Springe nei ynhâld

Arent fan Haersma (1645-1709)

Ut Wikipedy
Portret fan Arent fan Haersma troch Aleijda Wolfsen út 1686

Arent Arnoldus fan Haersma (Aldegea, 1645- dêre, 1709)[1], wie grytman fan Smellingerlân.

Hy is de soan fan Aulus fan Haersma (1611-1669) en Catharina fan Scheltinga. Hy folge syn heit op yn meardere betrekkingen en amten. Troude op 2 oktober 1664 yn Goutum mei Aurelia fan Glinstra (* 1645 - Aldegea 1707, dochter fan Eelco en Lucia fan Bouricius). Se hienen fiif bern, dêr't Hector Livius fan Haersma (1673-1720) ien fan wie.

Neist it grytmanskip beklaaide Fan Haersma in tal oare amten. Sa wie er kommittearre fan de Admiraliteit op de Maze, lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân en kommittearre yn de Ried fan Steat. Yn 1694 die Fan Haersma ôfstân fan it amt fan grytman foar syn soan Aulus.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Maandblad Ned. Leeuw XLI, 9 en 10.
  • NNBW
  1. Mear as ien stambeammen op ynternet