Ychel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ychel

De ychel (Erinaceus europaeus), ek ychelswyn, ychelbaarch of stikelbaarch neamd) is in wiid ferspraat sûchdier út de famylje fan de ychels (Erinaceidae). De ychel is in bekende ferskining yn tunen yn West-Europa. Hy is benammen bekend om syn stikelfacht en syn gewoante om him by gefaar op te rôljen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Uterlike kenmerken

De lingte is ± 22,5-27,5 sm. Se hawwe in sturtsje fan 15-30 mm, en wurde 12 - 15 sm heech. De ychel wurdt maksimaal 8 - 10 jier âld yn finzenskip, mar yn de natoer ± 4-6 jier. It gewicht is tusken de 400 en 1200 gram. De rêch fan de ychel is bedekt mei ûngefear 6000 stikels fan 2-3 sm en by bedriging rôlet de ychel him op ta in bal. Dizze stikelige bal foarmet in goede beskerming tsjin natuerlike fijannen as de foks, mar is kânsleas tsjin auto's. Hy wikselt syn stikels selden en ûngeregeld, gemiddeld gean stikels sa’n 18 moannen mei. Ychels hawwe faak in karakteristyk patroan yn harren stikels.

[bewurkje seksje] Fretten

Syn dieet bestiet út slakken, wjirms en ynsekten as dongkrobben en rûpen; ychels binne dêrmei nuttige helpers yn de ûngediertebestriding. Ek frette se spinnen, en in inkele kear gripe se lytse wringedieren as kikkerts, hagedissen, jonge kjifdieren, fûgelaaien en ies, of plantaardich fiedsel as fruit en poddestuollen. Bewearings dat se ek slangen deameitsje kinne binne nea bewiisd. It binne nachtbisten, dy't gemiddeld sa'n 70g fretten per nacht ite.

[bewurkje seksje] Gedrach

Ychelnêst

Yn de hjerst as de temperatuer sakket en it fiedseloanbod minder wurdt, giet de ychel yn wintersliep. Hy bout foar de wintersliep in nêst fan gers en blêden. De measte ychels wikselje faker fan nêst yn de winter.

Nei it wekker wurden út de wintersliep begjint yn maaie, juny it pearseizoen. It djoeien is in langduorjend leafdesspul, dat hoeden mar benammen ek foarsichtich bart. It mantsje en wyfke draaie dêrby ek as in karûssel efter elkoar oan.

De draachtiid fan de ychel is 31 - 35 dagen. In woarp bestiet út gemiddeld trije oant seis (twa oant tsien is mooglik) keale, dôve en bline jongen, dy't al wol (sêfte) stikels hawwe. De jongen wurde berne yn in nêst fan gers en blêden, soms wurde ferlitten kninehoalen brûkt. Sûgjen en opfieden wurdt allinnich troch it wyfke dien. Jongen kinne har al nei 11 dagen oprôlje, en nei 22 dagen geane se foar it earst bûten it nêst. De jongen drinke sa'n 4-6 wiken en wurde dan troch de mem ferstjitten en moatte se harsels rêden kine. Ychels hawwe ien of twa kear yn it jier jongen.

Ychels binne solitêre bisten. Soms kin in pearke in nêst diele, mar dit is foar in koarte tiid. Groepen ychels binne meastentiids in mem mei jongen. Se hawwe gjin territoarium. It lûd fan ychels bestiet út snuven by it iten en gnoarkjen by gefaar. Fan de sintugen binne benammen it gehoar en de rooksin goed ûntwikkele. Se kinne goed klimme en swimme. Unbekende stoffen of nije geurkes ûndersiket de ychel mei it saneamde 'Orgaan fan Jacobson' dat ek by slangen en hagedissen tige goed ûntwikkele is. It is in ekstra sintúch dat tusken it ferwulft en de noasholte leit. Yn spesjale sellen wurde asem en flibe op nije geur- en smaakprikkels ûndersocht. Earst beknaacht of berûkt de ychel de nije stof mei grutte oandacht, dan produsearret ir in hiel soad flibe. As hy ienris de síntúchlike ûnderfining ferwurke hat, dan spuit hy de flibe op syn rêch wylst er him yn de frjemdste bochten wringt. It orgaan is no wer skjin en klear foar wer nije prikkels. (It himsels 'beflybkjen' is spitigernôch yn in soad gefallen mei rabiës (hûnsdolheid) ferwiksele. (Fan dizze gefaarlike sykte hawwe ychels krekt nea folle lêst.) De normale libbensferwachting is fjouwer oant sân jier, mei in maksimum oant 16 jier. De wichtichste deaoarsaak is nei alle gedachten ferhongerjen yn de wintersliep, mar yn stêdlike gebieten is dit it ferkear. De wichichste natuerlike fijân is de das.

Minsken hawwe komselden ychels iten, mar yn de Dútse taal hawwe sigeunders de bynamme "Igelfresser" krigen omdat se de gewoante hân hawwe soenen om ychels yn klaai te rôljen en dêrnei te rusterjen. De stikels soenen dan yn de klaai efterbliuwe. De ychel is in beskerme dier en konsumpsje en it hâlden yn finzenskip binne ferbean. Foar ferwûne, ferwezen en sike ychels kin men de biste-ambulânse belje.

[bewurkje seksje] Leefgebiet

De ychel komt foar yn it grut gedielte fan West-Europa. Hy komt foar fan Ierlân oer Súd-Skandinaavje oant Noardwest-Ruslân, en fan Portegal oant Dútslân en Itaalje. Yn East-Europa libbet de naubesibbe East-Europeeske ychel (Erinaceus concolor). De ychel is ynfierd yn Nij-Seelân. De earste ychels waarden yn 1885 útsetten yn Dunedin en Christchurch as bestriding fan ûngedierte en meardere offisjele en ûnoffisjele útsettingen folgen. Tsjintwurdich komt de ychel algemien foar op it Noardereilân en op it Sudereilân, de hege berchstreken útsûndere.

Ychels kommme foar yn leafbosken en fochtige greiden. Hy is benammen gek op boskrânen, wêr't dizze leefgebieden gearkomme. De ychel komt ek foar yn sândunen, mits begroeid, mar men fynt him selden yn nuddelbosk, of yn bergen boppe de beamgrins. De ychel komt in soad foar yn tunen, wêr't guon minsken se byfuorje. Komolke is ferkeard foar ychels, troch de laktoaze yn molke reitsje se oan de skiterij. Hûne- of kattefoer slút better oan op syn natoerlike fretten. Better is net yn te gripen, en de ychel gewurde te litten.

[bewurkje seksje] Byleauwe

Neffens it byleauwe stelle se apels op harren rêch en drinke molke út kowejaren. Om dizze redenen waard de ychel eartiids bejage.

[bewurkje seksje] Ofbylden

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Commons Commons: Ychel – foto, fideo en harktriemmen
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen