Ingrid van Houten-Groeneveld

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Dr. Ingrid van Houten-Groeneveld (2007)

Ingrid van Houten-Groeneveld (Berlyn, 21 oktober 1921Oegstgeest, 30 maart 2015) wie in Nederlânske astronome.

Mei har man Kees van Houten en Tom Gehrels is se bekend as de ûntdekker fan 4000 oant 6000 nije planetoïden yn it sinnestelsel yn de jierren '50, 60 en 70.[1][2] Gjin inkelde oare astronoom yn de wrâld hat ea eigenhandich safolle planetoïden ûntdutsen.[3]. De Belgyske stjerrekundige Eric W. Elst komt mei 3.861 nûmere ûntdekkingen op 5 jannewaris 2015 dêr noch it tichst by.

Van Houten-Groeneveld die har wichtichste wurk út de Stjerrewacht Leien wei. Dêr bestudearre hja foto’s dy't Gehrels makke hie yn it Palomar-observatoarium by San Diego (Kalifornje) yn 'e ferwachting fan it finen fan nije planetoïden.

De planetoïde 1674 Groeneveld is nei har ferneamd.

Sy stoar yn 2015 yn de âlderdom fan 93 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: