Christchurch (Nij-Seelân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Christchurch
Ōtautahi
Fan boppe ôf mei de klok mei: *Christchurch skyline mei de Súdlike Alpen op de eftergrûn *De Peacock Fountain yn de botanyske tún *Katedraal fan Christchurch foar de ierdskodding fan 2011 *In tram yn Christchurch *Antike boathuzen oan de rivier Avon *Sicht op Sumner ûnder Christchurch
Fan boppe ôf mei de klok mei:
  • Christchurch skyline mei de Súdlike Alpen op de eftergrûn
  • De Peacock Fountain yn de botanyske tún
  • Katedraal fan Christchurch foar de ierdskodding fan 2011
  • In tram yn Christchurch
  • Antike boathuzen oan de rivier Avon
  • Sicht op Sumner ûnder Christchurch
Sifers
Ynwennertal 390.300 (2010)
Oerflak 452 km²
Befolkingstichtens 846 / km²
Polityk
Lân Nij-Seelân
Regio Canterbury
Oar
Stifting 1848
Tiidsône NZST (UTC+12)
*Simmertiid (UTC+13)
Webside Christchurch City Councel

Christchurch (Maori: Ōtautahi) is de grutste stêd op it Sudereilân, en de op ien nei grutste stêd fan Nij-Seelân mei goed 390.000 ynwenners. De stêd waard ferneamd nei Christ Church College fan de universiteit fan Oxford. De stêd leit healweis de eastkust oan de mûning fan de rivier de Avon. Op 31 july 1856 waard Christchurch troch Keninklik Beslút in stêd. It is sadwaande de âldste stêd fan it lân.

In protte gebouwen yn Christchurch binne yn neogoatyske styl set en de stêd hat in soad parken en plantsoenen. Dêrtroch komt de stêd jin Europeesk oan. Dêrfandinne wurdt Christchurch ek wol 'De meast Ingelske stêd bûten Ingelân' neamd. Christchurch hat teffens in ferneamde botanyske tún, Christchurch Botanic Gardens.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]