Springe nei ynhâld

Aulus fan Haersma (1611-1669)

Ut Wikipedy

Aulus fan Haersma (?, 1611 - Aldegea, 18 juny 1669) wie grytman fan Smellingerlân tusken 1637 - 1660.

Soan fan Arent Eerckes fan Haersma en Hylke fan Harckema Aulusdochter (* 1611). Troude op 12 febrewaris 1637 mei Catharina fan Scheltinga († Aldegea, 29 septimber 1652). Catharina wie de dochter fan Mr. Livius en Anna de Blocq. Se hienen fiif bern, wêrfan Arent fan Haersma (1645-1709) de âldste wie.

Wie neist grytman ek folmachtige op de lândei en deputearre fan Fryslân. Ek wied er kommitearre fan der provinsjale rekkenkeamer, lid fan de ried fan de admiraliteit op de Maas, kommissaris by de synoade op It Hearrenfean en Dokkum.

Stoar op Heremastate yn Aldegea (Smellingerlân) en waard dêr te hôf brocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Maandblad Ned. Leeuw XLI, 9 en 10.
  • NNBW