Jutlân
Ut Wikipedy
Jutlân is in skiereilân yn Noard-Europa.
Namme [bewurkje seksje]
De namme Jutlân komt fan de Jutten, in Germaanske stam. Sy teagen yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren mei de Angelen, Friezen en Saksen nei Grut-Brittanje.
De Latynske namme foar Jutlân is Jutlandia.
De Grykske geograaf Ptolemaeus neamde Jutlân nei de stam fan de Kimbren. It kin goed wêze dat Ptolemaeus dy namme net brûkte foar it skiereilân, mar foar in baai.
Grins [bewurkje seksje]
Jutlân wurdt begrinzge troch de Noardsee yn it westen en de Eastsee yn it easten.
Der binne ferskillende kritearia foar de súdgrins:
- De steatsgrins tusken Denemark en Dútslân. Dat is ek de grins tusken Noard-Sleeswyk en Súd-Sleeswyk;
- De súdgrins fan Sleeswyk, dêr't de rivier de Eider streamt;
- Somtiden wurdt it histoaryske gebiet Holstein ek ta Jutlân rekkene.
Bestjoerlike yndieling [bewurkje seksje]
Ta it Deenske part fan Jutlân wurde trije fan de fiif Deenske regio's rekkene:
De dielsteat Sleeswyk-Holstein beslacht it Dútske part fan it skiereilân.