DeForest Kelley

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jackson DeForest Kelley

Jackson DeForest Kelley (Atlanta, 20 jannewaris 1920 - Woodland Hills, 11 juny 1999) wie in Amerikaansk akteur, ferneamd foar de rol fan Dokter Leonard McCoy yn de 1966-1969 tillevyzjesearje Star Trek.

Komôf[bewurkje seksje | edit source]

Jackson is berne yn Atlanta, Georgia, Feriene Steaten fan Amearika op 20 jannewaris 1920, as soan fan Ernest D. Kelley en Clara Casey Kelley. As jonkje woe er dokter wurde, mar om't syn heit in Baptistysk dûmny wie, en syn mem it koar organisearre, kaam er al gau yn de tsjerke te sjongen. Hy hie der nocht oan, koe solo's sjonge, en kaam sa op de lokale radio. Dêrtroch kaam er te sjongen by it Lew Forbes Orchestra, en sa kaam er ta it beslút dat er artyst wurde soe.

Kalifornje[bewurkje seksje | edit source]

Doe’t er 17 wie gong er foar twa wiken nei Kalifornje, op besite by syn omke yn Long Beach, en doe't er nei in jier wer nei hûs kaam, wie dat om te sizzen dat er ferfoer nei Kalifornje om akteur te wurden. Ien kear yn Kalifornje spile er toaniel foar de Long Beach Theatre Group. Dit wie sjoen troch immen fan Paramount Studios dy't sei dat er takomst hie as akteur. Doe't er yn 1942 spile yn "The Innocent Young Man" waard er fereale op de oare stjerre fan it stik, Carolyn Dowling. Mar doe waarden ek de Feriene Steaten part fan de Twadde Wrâldkriich, en Kelley tsjinne yn it Army Air Corps. Hy bleau al yn de Feriene Steaten en op it ein fan de oarloch spile er yn in training film fan de marine, Time to Kill. Nei de oarloch, op 7 septimber 1945, troude Jackson mei Carolyn.

Súkses[bewurkje seksje | edit source]

Mie syn rol yn Time to Kill waard er op 'e nij opmerke troch Paramount, wat dit kear ta in kontrakt late. Syn earste filmrol wie yn 1947 Vince Grayson yn Fear in the Night en oant 1960 spile er yn 24 oare films, meast westerns, en ek yn ferskate tillevyzjeôfleverings. Yn dizze tiid hat Kelley in skoftke yn New York wenne, mar nei trije jier kaam er werom nei Kalifornje. Yn 1957 spile er Morgan Earp yn Gunfight at the O.K. Corral, mar meast spile er de smjunt. Dit is wat núver om't Kelley sels just in tige sêft ynboarst hie.

Om't er net fêstsitte woe yn dy rol fan westernsmjunt, spile er ek mei yn twa testôfleverings foar tillevyzjesearjes. Dêrtroch kaam er yn de kunde mei de skriuwer fan dy testôfleverings, Gene Roddenberry. Roddenberry frege him ek as dokter foar in testôflevering fa in tredde searje, wat Kelley dwaan woe, mits hy koe de rol spylje as in plattelânsdokter. Sadwaande kaam er te spyljen yn de testôflevering fan in searje neamt Star Trek.

Star Trek[bewurkje seksje | edit source]

Yn Star Trek spile DeForest de rol fan dokter Leonard Bones McCoy, de skipsdokter fan it stjerreskip Enterprise, wat him wrâldferneamd makke. Syn rol as de mear betûfte skipsdokter paste him goed, mei om't er wier mear ûnderfining hie as de oare spilers. En dêr't McCoy as dokter kommentaar leverje koe op alles wat de bemanning die, dêr wie Kelley by steat dat kommentaar mei perfekte timing ôf te leverjen.

De tillevyzjesearje Star Trek rûn mei muoite foar trije seizoenen, fan 1966 oant 1969, mar doe't de searje nei ôfrin hieltyd populêrder waard kaam der yn 1973 in tekenfilmsearje fan, dêr't DeForest de stimme fan dokter McCoy die. Fan 1979 ôf kamen der ek films oer Star Trek, dêr't Kelley fan de earste yn 1979 oant de sechde yn 1991 yn meispile. Perslot spile hy ek mei yn de earste ôflevering fan de nije televyzjesearje, Star Trek TNG. Yn 1994 spile er noch in lêste kear McCoy, doe't er de stimme die foar it aventoererprogramma Star Trek: Judgement Rites.

Pinsjoen[bewurkje seksje | edit source]

Doe't de searje fan Star Trek ôfrûn wie, is Kelley mei pinsjoen gongen. Hy is net daalks hielendal stoppe; hy hat noch yn twa films en in pear tillevyzjeôfleverings meispile. Fierders wie er noch te gast op tal fan nei konvinsjes oer Star Trek, mar nei 1980 hat er útsein Star Trek gjin akteurwurk mear dien. Yn stee dêrfan libben syn frou en hy stil yn Sherman Oaks, en hat er him rjochte op skilderjen en it skriuwen fan poëzy. As lêste hat er yn 1998 noch de stimme dien fan Viking 1 yn The Brave Little Toaster Goes to Mars.

Prestaasje[bewurkje seksje | edit source]

Yn de rin fan syn libben hat DeForest Kelley, "De" foar freonen, dermei meispile yn likernôch fjirtich films en njonken yn de searje Star Trek yn mear as hûndert oare tillevyzjeôfleverings. Op 18 desimber 1991 krige er foar syn prestaasjes in stjerre op de Hollywood Walk of Fame.