1921
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1921 MCMXXI |
Ab urbe condita | 2674 |
Armeenske kalinder | 1370 ԹՎ ՌՅՀ |
Etiopyske kalinder | 1913 – 1914 |
Hebriuwske kalinder | 5681 – 5682 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1976 – 1977 |
- Shaka Samvat | 1843 – 1844 |
- Kali Yuga | 5022 – 5023 |
Iraanske kalinder | 1299 – 1300 |
Islamityske kalinder | 1340 – 1340 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4617 – 4618 丁申 – 戊酉 |
1921 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1921.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 25 febrewaris - Georgje wurdt ferovere troch it Reade Leger en wurdt diel fan 'e Sovjet-Uny. Ein fan 'e Demokratyske Republyk Georgje.
- 8 maart - Frankryk stjoert troepen om 'e Dútske stêd Düsseldorf te besetten en dêrmei Dútslân te twingen om 'e ferplichtings fan it Ferdrach fan Versailles nei te kommen.
- 7-17 maart - De Opstân fan Kronsjtadt, ûnder matroazen fan 'e Russyske marine, wurdt mei grou geweld troch it kommunistyske bewâld delslein.
- 17 maart - Yn Ruslân kundiget de kommunistyske regearingslieder Vladimir Lenin de ynfiering fan 'e Nije Ekonomyske Polityk oan, wêrby't de drastyske kommunistyske maatregels dy't de ôfrûne jierren nommen binne op it mêd fan 'e ekonomy foar in part weromdraaid wurde.
- 18 maart - Ein fan 'e Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch. Poalen en Ruslân slute de Frede fan Riga.
- 20 maart - By it Oppersilezysk Selsbeskikkingsreferindum kiest 60% fan de befolking derfoar om diel fan Dútslân te bliuwen (en tsjin oansluting by Poalen).
- 7 april - Sun Yat-sen wurdt oansteld as presidint fan 'e Republyk Sina.
- 23 april - Roemeenje en Tsjechoslowakije slute in militêr bûnsgenoatskip.
- 3 maaie - Yn Opper-Sileezje brekt ûnder de Poalske minderheid in anty-Dútske opstân út.
- 21 maaie - Yn 'e Slach by Annaberg, yn 'e neite fan Oppeln (Poalsk: Opole) wurde de Poalske opstannelingen yn Opper-Sileezje ferslein troch Dútske frijkorpsen.
- 31 maaie-1 juny - By de rasse-opskuor fan Tulsa komme yn Tulsa (Oklahoma) 100 oant 300 minsken om it libben en wurde mear as 35 stedsblokken ferwoastge as in breinroere rasistyske blanke kliber de swarte stedsbuert Greenwood oanfalt.
- 7 juny - It sluten fan in militêr bystânsferdrach tusken Roemeenje en Joegoslaavje makket in nij militêr bûnsgenoatskip tusken dy beide lannen en Tsjechoslowakije kompleet. It bûnsgenoatskip kriget de namme de Lytse Entânte.
- 11 juny - Brazylje fiert it frouljuskiesrjocht yn.
- 1 july - By de Slach om Annual bringt de Berberske lieder Abd el-Krim de Spanjerts in swiere nederlaach ta, wêrby't sa'n 8.000 Spaanske soldaten sneuvelje. By de dêropfolgjende ôftocht fan 'e Spaanske troepen út it Rifberchtme komme nochris 5.000 man om.
- 22 july - De Britske premier David Lloyd George en de Ierske opstannelingelieder Éamon de Valera slute in wapenstilstân. Ein fan 'e Ierske Unôfhinklikheidsoarloch.
- 23 july - Faisal I wurdt kroane ta kening fan Irak.
- 23 july - Yn Sjanghai wurdt de Kommunistyske Partij fan Sina oprjochte.
- 29 july - Adolf Hitler wurdt foarsitter fan de NSDAP.
- 2 augustus - De Russyske kommunistyske foaroanman Vladimir Lenin freget de wrâldmienskip om help fanwegen de jammerdearlike hongersneed yn it streamgebiet fan 'e Wolga.
- 14 augustus - Tannû-Tûva wurdt ûnôfhinklik fan Sina.
- 15 augustus - Yn Novosibirsk, yn Sibearje, wurdt de 'Wite Baron' terjochtsteld: de Wite kriichshear Roman von Ungern-Sternberg, dy't fan jannewaris oant en mei july in wier skrikbewâld fierd hat yn Mongoalje.
- 25 augustus - De Feriene Steaten slute frede mei Dútslân.
- 20 oktober - Ein fan 'e Frânsk-Turkske Oarloch. De Frânsen jouwe harren koloniale oanspraken op Silysje en Opper-Mesopotaamje op.
- 2 novimber - Mei de Ynname fan Haïl foltôget Abdûlazyz ibn Saûd, de emir fan 'e Nêzjd út it Hûs fan Saûd, de ferovering fan it Emiraat Djebel Sjammar, de sit fan it rivalisearjende Hûs fan Rasjiid.
- 9 novimber - Yn 'e Italjaanske haadstêd Rome rjochtet Benito Mussolini de Nasjonale Faksistyske Partij op.
- 14 novimber - It Hûs Habsburch wurdt troch it Hongaarske parlemint definityf ferfallen ferklearre fan 'e Hongaarske troan.
- 6 desimber - De regearings fan it Feriene Keninkryk en Ierlân slute it Britsk-Iersk Ferdrach, wêrmei't definityf in ein komt oan 'e Ierske Unôfhinklikheidsoarloch. Der sil in Ierske Frijsteat oprjochte wurde dy't dominionstatus krije sil binnen it Britske Ryk.
- 14 desimber - By in selsbeskikkingsreferindum sprekt de befolking fan 'e stêd Ödenburg (Hongaarsk: Sopron), dy't súdeastlik fan Wenen leit, him út foar oansluting by Hongarije.
- sûnder datum - De Nobelpriis foar de Natuerkunde wurdt takend oan Albert Einstein.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 5 - gruthartoch Jan fan Lúksemboarch
- 7 - Jules Schelvis, Nederlânsk oerlibbene fan sân konsintraasjekampen († 2016)
- 23 - Marija Gimbutas, Litousk archeologe en antropologe († 1994)
- febrewaris
- 11 - Lloyd Bentsen, Amerikaansk politikus († 2006)
- 15 - Jan Pen, Frysk ekonoom († 2010)
- 21 - John Rawls, Amerikaansk filosoof († 2002)
- 25 - Henk Scheltes, Nederlânske sjoernalist en kryptograaf († 1987)
- 25 - Geale de Vries, Frysk ûnderwizer en radiopresintator († 2011)
- maart
- 7 - Nel van der Zee, Flaamsk auteur († 2016)
- 14 - Lis Hartel, Deensk dressuerruter († 2009)
- 19 - Tommy Cooper, Welsk komyk en yllusjonist († 1984)
- 23 - Bargil Pixner, Italjaansk archeolooch († 2002)
- april
- 2 - Tiny Mulder, Frysk skriuwster, sjoernaliste en fersetsstrider († 2010)
- 15 - Jan Bens, Nederlânsk fuotbaltrener († 2012)
- 16 - Romke Kalma, Frysk konsert-, opera en oratoariumsjonger († 2007)
- 25 - Karel Appel, Nederlânsk skilder en byldhouwer († 2006)
- 27 - Feike Boschma, Nederlânsk akteur en teätermakker († 2014)
- maaie
- 3 - Hans de Jong, Frysk waarman († 2010)
- 12 - Ton van Duinhoven, Nederlânsk sjoernalist, akteur en tekstskriuwer († 2010)
- 19 - Karel van het Reve, Nederlânsk letterkundige en skriuwer († 1999)
- 21 - Andrej Sacharov, Russysk atoomlearde en dissidint († 1989)
- 22 - Sjoerd Andringa, Frysk keunstner († 2017)
- 27 - Joop Bakker, Frysk politikus († 2003)
- 30 - Jamie Uys, Súdafrikaansk filmregisseur († 1996)
- juny
- 9 - Dieuwke Weening-Meijer, Frysk skriuwster ((† 1990)
- 10 - Teddy Schaank, Nederlânsk aktrise († 1988)
- 10 - prins Philip Mountbatten, hartoch fan Edinburgh, Britsk prins-gemaal († 2021)
- 12 - Johan Witteveen, Nederlânsk ekonoom en politikus († 2019)
- 17 - Burnu Acquanetta, Amerikaansk aktrise († 2004)
- 21 - Jane Russell, Amerikaansk aktrise en sekssymboal († 2011)
- 22 - Alwine de Vos van Steenwijk, Nederlânsk diplomate († 2012)
- 26 - Jan Willem Bezemer, Nederlânsk heechlearaar Russyske skiednis († 2000)
- july
- 6 - Nancy Reagan, Amerikaansk presidintsfrou († 2016)
- 18 - John Glenn, Amerikaansk astronaut en politikus († 2016)
- 19 - Frans Haarsma, Frysk preester, teolooch en heechlearaar († 2009)
- augustus
- 8 - Esther Williams, Amerikaansk aktrise en swimster († 2013)
- 19 - Gene Roddenberry, Amerikaansk tillefyzjeprodusint, betinker fan Star Trek († 1991)
- septimber
- 17 - Teade Kingma, Frysk fersetsman († 2011)
- 21 - Piet Ekel, Nederlânsk akteur († 2012)
- 25 - Albert Mulder, Frysk samler en beskriuwer fan âld ark († 2011)
- 27 - Heinrich Boere, Dútsk-Nederlânsk kriichs-misdiediger († 2013)
- 30 - Deborah Kerr, Skotsk aktrise († 2007)
- 30 - Jentsje Popma, Frysk byldzjend keunstner († 2022)
- oktober
- 19 - Ritske Numan, Frysk sjonger († 2004)
- 21 - Ingrid van Houten-Groeneveld, Nederlânsk astronome († 2015)
- desimber
- 1 - Ruurd Klazes Bakker, Frysk politikus († 2001)
- 3 - Hans G. Kresse, Nederlânsk striptekener († 1992)
- 15 - Anne van der Mark, Frysk komponist en dichter († 1993)
- 17 - Jan de Jong, Frysk oersetter († 2006)
- 29 - Netty Rosenfeld, Nederlânsk programmamakster en nijslêzer († 2001)
- datum ûnbekend
- Jan de Jong, Frysk oersetter
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 17 jannewaris - Sybrandus Johannes Fockema Andreae, Frysk rjochtsgelearde en heechlearaar (* 1844)
- 8 febrewaris - Peter Kropotkin, Russysk anargist (* 1842)
- 17 febrewaris - Klaas Folkerts Post, Frysk keatser (* 1843)
- 2 augustus - Enrico Caruso, Italjaansk sjonger (* 1873)
- 7 augustus - Aleksander Blok, Russysk dichter (* 1880)
- 27 septimber - Engelbert Humperdinck, Dútsk komponist (* 1854)
- datum ûnbekend
- Edmond Guerrier, Amerikaansk keapman en tolk (* 1840)
Jierren: | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|