Liuwe H. Westra
Liuwe H. Westra | ||
(Foto: Haye Bylstra, Tresoar) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 febrewaris 1966 | |
berteplak | Tsjom (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | predikant, universitêr ûndersiker | |
aktyf as | oersetter, frisiast, bestjoerder, publisist | |
jierren aktyf | 2001 – no (as oersetter) | |
reden bekendheid |
● foarsitterskip fan de RFB ● oersetter fan Tolkiens The Lord of the Rings yn it Frysk ● belutsenens by it WK Frysk damjen 2018 ● skriuwer fan in biografy fan Tony Feitsma | |
bekendste wurk(en) |
It Selskip fan de Ring De Twa Tuorren | |
offisjele webside | ||
Westra syn YouTube-kanaal |
- Dizze side giet oer de predikant en oersetter. Foar de hurdfytser, sjoch: Lieuwe Westra.
Liuwe H. Westra (Tsjom,[1] 1 febrewaris 1966) is in literêr oersetter, predikant en universitêr ûndersiker op it mêd fan 'e klassike talen. Hy is benammen bekend wurden troch syn foarsitterskip fan 'e Ried fan de Fryske Beweging, mids 1990-er jierren, en troch syn oersetting yn it Frysk fan 'e trilogy The Lord of the Rings (ûnder titel Master fan Alle Ringen) fan 'e Ingelske fantasyskriuwer J.R.R. Tolkien.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Westra waard yn 1966 berne yn Tsjom. Nei't er yn 1984 slagge wie foar it eineksamen oan it kristlik gymnasium Beyers Naudé, yn Ljouwert, studearre er klassike talen yn Grins, dêr't er lid wie fan 'e Fryske studinteferiening FFJ Bernlef.[2] Neitiid learde er troch foar dûmny. Fan likernôch 1993 oant 1997 wied er foarsitter fan 'e Ried fan de Fryske Beweging, in organisaasje dy't er fierhinne om 'e nocht besocht te modernisearjen.
Westra waard dûmny yn 'e gemeenten Lollum-Waaksens en Burchwert-Hartwert-Hichtum en sette him mei syn frou Baukje Keulen[3] nei wenjen yn Lollum. Hja hawwe trije bern. Yn 2002 die Westra promoasje en sûnt 2009 wied er dieltiid-predikant en universitêr ûndersiker oan it Centrum voor Patristisch Onderzoek. Westra hie fan 2009 oant 2015 in oanstelling oan 'e Universiteit fan Tilburch. Syn dissipline is it bestudearjen fan ier-kristlike teksten, foar it meastepart yn it Latyn mar ek wat yn it Aldgryksk. Yn 2016 loek Westra him werom as dûmny fan syn beide gemeenten om him foltiids ta te lizzen op wittenskiplik wurk oan 'e fakulteit Katolike Teology fan 'e Universiteit fan Utert. Syn ôfskie fûn plak op 1 april 2016.[4]
Fan 2001 ôf wie Westra njonken al syn beropsmjittige funksjes ek yn 't spier as literêr oersetter. Hy fertaalde The Fellowship of the Ring, it earste diel fan 'e trilogy The Lord of the Rings (Master fan Alle Ringen) fan J.R.R. Tolkien, yn it Frysk, ûnder de titel It Selskip fan de Ring. Dêr died er sa'n tsien jier oer, en it boek waard sadwaande op 25 novimber 2011 by in gearkomste yn it gebou fan Tryater yn Ljouwert formeel presintearre.[5] Neitiid sette er útein mei de Fryske fertaling fan it twadde diel fan 'e trilogy, The Two Towers, wêrby't lykwols in skeel mei syn útjouwer foar opûnthâld soarge.
Uteinlik keas Westra derfoar om dizze oersetting yn eigen behear út te jaan ûnder de titel De Twa Tuorren. Dat barde fia de Stifting Fryske Tolkien, dy't Westra yn gearwurking mei Marten Walinga fan Waaksens en Ate Grypstra fan Bûtenpost oprjochte hie.[6] De presintaasje waard op 11 novimber 2016 yn syn wenplak Lollum holden.[7] Om it projekt te finansieren, sette Westra útein mei in crowdfundingsaksje,[8] en ta promoasje begûn er in eigen YouTube-kanaal, dêr't û.m. deputearre Sietske Poepjes en akteur Freark Smink stikken út it boek foarliezen.[9] De foarrinner fan The Lord of the Rings is The Hobbit, dat yn 2009 yn in Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema útkaam. Nammen fan persoanen en plakken yn 'e boeken waarden troch de beide fertalers yn oerlis opinoar ôfstimd.[10]
Yn it ferlingde fan syn hoedanichheid as oersetter wie Westra yn jannewaris 2013 ek belutsen by in útfiering fan it koar Halleluja út Bitgummole, wêrby't fjouwer troch Westra fertaalde en troch komponist en dirigint Feike van Tuinen op muzyk sette lieten út The Lord of the Rings te'n gehoare brocht waarden. By it ynstudearjen fan 'e lieten die bliken dat guon leden fan it kristlike doarpskoar muoite hiene mei it wurk fan Tolkien. Dêrop kaam Westra in jûn del om it ferbân tusken Tolkien en de kristlike tradysje ta te ljochtsjen. Uteinlik joech Halleluja twa optredens mei it repertwaar fan Tolkien, op 27 jannewaris yn Ingelum, en op 2 febrewaris yn Lollum.[11]
Westra wie fierders ek as proeflêzer belutsen by it ta stân kommen fan 'e oersetting fan 'e fantasyroman The Hallowed Hunt, fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold, dy't yn 2014 yn in Fryske oersetting fan 'e hân fan Willem Sjoerds Janzen útkaam, ûnder de titel Yn it Skaad fan de Wolf.[12] Janzen wie op syn beurt ek behelle yn 'e tastânkomming fan Westra syn oersetting fan The Two Towers.[13] Yn 2018 publisearre Westra in troch himsels makke fertaling út it Aldgryksk fan it Evangeelje fan Mattéus, ûnder de titel Lokkich Binne Jimme! It Evangeelje fan Mattéus op 'en nij oerset foar alle Friezen. Dit wie in proef foar in mooglike nije Fryske bibeloersetting, dêr't Westra as fertaler syn meiwurking oan ferliende op fersyk fan 'e Stifting Fryske Bibel foar de Ienentweintichste Ieu.[14][15]
Ek wie Westra ien fan 'e oprjochters fan 'e Stifting Wrâldkampioenskip Frysk Damjen, in organisaasje dy't derfoar ivere om foar it earst in wrâldkampioenskip yn it Frysk damjen te hâlden. Sadwaande wied er yn augustus 2018 belutsen by it WK Frysk damjen 2018, dat yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 holden waard yn it Burmaniahûs te Ljouwert.[16] Fierders is Westra sekretaris fan 'e Stifting Greidhoekekatedraal, dy't it behear hat oer de âlde grifformearde tsjerke yn Lollum.[17] Op 2 septimber 2018 spriek Westra yn 'e tsjerke fan Brantgum by in betinking fan Tony Feitsma, mei as namme it Bûter yn 'e Brij Festival 2018, dy't organisearre wie troch it Feitsma Fûûns fwar it Frysk. Dêrby makke er bekend dat er fan doel wie in biografy fan Feitsma te skriuwen.[18] Fan dy biografy, mei as titel Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma[19] waard op 14 septimber 2022 by in offisjele boekpresintaasje yn Ljouwert it earste eksimplaar troch Westra útrikt oan kommissaris fan 'e kening yn Fryslân Arno Brok.[20]
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2011-20?? - Master fan Alle Ringen (oersetting fan The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien)
- 2011 - It Selskip fan de Ring (oersetting fan The Fellowship of the Ring)
- 2016 - De Twa Tuorren (oersetting fan The Two Towers)
- 2018 - Lokkich Binne Jimme! It Evangeelje fan Mattéus op 'en nij oerset foar alle Friezen
Oar wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2006 - "Not Wholly True, Not Perfectly Theocentric": In dwerse wurdearring fan Tolkien syn "The Lord of the Rings" as in kristlik boek (essay)
- 2016 - Twa Tuorren yn Fryslân: In essay oer talen, oersettings en ferbylding (essay)
- 2016 - Fris en Flitsend Dammen (in artikel oer ynternasjonaal damjen en Frysk damjen yn 'e Ljouwerter Krante, 13 desimber 2016, s. 17)
- 2020 - Sinte Lucia yn Fryslân - fan folslein fergetten folksfeest nei in nije ynfolling (opinystik oer Sinte Lesij yn it Frysk Deiblêd)
- 2022 - Pionier foar it Frysk: Libben en Striid fan Tony Feitsma (in biografy fan Tony Feitsma)
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|