Springe nei ynhâld

Hector Livius fan Haersma (1737-1820)

Ut Wikipedy

Hector Livius fan Haersma (Jelsum, 8 desimber 1737 - Aldegea, 15 jannewaris 1820) wie in Fryske grytman.

Fan Haersma wie in soan fan Eelco fan Haersma en Johanna Maria Saackma fan Wijckel. Hector syn mem boaske fannijs yn 1758 mei har sweager Livius fan Haersma, grytman fan Smellingerlân. Hy troude sels mei Catharina de Blocq van Scheltinga (1737-1813); sy krigen twa dochters.

Yn 1742 lei Hector Livius fan Haersma de earste stien foar de Grutte Tsjerke fan Drachten. Hy waard yn 1757 sekretaris fan de gritenij Smellingerlân. Yn 1770 folge er syn omke en styfheit Livius van Haersma op as grytman. Hy hearde ta de oranzjisten en waard dêrom yn 1795 ôfset. Hy soe terjochtsteld wurde, mar waard rêden troch de ynfal fan de Frânsen. Yn 1805 waard er oansteld as drost fan Smellingerlân, Opsterlân en Eaststellingwerf. Yn 1810 waard er baljuw fan deselde krite (Smellingerlân en Opsterlân).

Nei de Frânske tiid waard syn pakesizzer Hector Livius Haersma fan Vierssen grytman yn Smellingerlân. Fan Haersma ferstoar yn de âldens fan 82 jier op Grut-Haersmastate.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: