Springe nei ynhâld

Grykske Iepenbiering fan Ezra

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mai 2019 om 15.42 troch Holder (oerlis | bydragen) (corr using AWB)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grykske Iepenbiering fan Ezra
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 2e9e iuw

De Grykske Iepenbiering fan Ezra is in algemien as apokryf beskôge joadsk religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske preester Ezra, en is oerlevere yn mar twa Gryksktalige manuskripten. Eins is it it wurk fan in anonime skriuwer. It wurdt datearre tusken de twadde en de njoggende iuw. De tekst is swier beynfloede troch in oar apokryf geskrift, Ezra (Latyn). Boppedat binne de beide oerlevere ferzjes grutdiels op 'e nij redigearre of mooglik sels wol hielendal werskreaun troch ien of mear kristlike redakteurs, dy't de nammen fan 'e apostels Paulus en Jehannes, kening Heroades en oare nijtestamintyske personaazjes deryn befrissele hawwe. De Grykske Iepenbiering fan Ezra moat net betize wurde mei de Joadske Iepenbiering fan Ezra, wat in alternative namme is foar Ezra (Latyn).

Lykas yn in grut part fan 'e joadske apokalyptyske literatuer wurdt ek yn 'e Grykske Iepenbiering fan Ezra oan 'e haadpersoan, yn dit gefal Ezra, in fizioen toand fan 'e himel en de hel, wêrby't de bestraffings dy't de sûnders ûndergean moatte yn detail beskreaun wurde. Yn 'e himel giet Ezra mei God yn petear oer de fraach wêrom't hy (God) de minske it fermogen om te sûndigjen jûn hat. God antwurdet dat it oan 'e minsken sels leit as hja sûndigje, mei't hy harren ek frije wil jûn hat. Ezra reägearret dêrop troch te sizzen dat God likegoed de einferantwurding draacht, mei't er ek Eva en de slange en de beam mei de ferbeane fruchten skepen hie. Hy beskuldiget God derfan dat dy in rjochtfeardichheidsgefoel fan neat hat. God jout him gjin beskie, ek net as Ezra foar de sûnders yn it pleit giet. Neitiid kriget Ezra de hel te sjen, dêr't de tramtearrings de revu passearje dy't de sûnders dêr ûndergean moatte. Ek moetet er de duvel sels. Uteinlik, as Ezra útropt dat nimmen oan sokke tramtearring ûntkomme kin om't nimmen sûnder sûnde is, fertelt God him dat hy de krúsdea trochstien hat om 'e minskheid te rêden, dyjingen te ferjaan dy't yn him leauwe en de dea te ferslaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus