Star Trek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gene Roddenberry en inkele akteurs út de oarspronklike Star Trek-sery by de Space Shuttle Enterprise
In Andoriaanse, ien fan de soarten út it Star Trek-universum.

Star Trek is in Amerikaanske Science-fiction rige, betocht troch Gene Roddenberry yn 1964. Star Trek begûn yn 1964 mei de ôflevering The Cage. Dêrnei binne 5 spin-off sery's makke mei yn totaal mear as 800 ôfleverings en 10 films.[1]
Star Trek is in registrearre Trademark fan Paramount Pictures. [2]

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Omdat Star Trek sa grut is en net altyd oerienkomt mei de echte wrâld, wurdt de 'wrâld' dêr't it him yn ôfspilet ek wol it Star Trek Universum neamd. Yn dat artikel stiet de skiednis fan de produksje fan Star Trek en de skiednis fan it Star Trek Universum.

Echte Wrâld[bewurkje seksje | edit source]

The Original Series[bewurkje seksje | edit source]

Yn it begjin fan de sechstiger jierren, betocht eks-plysjeman Gene Roddenberry in Science Fiction-rige, basearre op de echte wrâld (mei de Federation as Amearika, de Klingons as Ruslân en de Romulans as Sina) en op it Wylde Westen. Hy neamde dy rige "A Wagon Train to the Stars," (dêrom ek Star Trek), mar net ien woe it produsearje, oant Desilu Studios yn 1964 de opdracht jout foar in pilot.
Yn 1964 wurdt The cage filme en yn 1965 wol NBC it net útstjoere. Se wolle wol in nije pilot, mar dan moat de alien Spock dêr út en mei de "Second in Command," (de ferfanger fan de kapitein) gjin frou wêze.
Gene Roddenberry foldocht oan de twadde betingst, mar Spock moat bliuwe. Hy makket in twadde pilot, Where No Man Has Gone Before, dy't akseptearre wurdt troch NBC. Yn 1966 wurdt de twadde pilot útstjoerd en wurdt de earste gewoane ôflevering, The Corbomite Maneuver makke en útstjoerd. Yn 1967 wurdt Desilu Studios kocht troch Paramount Pictures en wurdt it twadde seizoen útstjoerd.
Fanwege de minne sjochsifers wol NBC gjin tredde seizoen útstjoere dus in grutte groep fans protestearret en it tredde seizoen komt it op de televyzje, mar dêrnei hâldt it op en wurde der allinnich noch mar werhellings útstjoerd.
It súkses fan dy werhellings is sa grut, dat de earste Star Trek konvinsje hâlden wurdt yn New York City yn 1972. Der komme 3000 minsken, 10 kear safolle as de organisaasje tocht hie. [2]

The Animated Series en Star Trek: Phase II[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1973 wurde 22 Star Trek tekenfilms fan 30 minuten útstjoerd en 3 jier letter wol Paramount Pictures in Star Trek film meitsje, mar se komme net fierder as it skriuwen fan in skript. Ien jier dêrnei wol Paramount Pictures in nije Star Trekrige meitsje, mar yn 1978 beslute se fan de earste ôflevering in film te meitsjen.

De Films[bewurkje seksje | edit source]

De Star Trek ploech
Star Trek: The Motion Picture[bewurkje seksje | edit source]

De earste Star Trek film, Star Trek: The Motion Picture wurdt yn 1979 publisearre en begjint wannear't in grutte blauwe wolk yn de romte 3 Klingon oarlochsskippen ferneatiget. Starfleet komt der achter dat de wolk op de Ierde ôf giet en stjoert de Enterprise om it tsjin te hâlden. Admiraal James Kirk nimt it kommando oer de Enterprise oer fan Matthew Dekker en giet nei de wolk ta. Se ûntdekke dat de wolk makke is troch V'ger, dy't letter de romtesonde Voyager VI blykt te wêzen.
De blauwe wolk wie boud troch in beskaving fan libbene masines, dy't Voyager VI holpen mei syn misje: alles witte wolle. Spitigernôch wie de blauwe wolk tige gefaarlik, en doe't de bemanning fan de Enterprise dat dúdlik makke hie oan Voyager VI, gie Voyager VI wer fuort.

Star Trek: The Wrath of Kahn[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1992 besocht in kloft genetysk mutearre superminsken de ierde te feroverjen. Se regeare foar in koarte tiid oer in kwart fan de wrâld, mar yn 1996 hawwe se ferlern en moasten se fan de Ierde ôf flechtsje. Yn 2285 komme se wer werom. Se feroverje dan in Star Fleet skip en stelle Project Genesis, in masine dy't fan gaswolken planeten fol libben meitsje kin, mar ek al it libben fan it planeet ferwoaste en ferfange kin. De superminsken wurde tsjinhâlden troch kapitein Kirk, mar syn soan en Spock oerlibje it net.
De film is yn 1982 makke.

Star Trek: The Search for Spock[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1982 wol Leonard Nemoy in tredde Star Trek film regissearje. Yn dy film blykt dat Spock, foardat hy dea gie, syn katra, in soart siel, yn dokter Mc.Coy transplantearre. De bemanning fan de Enterprise moat syn licheam wer fine en syn katra der wer yn sette.
De film is yn 1984 publisearre. [3]

Star Trek: The Voyage Home[bewurkje seksje | edit source]
Ynterieur fan de Enterprise

Dizze film is yn 1986 publisearre. Spock moat himsels wer weromfine, mar in alienskip falt de Ierde oan omdat de walfisken útstoarn binne. De bemanning fan de Enterprise giet tebek yn'e tiid om walfisken te finen en nei de takomst te bringen mei it Klingon oarlochsskip dat se feroveren yn Star Trek: The Search for Spock. [4]

Star Trek: The Final Frontier[bewurkje seksje | edit source]

Dizze film, regissearre troch William Shatner, begjint op de planeet Nimbus III, dêr't Spock syn broer Sybok hat in leger makke hat dat de haadstêd. De Enterprise moat der hinne om it op te lossen, mar wurdt kaapt troch Sybok. Hy wol mei de Enterprise nei Sha Ka Ree, in planeet dêr't, neffens guon minsken, God wennet. De bemanning fan de Enterprise wol it skip weromkape, mar dat slagget net foardat se op Sha Ka Ree arrivearje. Dêr is in wêzen dêr't Sybok earst fan tinkt dat it God is. Dan ûntdekke se dat it wêzen God net is en wol it wêzen harren deadmeitsje. Se ûntsnappe fan de planeet en geane wer werom nei de Ierde. [5]

Star Trek: The Undiscovered Country[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1991 barden twa wichtige dingen foar Star Trek: Gene Roddenberry gie dea en Star Trek: The Undiscovered Country kaam yn de bioskoop. Yn it Star Trek Universum barde ek wat wichtichs: nei in hiele lange oarloch, wolle de Klingons frede slute mei de Federation. Kanselier Gorkon wurdt troch de Enterprise nei in planeet brocht foar de ûnderhannelings. Op de Enterprise wurdt Gorkon dea makke en de Klingons beskuldigje Kirk en Mc.Coy.
Kirk en Mc.Coy wurde troch in Klingon rjochtbank berjochte en krije libbenslang yn in Klingon finzenis op Rura Penthe.
Oan de ein fan de film komt der frede en komme Kirk en Mc.Coy wer frij.

Star Trek: Generations[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1994[6] is de film Generations makke. Dizze film begjint mei de earste reis fan de Enterprise B. It skip ûntfangt in SOS fan 3 El-Auriaanse skippen dy't fêst sitte yn in enerzjylint.
Twa skippen wurde ferneatige, mar de Enterprise kin ien skip rêde.
James Tiberius Kirk oerlibbet dit net.
80 Jier letter wol Tolian Soran wer werom nei it enerzjylint. It lint blykt in soart paradys te wêzen, mar om der yn te kommen moat it lint troch in planeet gean.
Soran blaast stjerren op om yn it lint te kommen, mar kapitein Picard ferslaat Soran, tegearre mei Kirk, dy yn it lint wie.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://memory-alpha.org/wiki/Portal:Main
  2. 2,0 2,1 Okuda, M; Okuda, D; The Star Trek Encyclopedia, a Reference Guide to the Future, updated and expanded edition, POCKET BOOKS, 1999, ISBN 0-671-53609-5
  3. Paramount Pictures; Star Trek: The Search for Spock
  4. Paramount Pictures; Star Trek: The Voyage Home
  5. Paramount Pictures; Star Trek: The Final Frontier
  6. http://www.imdb.com/title/tt0111280/ Star Trek: Generations op IMDB
  7. Paramount Pictures; Star Trek: Generations