Gnostyske Iepenbiering fan Petrus
Gnostyske Iepenbiering fan Petrus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw |
De Gnostyske Iepenbiering fan Petrus (dy't net betize wurde moat mei de Iepenbiering fan Petrus) is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift út 'e twadde iuw ûnder de namme fan 'e apostel Petrus, dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. Mei't it op dy wize iennichst oerlevere manuskript yn it Koptysk skreaun is, stiet dizze tekst ek wol bekend as de Koptyske Iepenbiering fan Petrus, hoewol't de saakkundigen it deroer binne dat de Koptyske ferzje in oersetting is út it oarspronklike Gryksk, sadat dat in wat misliedende namme is.
De Gnostyske Iepenbiering fan Petrus is in tige gnostyske tekst, dy't leart dat it libben in straf is en it lichem in tichthûs. Sadwaande wurdt de krusiging fan Jezus Kristus bygelyks foarsteld mei in laitsjende Jezus, om't hy ommers op it punt stiet om befrijd te wurden út syn finzenskip. Ek warskôget er de lju tsjin minsken dy't "fêsthâlde oan 'e namme fan in deade, mei't se tinke dat se dêrtroch hillich wurde sille." De Gnostyske Iepenbiering fan Petrus fertoant fierders opfallende parallellen mei it Twadde Traktaat fan de Grutte Set, en liket sadwaande in dosetistyske kristology út te dragen, wêrby't de weropstanning fan Jezus út 'e dea inkeld in weropstanning fan 'e geast is (en net ek fan it lichem, sa't de otterdokse tsjerkelear hawwe wol).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |