Springe nei ynhâld

Blijham

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 aug 2020 om 10.49 troch PieterJanR (oerlis | bydragen) (Link gelijk aan linktext)
Blijham
Lokaasje Blijham yn eardere gemeente Bellingwedde
Lokaasje Blijham yn eardere gemeente Bellingwedde
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 170 (2009)
Oar
Postkoade 9697
Koördinaten 53° 6' NB, 7° 5' EL
Blijham op in topografyske kaart út 1933
Tsjerke fan Blijham
Eardere tramstasjon

Blijham is in doarp yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. Yn 2019 hie it doarp 2.640 ynwenners. It wie ynearsten in agrarysk doarp, mar it hat himsels de lêste tsientallen jierren as in forinzedoarp, benammen fan Wynskoat, ûntjûn. Yn it gea foarmet Blijham de grins fan it lytsskalige Westerwâlde, mei kringeljende rivierkes yn lytse beboske plakken oan de iene kant, en it poldergea mei grutskalige lânbou fan it Reiderlân en it Aldamt oan de oare kant. Blijham leit op in sânrêch dy't de foarm fan in hoefizer hat, en dy't fan it doarp ôf oer Wedde en Vriescheloo nei Bellingwolde rint.

Namme

It is net wis wêr't de namme Blijham weikomt. It doarpsgebiet foel mooglik earst ûnder Wynskoat of ûnder Sint-Fitusholt (Suderfean). De doarpskearn op de feanrâne by de Molenhorn hiet yn de achttjinde iuw Winsel. Dy namme is mooglik, kreksa as by Wynskoat en Wymeer, ôflaat fan de Germaanske stamme winithi-, dat "greidelân" of "miede" betsjut, taheake mei de Aldfryske -ele dat op in wetterrin ferwiist.

De namme Blyham kaam foar it earst yn 1482 foar, doe't Hayo Addinga in ferdrach sleat mei de stêd Grins, dêr't sprutsen waard oer de takomst fan Bellingwolde en Blijham. Yn 1498 waard it doarp Bleichamme neamd. It wurd blij ferwiist nei "dridze", "modder", en -ham betsjut "hoeke", "lântonge", "finne" en waard benammen brûkt foar leech lizzend klaailân.

Skiednis

Blijham wie oarspronklik in feanterijdoarp. It ûntstie nei alle gedachten as in dochterdelsetting fan Ulsda, dat tusken de Pekel A en de Westerwâldske Aa leit. Cornelis Pijnacker tekene dêr yn 1636 op syn kaart de rin fan de Oude Recker Aa. It lânguod by de Pekel A del hearden earst by Wynskoat. Blijham en Bellingwolde foarmen tegearre de súdlike râne fan de âlde Fryske goa it Reiderlân, en waarden nei it ynbrekken fan de Doalert in part fan de hearlikheid Bellingwolde en Blijham cum annexis en waarden by Westerwâlde foege. De hearlikheid hie syn eigen rjochtsregels, in eigen rjochtshûs, en in eigen lânrjochter. Oant de Reduksje fan Grins yn 1594 foel it tsjerklik sjoen ûnder it Bisdom Osnabrück, dêrnei ûnder de herfoarme klassis Aldamt.

It doarp moast troch de úttynjende Doalert stikmannige kearen nei hegere grûn ferhûzje, dêr't de tsjerke en de huzen ferpleatst waarden nei de râne fan it heechfean. Neffens in oerlevering út de sechtjinde iuw wie yn 1418 it tijferskil yn Wynskoat en Blijham te sjen. It krúshearekleaster fan Ter Apel wist lapen grûn yn de omkriten te bedijen. De rânefeandelsetting by de Westerwâldske Aa, en faaks de Pekel A, waarden yn 1470 den Vorwolt neamd, en letter hiet dat gebiet Voorwold. Bûten it doarp lei de wierde De Heemen, Pielzheem of Pijls heerdt, mei fjouwer pleatsen dy't ta de tsjerke fan Wynskoat hearden. Kreksa as dy fan Wynskoat hearden se faaks by de Abdij fan Corvey. De namme, dêr't it Aldfryske pisel "keamer" betsjut, ferwiist faaks nei fan in Midsiuwske stins en it wie mooglik ien fan de plakken dêr't mei it oanmeitsjen fan it fean úteinsetten waard. It lânregister fan 1636 neamt in stins Camp yn Westeind.

Blijham wie in woltierich doarp dat yn 1567 49 huzen hie. Yn de sechtjinde iuw waard úteinsetten mei it bedykjen fan 'e opslike lân; de Binnenlanden (om 1525 hinne), Tusschendijken (1544) en Nijland (1562). De Uterdiken waarden yn 1657 foargoed bedike. De measte pleatsen ferhuzen nei de sechtjinde iuw werom nei de polders.

Twa kearnen

It doarp bestie ynearsten út twa kearnen mei ferskiljende karakters. De noardlike kearn, Kerkhorn, dat oan de dyk nei Bellingwolde leit, bestiet út grutskalige klassisistyske en Aldamtster pleatsen. De oare kearn, Molenhorn bestie út lytsskaligere bebouwing. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de romte tusken de twa kearnen stadichoan beboud.

Monuminten

Ferfier

Blijham leit oan de N368 fan Wynskoat nei Ter Apel en oan de N969, dy't nei de grinsoergong Rhederbrug rint en fan dêrwei kin de Dútske A31 berikt wurde.


Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
· · Berjocht bewurkje