Martinus Manger Cats

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Martinus Manger cats

Martinus Manger Cats, (Ljouwert, 24 augustus 1817 - dêre, 12 novimber 1896), wie grytman (1842-1854) en letter boargemaster (1854-1857) fan Smellingerlân.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Manger Cats waard berne as soan fan Samuel Hendrik Cats, belestingûntfanger, en Catharina van Vierssen. By Keninklik Beslút fan 16 april 1829, nr 40, waard de efternamme Cats foar heit Samuel en syn neisieten feroare yn Manger Cats. Hy troude yn 1840 mei Sara Susanna Bienema (1815-1903).

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Manger Cats waard yn 1842 grytman fan Smellingerlân. Yn 1843 waard er de earste bewenner fan Haersma State oan de Stasjonswei yn Drachten. Yn syn plak waard syn broer Epeus yn 1857 boargemaster. Martinus hie de bynamme 'de swarte Cats', syn broer Epeus waard 'de wite Cats' neamd.[1] it Manger Catsperk yn Drachten is nei beide bruorren neamd.

Manger Cats wie ek lid fan Provinsjale Steaten, dêr't er om redenen fan sûnens mei ophâlde moast. Yn 1856 fêstige hy him yn Ljouwert, dêr't er yn in soad bestjoerskolleezjes siet. Sa wie er ûnderfoarsitter fan de kommisje fan administraasje oer de finzenissen, fâd en rintmaster fan it Nieuw Stads Weeshuis yn Ljouwert en foarsitter fan de milysjeried.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Siebenga, S. (2009) "Grêfstiennen op in boerehiem" un Horizon. Burgum: Stichting Streekmuseum - Volkssterrenwacht Burgum