Springe nei ynhâld

Grut-Haersmastate

Ut Wikipedy
Grut Haersmastate
Grut Haersmastate (tekening fan Sjoerd Bonga)

Grut-Haersmastate wie in state yn Aldegea dy't tusken 1660 en 1666 bouwe litten waard troch Aulus fan Haersma (1611-1669). Dat geslacht út Eastermar stoar út mei it ferstjerren fan Sybrand fan Haersma, grytman fan Achtkarspelen, yn 1839.

Grut Haersma lei súdwest fan it doarp. Der is neat mear fan werom te finen. De 17e-iuwske state hie in heech sealtek tusken trepgevels. De brede foargevel hie oan beide kanten fan de foardoar pilasters en trije grutte ruten. Oan de efterkant stie in skuorre mei bygebouwen. Om it grutte hiem rûn in grêft mei singels.

Aulus fan Haersma, grytman fan Smellingerlân, kocht yn 1646 in sate mei lannen yn Aldegea. De pleats, earder yn it besit fan it Benediktiner nonnekleaster yn Smelle Ie, krige de namme Haersma State. Dy state stie beëasten de herfoarme tsjerke. Om 1665 liet Van Haersma foar syn soan in nije state bouwe oan de Skeane Heawei, dy't de namme Grut Haersma State krige. Grut Haersma bleau yn besit fan dizze family en waard dêrmei feitlik de amtswenning fan de grytmannen fan Smellingerlân.

Yn froulike line fererve de state yn de 19e iuw yn de family Van Vierssen. Grytman Hector Livius Haersma van Vierssen wenne der oant syn ferstjerren yn 1839. Yn 1841 waard besluten ta ferkeap fan de state en it byhearrende lân. De state waard ôfbrutsen, dielen derfan waarden brûkt troch Martinus Manger Cats foar de bou fan Haersma State yn Drachten. It lân waard yn acht dielen ferkocht.