Springe nei ynhâld

Eric Walter Elst

Ut Wikipedy
Eric Walter Elst
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eric Walter Elst
nasjonaliteit Belgysk
berne 30 novimber 1936
berteplak Mortsel
stoarn 2 jannewaris 2022
stjerplak Antwerpen
etnisiteit Flaamsk
wurkpaad
berop/amt Astronoom
jierren aktyf 1968-2001

Eric Walter Elst (Mortsel, 30 novimber 1936Antwerpen, 2 jannewaris 2022[1]) wie in Belgysk astronoom dy't oant syn pinsjoen yn 2001 warber wie by de Keninklike Stjerrewacht fan België yn Ukkel.

Hy ûntduts sa'n 3612 planetoïdes, dêrfan 95 yn 'e mande mei in oar.

Syn wichtige ûntdekkingen wiene de Apollo-planetoïde (4486) Mithra yn 1987 en de planetoïde/komeet 7968 Elst-Pizarro / 133P/Elst-Pizarro

De planetoïde (3936) Elst (ûntdutsen troch Kees van Houten, Ingrid van Houten-Groeneveld en Tom Gehrels 1977) is nei him ferneamd.

Guon planetoïdes dy't Eric Elst ûntduts en beneamde:

Namme Jier Plak Namme ferdútst
3631 Sigyn 1987 La Silla (Sily) Dochter fan Eric Elst
4226 Damiaan 1989 Haute Provence Pater Damiaan (Jozef De Veuster)
4457 van Gogh 1989 Haute Provence Vincent van Gogh, keunstskilder
4546 Franck 1990 La Silla (Sily) César Franck, komponist
4635 Rimbaud 1988 Haute Provence Arthur Rimbaud, Frânsk dichter
4798 Mercator 1989 La Silla (Sily) Gerardus Mercator, kartograaf
5002 Marnix 1987 Rozhen Marnix fan Sint-Aldegonde, skriuwer en politikus
5115 Frimout 1988 La Silla (Sily) Dirk Frimout, Belgysk romtefarder
5232 Jordaens 1988 Haute Provence Jacob Jordaens, keunstskilder
6309 Elsschot 1990 La Silla (Sily) Willem Elsschot, skriuwer
6710 Apostel 1989 La Silla (Sily) Leo Apostel, filosoof
7020 Yourcenar 1992 ESO Marguerite Yourcenar, skriuwster
7343 Ockeghem 1992 La Silla (Sily) Johannes Ockeghem, komponist
7537 Solvay 1996 La Silla (Sily) Ernest Solvay, yndustrieel
7933 Magritte 1989 ESO René Magritte, keunstskilder
8308 Julie-Melissa 1996 ESO Julie Lejeune en Mélissa Russo
9205 Eddywally 1994 ESO Eddy Wally, sjonger
9471 Ostend 1998 La Silla (Sily) De stêd Oostende
9472 Bruges 1998 La Silla (Sily) De stêd Brugge
9473 Ghent 1998 La Silla (Sily) De stêd Gint
9562 Memling 1987 ESO Hans Memling, Flaamsk keunstskilder
9569 Quintenmatsijs 1988 ESO Quinten Matsijs, Flaamsk keunstskilder
9604 Bellevanzuylen 1991 Haute Provence Belle van Zuylen Nederlânsk Frânsktalich skriuwster en komponiste
9663 Zwin 1996 ESO Natuergebiet 't Swin
9748 van Ostaijen 1989 La Silla (Sily) Paul van Ostaijen, dichter
10079 Meunier 1989 ESO Constantin Meunier, byldhouwer en keunstskilder
10120 Ypres 1992 Caussols De stêd Ieper
10151 Rubens 1994 ESO Peter Paul Rubens, keunstskilder
10934 Pauldelvaux 1998 ESO Paul Delvaux, keunstskilder
11900 Spinoy 1991 ESO Constant Spinoy, keunstner en graveur
11947 Kimclijsters 1993 Caussols Kim Clijsters, tennisster
11948 Justinehenin 1993 Caussols Justine Henin, tennisster
11966 Plateau 1994 ESO Joseph Plateau, fysikus
12354 Hemmerechts 1993 Caussols Kristien Hemmerechts, skriuwster
12481 Streuvels 1997 ESO Stijn Streuvels, skriuwer
12524 Conscience 1998 ESO Hendrik Conscience, skriuwer
12688 Baekeland 1988 ESO Leo Baekeland, útfiner fan bakelyt
12697 Verhaeren 1989 ESO Emile Verhaeren, dichter
13027 Geeraerts 1989 ESO Jef Geeraerts, skriuwer
14832 Alechinsky 1987 ESO Pierre Alechinsky, keunstskilder
15329 Sabena 1993 ESO Sabena, de nasjonale loftfeatmaatskippij fan Belgje oant 2001

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: