Hans de Jong

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Johannes Jan George (Hans) de Jong (Koartsweagen, 3 maaie 1921 - De Gerdyk, 31 desimber 2010) wie in Frysk waarman. Mei syn frou Anneke hie er twa dochters; Marita en Karin, dy't beiden yn 2000 ferstoaren by in ferkearsûngemak.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong wie ûnderwizer en begûn yn 1960 syn karriêre as waarman fan de Friese Koerier, dy't letter opgie yn de Ljouwerter Krante. Al yn de oarlochsjierren sammelet hy waarynformaasje út syn belangstelling foar meteorology wei. Yn 1949 wurdt hy oansteld as reinwaarnimmer foar it KNMI en yn 1960 ferlit er it ûnderwiis. Hy waard lanlik bekend troch syn waarpraatsje foar de NCRV en de Wrâldomrop. Hy sluet altiten syn waarberjocht ôf mei: “Hans de Jong hier en nu Gorredijk”. Nei in waarrubryk yn ‘De Woudklank’ folgen al gau de blêden ‘Heerenveense Koerier’ en letter ‘De Waarheid’ en it ‘Vrije Volk’. Ek de ‘Leeuwarder Courant’, it ‘Friesch Dagblad’ en it deiblêd ‘Trouw’ (sûnt 1964) publisearren it waarberjocht fan Hans. Tegearre mei de yn 1992 ferstoarne waarman Jan Pelleboer lei hy de basis foar de popularisearring fan de meteorology yn Nederlân en joech hy in grutte ympuls oan de amateurmeteorology yn Nederlân. De Jong wie yn 1974 tegearre mei Pelleboer ien fan de inisjatyfnimmers fan de Feriening foar Waarkunde en Klimatology, de organisaasje fan waaramateurs.

Oan it begjin fan de telefyzje hat De Jong in skoft telefyzjeresinsint west, en oant 2008 hat er alle wiken de rubryk "In praetsje by in plaetsje" yn de Gerdykster streekkrante De Woudklank fersoarge, om-ende-by 1500 ôfleveringen oer de skiednis fan it eigen gea. Syn argyf oer De Gerdyk foarme dêrfoar de basis.

Yn 1942 kaam er foar it ljocht mei it klandestine jazzorkest The Snake Charmers. De band hat noch oant nei de oarloch bestien en hie yn de befrijingsdagen wakker súkses by de Kanadezen. Bandlid Anne Wadman eksperimintearre foarsichtich mei Fryske teksten op har swingend repertoire.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: