Philippus van Blom

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Philippus van Blom

Philippus van Blom (Aldegea, 16 augustus 1824 - De Haach, 13 april 1910) wie in jurist, politikus en skriuwer.

Philippus wie in soan fan Jan Gelinde van Blom, notaris te Drachten. Van Blom wie advokaat en presidint fan de rjochtbank op It Hearrenfean fan 1886 oant 1901; lid fan de Hege Ried; skoalopsjenner fyfde distrikt (1865-1880); liberaal lid fan de Twadde Keamer (1865/67 en 1880-1886); lid Provinsjale Steaten fan Fryslân (1871-1886); lid fan it Frysk Genoatskip, it Frysk Selskip en fan de Staveringskommisje-1876.

Van Blom skreau juridyske en histoaryske artikelen, Fryske gedichten en in Beknopte Friesche Spraakkunst (1889). teffens wie er meiwurker oan it Frysk Wurdboek.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De alde fryske wetten oer de sédiken in 't liacht der skiednis beskôge (1863)
  • Beknopte Friesche spraakkunst voor den tegenwoordigen tijd (1889)
  • Bijdrage tot de Geschiedenis van Oud-Friesland vóór het jaar 1000 (1899)
  • Ferskate publikaasjes oer de Fryske (rjochts)skiednis, ûnder mear yn de Friese Volksalmanak
  • Bydragen oan it Friesch Woordenboek

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Blom, Philippus van.