Herman Heida
Appearance
Herman Heida (Aldegea, 1 febrewaris 1953) stie foar it Ynskedeeske dichterskollektyf fan J. Heymans en Goaitsen van der Vliet. De skûlnamme is opboud út Goaitsen syn twadde foarnamme en in Fryske achternamme dy't op "Heymans" liket.
Herman Heida publisearre yn de jierren 1979-1983 gedichten, oersettings en skôgings yn it Frysk literêr tydskrift Trotwaer en letter gedichten yn Hjir.
It fers Skieding waard yn 1980 útbrocht as plakette mei in tekening fan Fedde Spoel.