De Skatspelonk
De Skatspelonk | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldsyrysk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 6e iuw |
De Skatspelonk is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It geskrift waard tradisjoneel taskreaun oan 'e Syryske tsjerkfaar Efrem de Syriër (306-373), mar tsjintwurdich is men fan tinken dat it pseudepigrafysk is en dat it wierskynlik yn 'e sechsde iuw datearre wurde moat. It is lykwols foar 't neist skreaun (of letter redigearre wurden) troch immen dy't ta de skoalle fan Efrem de Syriër hearde, en de skriuwer wie sûnder mis in Syriër dy't yn Mesopotaamje libbe.
De Skatspelonk wie oarspronklik skreaun yn it Syrysk, mar njonken de Syryske ferzje is der ek in oersetting yn it Arabysk bewarre bleaun. Boppedat komme grutte stikken fan 'e tekst frijwol wurd foar wurd oerien mei it Skeel fan Adam en Eva mei Satan, dat yn it Ge'ez, de deade tsjerketaal fan Etioopje, oerlevere is. Mei't dat geskrift âlder is as De Skatspelonk, moat de skriuwer fan De Skatspelonk him fierhinne op it Skeel of in mienskiplike boarne mei it Skeel basearre hawwe. De Skatspelonk behannelet de skiednis fan 'e minske, fan Adam ôf oer in perioade fan 5.500 jier oan Jezus ta. It doel liket fierhinne west te hawwen om mei sibbekundige opsommings oan te toanen hoe't Jezus fan Adam ôfstamme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|