Jeri Ryan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jeri Ryan yn 2012.

Jeri Ryan, berne as: Jeri Lynn Zimmermann (München, 22 febrewaris, 1968), is in Amerikaansk aktrise fan Dútsk komôf, dy't benammentlik bekend wurden is fan har rol as de befrijde Borg Seven of Nine, yn 'e science fictionsearje Star Trek: Voyager. Hja hat fierders ek spile yn 'e searjes Dark Skies, Boston Public en Shark, en is op 't heden (neijier 2013) te sjen yn 'e misdiesearje Body of Proof.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | edit source]

Ryan waard berne yn it (doe noch) Westdútske München, as de dochter fan Gerhard Florian "Jerry" Zimmermann, in ûnderofsier yn it Amerikaanske Leger dy't dêrsanne stasjonearre wie, en dy syn frou Sharon, in maatskiplik wurkster. Se hat ien âldere broer, Mark. As legerbern groeide se op op in grut ferskaat oan legerbases yn 'e steaten Kansas, Marylân, Hawaï, Georgia en Teksas. Doe't se alve jier wie, swaaide har heit ôf, en fêstige it gesin him yn it stedsje Paducah, yn 'e steat Kentucky. Ryan gie nei de middelbere skoalle yn Lone Oak, en nei't se dy yn 1986 ôfrûne hie, studearre se oan 'e Noardwestlike Universiteit te Chicago, yn Illinois. Yn har studintetiid die se mei oan skientmewedstriden, en yn 1989 waard se keazen ta Miss Illinois. Yn 1990 berikte se it fjirde plak by de Miss America-ferkiezing. Datselde jiers studearre se ôf mei in bachelorstitel yn teäter.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Neitiid ferfear se nei Los Angeles, om in karriêre as aktrise nei te stribjen. Se makke yn 1991 har tillevyzjedebút mei in gastroltsje yn 'e bekende komeedzjesearje Who's the Boss? Dêrnei folgen ferlykbere rollen yn searjes as The Flash, Nurses, Matlock, Murder, She Wrote, Melrose Place en Diagnosis: Murder. Se briek troch mei har rol as de bûtenierdske detektive Juliet Stewart yn 'e rige Dark Skies, út 1997. Hoewol't dy searje nei ien seizoen al stopset waard, hie se der de oandacht fan 'e science fiction-mienskip mei lutsen.

Jeri Ryan yn 2010.

Datselde jiers noch waard se útkeazen foar har bekendste rol, dêr't se wrâldferneamd mei waard, nammentlik dy fan Seven of Nine, yn 'e súksesrige Star Trek: Voyager. Seven of Nine wie in minsklike frou dy't as famke "assimilearre" wie troch de bûtenierdske Borg, en sadwaande ta in tuskenbeiden wêzen fan heal fleis en bloed, heal masine makke wie. Ryan joech har yn it fjirde seizoen fan 'e searje by de fêste cast, yn har no suver ikoanyske straksittende unifoarm, en de sjochsifers yn 'e Feriene Steaten fleagen ynienen mei 60% omheech. Se fertolke de rol fan Seven of Nine fan 1997 oant de ein fan 'e searje yn 2001, en groeide út ta in wier ynternasjonaal sekssymboal. Teffens wûn se der in Saturn Award mei, wylst se nominearre waard foar noch ien.

Nei't Star Trek: Voyager ôfrûn wie, spile Ryan fan 2001 oant 2004 de rol fan Ronnie Cooke yn 'e searje Boston Public, wylst se ek gastrollen hie yn rigen as Two and a Half Men, The O.C., Boston Legal en Law & Order: SVU, en yn in pear films spile, lykas it romantyske Down with Love (2003). Letter hie se fan 2006 oant 2008 ien fan 'e haadrollen yn 'e abbekatesearje Shark, mei James Woods, en die se fan 2009 oant 2011 sân ôfleverings lang mei oan 'e dramasearje Leverage. Sûnt 2011 hat se in fêste rol yn 'e medyske misdiesearje Body of Proof, njonken Dana Delany.

Jeri Ryan yn 2010.

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1990 kaam Ryan op in goeddiedichheidsevenemint yn 'e kunde mei de ynvestearringsbankier Jack Ryan, mei wa't se op 15 juny 1991 troude. Se krigen ien soan, Alex (1994). Jack Ryan wenne yn Chicago, wylst Jeri Ryan har karriêre yn Los Angeles hie. Harren hiele houlik troch reizgen se om bar op en del, oant se úteinlik op 27 augustus 1999 skieden.

Doe't Jack Ryan him yn 2003 kandidaat stelde foar de Amerikaanske Senaat, kaam er ûnder druk te stean om 'e reden foar de skieding iepenbier te meitsjen. Uteinlik bepaalde de rjochter yn juny 2004 dat alle offisjele stikken oangeande de skieding op 'e tafel komme moasten, ek al wiene sawol Jack as Jeri Ryan dêr op tsjin. Ut 'e stikken die bliken dat Jeri Ryan as direkte oanlieding foar de skieding opjûn hie dat Jack Ryan der by har op oanstien hie om seks mei him te hawwen yn iepenbiere romten en yn seksklubs yn New York, New Orleans en Parys. Jack Ryan hie al dy beskuldigings yn 1999 ûntkend, en doe't se yn 2004 iepenbier waarden, ûntstried er se op 'e nij. Hoewol't Jeri Ryan wegere hjiroer kommentaar te jaan, útsein ien koart kommunikee, soarge dizze affêre derfoar dat Jack Ryan him weromlûke moast út 'e striid om 'e senaatssit fan Illinois, wêrnei't syn wichtichste rivaal Barack Obama senator waard.

Nei har skieding fan har earste man gie Jeri Ryan yn 2000 in hoart om mei Brannon Braga, ien fan 'e produsinten fan Star Trek: Voyager. Dêrby waarden hja stâlkt troch in Marlon Estacio Pagtakhan, dy't har neffens de berjochten yn 'e media brieven stjoerde wêryn't er Ryan mei ferkrêfting en Braga mei marteling bedrige. Pagtakhan waard yn maaie 2001 feroardiele foar stâlking en bedriging.

Yn 2003 kaam Ryan, dy't hobbykok en frankofyl is, yn 'e kunde mei de Frânske masterkok Christophe Émé. It pear troude op 16 juny 2007 yn it Frânske departemint Maine-et-Loire, yn it fyftjinde-ieuske Château de Noirieux, ûnder Angers. Yn 2008 krigen se in dochter, Gisèle Émé, berne te Los Angeles. Tegearre wiene Ryan en Émé fierders fan 2005 oant 2010 eigner fan it restaurant Ortolan, ek yn Los Angeles.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Films[bewurkje seksje | edit source]

jier film rol opmerkings
1991 Nightmare in Columbia County Dawn Elizabeth Smith tillevyzjefilm; alternative titel: Victim of Beauty
1992 Flash III: Deadly Nightshade Felicia Kane alternative titel: The Flash 3: Deadly Nightshade
1999 Men Cry Bullets Lydia
2000 The Last Man Sarah
2000 Disney's "The Kid" gast by Larry King
2000 Dracula 2000 Valerie Sharpe Alternative titel: Wes Craven Presents: Dracula 2000
2003 Down With Love Gwendolyn
2010 Mortal Kombat: Rebirth Sonya Blade
2010 Deadline Sophie Fyne
2010 Secrets in the Walls Rachel Easton

Tillevyzje[bewurkje seksje | edit source]

jier searje rol opmerkings
1991 Who's the Boss? Pam ôfl.: The Unsinkable Tony Micelli
1991 The Flash Felicia Kane ôfl.: The Deadly Nightshade
1991 Top of the Heap Tyler ôfl.: The Marrying Guy
1991 Nurses Lisa ôfl.: Mother, Jugs, and Zach
1991 Reasonable Doubts Rachel Beckwith ôfl.: Graduation Day
1992 Just Deserts Nicole tillevyzjefilm
1993 The Jackie Thomas Show Pauline Yardley ôfl.: Jackie and the Model
1993 Matlock: The Fatal Seduction Carrie Locke 2 ôfl.
1994 Time Trax Lauren Sanders ôfl.: Out for Blood
1995 Murder, She Wrote Maura ôfl.: Death n' Denial
1995 Charlie Grace Claire ôfl.: Designer Knock-Off
1996 The Client Jennifer ôfl.: The Morning After
1996 Melrose Place Valerie Madison 2 ôfl.
1996 Diagnosis: Murder Melissa Farnes ôfl.: Murder by the Book
1996 Pier 66 Beth Saunders tillevyzjefilm
1997 Dark Skies Juliet Stewart 8 ôfl.
1997-2001 Star Trek: Voyager Seven of Nine 103 ôfl.
1999 The Sentinel Alexis Barnes 2 ôfl.
1999 Dilbert Seven of Nine alarm clock ôfl.: The Gift
2001-2004 Boston Public Ronnie Cooke 59 ôfl.
2004-2011 Two and a Half Men Sherri 3 ôfl.
2005 The O.C. Charlotte Morgan 7 ôfl.
2005 The Commuters Anne tillevyzjefilm
2006 Boston Legal Courtney Reese 2 ôfl.
2006-2008 Shark Jessica Devlin 38 ôfl.
2009 Law & Order: SVU Patrice Larue 3 ôfl.
2009-2011 Leverage Tara 7 ôfl.
2010 Psych dr. Kim Phoenix ôfl.: The Head, the Tail, and the Whole Damn Episode
2011 Mortal Kombat: Legacy Sonya Blade 2 ôfl.
2011 Law & Order: Criminal Intent Naomi Halloran ôfl.: Boots on the Ground
2011-2012 Warehouse 13 majoar Amanda Lattimer 2 ôfl.
2011-... Body of Proof Kate Murphy 39 ôfl.

Kompjûterspultsjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Star Trek: Voyager Elite Force (fan ferzje 1.2 ôf) – Seven of Nine (4 maaie 2001)
  • Star Trek: Voyager Elite Force Expansion Pack — Seven of Nine (9 maaie 2001)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.