har earste taspraak foar it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen (16 jannewaris 2019).

Ocasio-Cortez wie by har oerwinning mei 28 jier de jongste frou dy't ea yn it Amerikaanske Kongres keazen is. Nei har oerwinning waard se dêrom troch de Amerikaanske rjochtse media oanfallen om har jonge leeftyd en har brekme oan ûnderfining. Yn desimber 2018 neamde Ocasio-Cortez dy behanneling seksistysk, wêrby't se it foarbyld fan Paul Ryan oanhelle, de Republikeinske foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen. Doe't dy foar it earst yn it Hûs keazen waard, wied er krekt as har 28 jier. Mar hy waard ynhelle as in jong sjeny nettsjinsteande syn (neffens Ocasio-Cortez) "min trochtochte beliedspunten", wylst sysels behannele waard mei erchtinkendheid en hún.

Yn it Hûs fan Offurdigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e earste dei fan har oriïntaasje yn it Amerikaanske Kongres naam Ocasio-Cortez diel oan in demonstraasje tsjin klimaatferoaring foar de doar fan it kantoar fan Nancy Pelosi, de liedster fan 'e Demokraten yn it Hûs fan Offurdigen. Nei't se op 3 jannewaris 2019 ynsward wie as lid fan it Hûs, stipe se lykwols wol Pelosi har kandidaatskip foar it foarsitterskip fan it Hûs, mei't Pelosi, sa sei se "noch altyd de meast progressive kandidaat foar [dy post] is." Ocasio-Cortez kaam binnen yn it Amerikaanske Kongres as in polityk 'grientsje', mar mei in macht op 'e sosjale media dy't neffens de webside Axios like grut wie as dy fan alle oare nije Demokratyske Kongresleden mei-inoar. Yn jannewaris 2019 hie se 2,5 miljoen folgers op Twitter (mear as Pelosi). Se hie ek 1,6 miljoen folgers op Instagram. Ocasio-Cortez wie ien fan 'e betinkers fan 'e Green New Deal, in ambisjeus pakket fan maatregels om klimaatferoaring tsjin te gean, dat se op 7 febrewaris 2019 yn it Hûs fan Offurdigen yntsjinne. Yn dy kontekst ûnderfûn se lykwols net inkeld wjerstân fan 'e Republikeinen, mar ek fan 'e fêstige oarder binnen de Demokratyske Partij.

Politike stânpunten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ocasio-Cortez omskriuwt harsels as in demokratysk sosjaliste. Yn 'e Feriene Steaten, dêr't 'sosjalist' eins in soarte fan skelwurd is, waarden lju mei har politike opfettings lange tiid sjoen as ekstremisten, oant Bernie Sanders de term 'sosjalist' yn 2016 alteast binnen de Demokratyske Partij salonfähig makke. Ocasio-Cortez is lid fan 'e Democratic Socialists of America (DSA), in linkse aktivistyske organisaasje mei yn 2018 37.000 leden. Se is in foarstanner fan progressive beliedspunten, lykas:

Fierders is Ocasio-Cortez in foarstanner fan 'e ôfsetting fan presidint Donald Trump, om't it in presidint fan 'e Feriene Steaten op it strangst ferbean is om persoanlik better te wurden fan it útoefenjen fan syn funksje. Trump, dy't syn eigen hotels en golfresorts brûkt foar offisjele oangelegenheden (en de Amerikaanske oerheid dêrfoar betelje lit) hat neffens har sûnder mis de wet oertrêde.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.