Feike Boschma
Feike Boschma | ||
akteur | ||
Feike Boschma, teatermakker | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 27 april 1921 | |
berteplak | Ysbrechtum | |
stoarn | 13 novimber 2014 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1947-2014 |
Feike Boschma (Ysbrechtum, 27 april 1921 - Amsterdam, 13 novimber 2014) wie in Nederlânsk akteur en teätermakker.
Hy ûntwikkele yn de Twadde Wrâldkriich syn marionettespul en debutearre as poppespiler by Wim Sonneveld yn 1947. Dêrnei wurke er mei útienrinnende keunstners sa as dûnseres Cilli Wang, byldzjend keunstner Peter Struycken, (hân)poppespiler Jan Nelissen, (mime)akteur Rob van Houten en sjonger/akteur Guy Sonnen. De perioade Funhouse mei Rob van Houten wie tige suksesfol. Hja makken absurdyske teäter, harren gearwurking sette útein ein jierren sechtich en mear as tritich jierren waard geregeld optreden. Feike Boschma makke ek in útstapke nei Grikelân dêr't syn teäter foarstelling A romance in many dimentions troch it publyk goed ûntfongen waard.
Yn it seizoen 2006/2007 spile Feike Boschma mei yn in muzykteäterfoarstelling oer de dichters Heinrich Heine en Aleksander Poesjkin.
As earbetoan oan Feike Boschma syn pionierwurk as poppespiler is yn Amsterdam yn 2009 it 'Feike Huis' oprjochte, in briedplak foar nije generaasjes poppespilers. It hûs is ûnderdiel fan it Ostadeteäter.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Heine Hände Pistolen Poesjkin
- "Een uur Ischa", 10 oktober 1989 (VPRO Radio) - Ischa Meijer yn petear mei Feike Boschma. (It ynterview begjint op 49:47:00.)
- Feike Boschma