Aldegea (Smellingerlân)
Aldegea (Smellingerlân) | ||
PKN-tsjerke Sint-Agatha | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Smellingerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.670 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 21,18 km², wêrfan: - lân: 19,16 km² - wetter: 2,03 km² | |
Befolkingsticht. | 104 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 07' N 6° 0' E | |
Lokaasje Aldegea (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân | ||
Offisjele webside | ||
Side fan Aldegea-S. | ||
Kaart | ||
Aldegea is ien fan de 13 doarpen yn de gemeente Smellingerlân. Under it doarp falle ek de buorskippen De Geasten, De Koai, Headammen, It Utein, Opperbuorren en Sitebuorren.
Aldegea hat 1.670 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldegea is in midsiuwske doarp op in krusing fan wegen, dat boppedat oer it wetter te berikken wie. Yn de 17e en 18e iuw wie Aldegea it haadplak fan de gemeente Smellingerlân. 'It Rjochthús' oan de buorren komt út dy tiid. It is boud yn 1738 nei't it âlde rjochthús opbaarnde ûnder in grutte brân yn it doarp.
De famylje Fan Haersma spile in grutte rol yn de skiednis fan Aldegea, dy't op Haersma State east fan de Herfoarme Tsjerke wenne. Yn 1646 kocht Alle fan Haersma in stik grûn by Aldegea fan de Steaten fan Fryslân, dy't dat yn 1580 krigen hie doe't alle it kleasterbesit oan de Steaten foel. It wie oarspronklik fan it kleaster fan Smelle Ie.
Syn soan Aulus fan Haersma (1611-1669) hat Grut Haersmastate boud, de state hat oant it lêst ta famyljebesit west. Mei Hector Livius Haersma fan Vierssen, ek grytman fan Smellingerlân yn 1839, stoar de famyljeline fan Haersma út. De grûn waard yn parten ferkocht en Great Haersma waard sloopt.
Op de grins fan Aldegea/Nijegea leit oan de súdkant fan de Hege Dyk in swerfstien mei de namme Blauwe stien. De gletsjerkrassen op 'e stien waarden earder ferklearre as swurdhouwen fan de Munsterske soldaten tusken 1672-1674 (sjoch ek: Biskopsgrêven).
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Sint-Agathatsjerke (Aldegea).
De oarspronklik oan Sint-Agatha wijde doarpstsjerke datearret út 1200 en waard yn 1975 restaurearre. De tsjerke is mitsele fan dowestien en besit brânskildere ramen en wapenboerden. Yn de toer hinget nei alle gedachten de âldste liedklok fan Nederlân, getten yn ± 1200. De klok weget 760 kg en hat in trochsnit fan 99 sm.[3]
Rjochtshûs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Rechthuys (Aldegea).
Yn 'e 16e en 17e iuw spruts de grytman fan Smellingerlân tiisdeis rjocht yn Aldegea. De iene wike die er dat yn Smelle Ie, de oare wyks yn Aldegea. Sûnt 1663 einige de rjochtspraak yn Smelle Ie.
Mûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ten súdwesten fan it doarp stean twa Amerikaanske wynmotors, de Wynmotor Barfjild en de Wynmotor Aldegea. Fan de nôtmûne 'De Hoop' noardeastlik fan it doarp is de ûnderbou noch oanwêzich. Doe't dy nôtmûne boud waard stie tichteby dy mûne ien fan de lêste Fryske standermûnen. Yn 1922 waard De Hoop foar in part ôfbrutsen en sûnt is allinne de ûnderbou noch oanwêzich.
Molkfabryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids brochten en hellen skippers minsken en fracht nei en fan Ljouwert en Snits. Yn 1900 krige Aldegea in molkfabryk en krige de haven in nije funksje, de suvel moast oan- en ôffierd wurde. Yn 1966 sleat it fabryk en wie der net folle drokte mear yn de haven, nammerste mear omdat hast alle ferkear dêrnei oer de wei gie. De grifformearde tsjerke hat it molkfabryk doe kocht en noch in skoft brûkt foar aktiviteiten, mar nei 't de tsjerke in oar gebou kocht slagge it net mear om de begrutting slutend te krijen. In plan om it fabryk te ferbouwen yn wentes gyng net troch en lang om let hat de gemeente Smellingerlân it gebou kocht en yn 2020 opdracht jûn om it ôf te brekken.[4]
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doarpskrante hjit 'De Bakbrogge', neffens de skelnamme fan Aldegeasters. De bewenners krigen de skelnamme troch in boer dy't rjochting Earnewâld in stik lân hie. It wie net mear as ûnlân dêr't er neat mei die, mar de bakker fan it doarp hie wat jild oer en wol nocht oan dy grûn. Hy mocht it oernimme ûnder betingst dat de bakker alle wiken de boer in roggebrea en in pak bakken levere, sadat er alle dagen bakbrogge ite koe.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Agathatsjerke (PKN)
- It Ljochtbeaken (PKN)
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Prot.-kristlike gearwurkingsskoalle De Diamant.[5]
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
(De list is yn 2023 bywurke. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2009 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.588 | 1.505 | 1.469 | 1.409 | 1.405 | 1.690 | 1.675 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 1.706 | 1.676 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Arent Arnoldus fan Haersma (1645-1709), grytman
- Rinse Meilsma (±1660-1721), teolooch
- Hector Livius Haersma fan Vierssen (1790-1839), grytman
- Philippus van Blom (1824-1910), politikus
- Pieter Mudstra (1901-1990), amateur-archeolooch
- Albert Mulder (1921-2011), publisist
- Herman Heida (1953), dichter en oersetter
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iepenloftspullen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toanielferiening Op 'e Nij Bigoun fan Aldegea hat yn 1997, by it fyftichjierrich bestean, in iepenloftspul opfierd oer de grytman fan Smellingerlân Livius fan Haersma, mei de titel 'Livius'. Tsien jier letter folge in twadde iepenloftspul 'Hector' oer syn styfsoan Hector Livius fan Haersma (1737-1820) en yn 2019 'De Riedselman fan Aldegea'.
Haven, rekréaasjegebiet en nije mar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren 1970 waard by de âlde haven in rekréaasjehaven oanlein, dy't yn 2003 útdjippe waard.
Om Aldegea oantrekliker te meitsjen foar it toerisme wurdt yn it ramt fan 'Wetterfront Aldega' súdlik fan it doarp in rekréaasjegebiet oanlein. De haven wurdt grutter makke en der komt in strân mei in wettergebiet. Ek sille der nije wentes boud wurde.
As ûnderdiel fan 'Aldegea oan it Wetter' waard der ein 2022 súdliker fan it rekréaasjegebiet útein set mei de oanlis fan in grutte mar mei seis eilannen.[6][7]
Strjitten yn Aldegea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Aldegea (Smellingerlân).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Smellingerlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachten • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren | ||
· · |