Springe nei ynhâld

Rechthuys (Aldegea)

Ut Wikipedy
It Rjochthûs, 2009

It Rechthuys yn Aldegea is in earder rjochthûs yn de buorren fan Aldegea yn Smellingerlân. It pân wurdt noch bewenne.

Yn 1738 litte Eabeltsje Meinderts en har man Foocke Wytzes, in masterbrouwer út Drachten, in nij rjochthûs bouwe, no ien fan de wichtichste ryksmonuminten fan Smellingerlân. E(abeltje) M(einderts) en F(oocke) W(ytzes) litte harren inisjalen, tegearre mei de blyndoeke 'Frouwe Justysje' mei swurd en waachskaal, yn de gevelstien beitelje.
Yn 1756 erft Wytze Alles (in omkesizzer fan Foocke Wytzes) it rjochthûs. Nei syn dea wurdt syn dochter Ibeltje eigenaresse fan it pân.

Ein 16e iuw giet it bestjoerssintrum fan Smellingerlân fan Smelle Ie nei Aldegea. De rjochtssittings wiene oant 1663 op tiisdei; de iene kear yn Smelle Ie en de oare wike yn Aldegea. Dêrnei wurdt de gritenij út Aldegea wei bestjoerd.[1] Nei in sântal jierren yn De Pein (1816-1823) giet de sit fan de gritenijrie úteinlik nei Drachten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Smelne's Erfskip