Yn it Skaad fan de Wolf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Yn it Skaad fan de Wolf (yn it oarspronklike Ingelsk: The Hallowed Hunt) is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan 'e Chalion-syklus, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. The Hallowed Hunt, dêr't Bujold mei nominearre waard foar sawol in Mythopoeic Award as in Locus Award, waard foar it earst útjûn yn 2005 en is ûnderwilens oerset yn alve talen, wêrûnder it Frysk. De Fryske fertaling, fan 'e hân fan Willem Sjoerds Janzen, is titele Yn it Skaad fan de Wolf, en kaam út yn 2014.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Nei The Curse of Chalion en Paladin of Souls wie The Hallowed Hunt foarearst it lêste boek fan 'e Chalion-syklus dat Bujold skreau (der moatte der úteinlik noch twa komme). The Hallowed Hunt, dat oerset wurde kin as "De Hillige Jacht" spilet yn in fiksjonele, midsieuskige wrâld dy't oerdúdlik basearre is op Jeropa. Op Bujold har webside is sels in lânkaart te finen wêrop't Jeropa gewoan 180 graden draait is, sadat it Ibearysk Skiereilân nei it noarden wiist.[1] No is dy kaart net sasear foar The Hallowed Hunt bedoeld as wol foar de beide eardere boeken út 'e searje, dy't yn it keninkryk Chalion spylje. It lân dêr't The Hallowed Hunt plakfynt, en dat the Weald hjit (yn 'e Fryske oersetting "it Wold"), stiet net op 'e neamde lânkaart, mar it is net dreech om út it boek ôf te lieden dat it oerienkomt mei Dútslân, wylst it ek neamde eilân Arfrastpekka sterk oan Iislân tinken docht en "de Kantons" in dúdlike ferwizing nei Switserlân is. Mei't it klimaat yn Bujold har wrâld yn it noarden waarmer is as yn it suden, kin konkludearre wurde dat it ferhaal him op it súdlik healrûn ôfspilet.

Net inkeld de geografy, mar ek oare eleminten fan The Hallowed Hunt binne basearre op Midsieusk Jeropa. Sa is de steatsynrjochting fan the Weald sûnder mis oernommen fan dy fan it Hillige Roomske Ryk, mei in stikmannich karfoarsten út sawol de aadlike as de geastlike stân dy't de "hillige kening" kieze. Fierdersoan liket de histoaryske figuer Audar de Grutte basearre te wêzen op Karel de Grutte, en de histoaryske slachting op it "Bloedfjild", dy't yn it boek in sintraal plak ynnimt, liket as twa drippen wetter op it saneamde Bloedbad fan Verden, dêr't Karel de Grutte yn 782 4500 leden fan 'e hegerein en oare foaroanmannen fan 'e Saksen ôfslachtsje liet.

Op har blôch op har offisjele webside leit Bujold út dat The Hallowed Hunt by har yn 'e holle begûn wie as in românse tusken Ingrey en Ijada, mar, sa skriuwt se, it ferhaal "waard de heldinne ûntnadere troch de smjunt [Wencel], en fuortkroade yn in folslein oare rjochting. (Jim begripe no sa stadichoan wol dat ik in soad fan dit spul ûnder it skriuwen wei optink.)"[2] Se leit fierders út dat dit mei feroarsake waard troch har eardere beslissing om it ferhaal út ien eachpunt (Ingrey sines) wei te fertellen, ynstee fan ek Ijada har eachpunt te brûken of it út in ferskaat oan eachpunten te skriuwen. As it ferhaal ek fan Ijada út ferteld wie, soe Wencel it folle dreger fûn hawwe om it te kapen. Mar doe't bliken die dat de wichtichste bân net dy tusken de held en de heldinne wie, mar dy tusken de held en de smjunt, begûn it boek folle mear te gean oer de dea, it hjirneimels en wat der mei de sielen fan 'e ferstoarnen bart, as oer leafde.

The Hallowed Hunt is skreaun yn it personele perspektyf. Bujold skreau it boek yn 2003 en 2004 en it waard foar it earst útjûn yn 2005, troch Eos, in ymprint fan útjouwerij HarperCollins Publishers. It kaam noch datselde jiers út as e-boek en as audioboek yn 2007.

Plot[bewurkje seksje | edit source]

It Wold is in keninkryk dêr't de lju yn it fiere ferline bistegeasten yn har sielen opnamen, fanwegen de boppenatuerlike krêften dy't dat har joech. De Dartakaanske ynfaazje fan Audar de Grutte, dy't sawol in feroveringskriich as in godstsjinstoarloch wie, hat fjouwerhûndert jier lyn in ein oan sokke ketterske praktiken makke, mei as hichtepunt de slachting fan fjouwertûzen geastekrigers, bistesjamanen en harren hillige kening op in plak dat sûnt bekend stiet as it Bloedfjild. Lykwols binne de Dartakanen der net yn slagge om 'e âlde brûkmen alhiel út te rûgjen.

Ingrey is in swurdfjochter fan aadlik komôf yn 'e tsjinst fan hear Hetwar, de segelmaster (in soartemint kânselier) fan it Wold, dat sûnt ieuwen it Dartakaanske jok alwer ôfsmiten hat. As opslûpen jonge is er troch syn heit bejeftige (of opskipe) mei in wolvegeast. Foar safier't er wit is hy de iennichste yn hiel it Wold dy't mei in bistegeast oanhelle is. Mei't eltsenien dy't derby belutsen wie koarte tiid letter stoar of útnaaide, hat er nea immen freegje kind wat syn heit dêrmei yn 't sin hie. Hy hat jierrenlang fochten om 'e wolvegeast folslein te ûnderdrukken, wat him úteinlik slagge is, sadat er fan 'e Timpel in ûntheffing krigen hat. Fierdersoan is de ienfâldige driging dy't útgiet fan it maatskiplik stigma dat mei it yn jin dragen fan in bistegeast ferbûn is, tige brûkber foar segelmaster Hetwar, dy't Ingrey om dy reden de hân boppe de holle hâldt.

The Hallowed Hunt iepenet as der op in ôfhandich jachtslot in prins, de jongste soan fan 'e hillige kening, fermoarde wurdt, en Hetwar Ingrey dêrhinne stjoerd om it spul te berêden. As er dêr ienris oankomt, docht bliken dat prins Boleso omgriemde mei de âlde wâldtsjoenderijen en bisteketterijen. Hy hie frouwe Ijada, syn moardneresse, opeaske fan syn suster, prinsesse Fara, wa har hofdame oft hja wie, blykber mei as doel om har tsjin har wil te twingen om syn mêtresse te wurden. Mar Ingrey ûntdekt dat er op deselde jûns dat er fan doel wie om Ijada te ferkrêftsjen, ek in loaihoars smoard hat op 'e manear sa't yn it Alde Wold offers brocht waarden: mei in sidene koarde oan in ikene balke. Wat er krekt fan doel wie, is ûndúdlik; wol is klear dat er syn plannen net ferwêzentlikje kind hat, mei't frouwe Ijada him mei syn eigen striidhammer de harsens ynslein hat.

Oan Ingrey de net te fergunnen opdracht om 'e sjenante dea fan 'e prins te behimmeljen en syn moardneresse werom te bringen nei de haadstêd, om har dêr oan it gesach oer te dragen foar in berjochting dy't foar har sûnder mis oan 'e galge einigje sil. Syn taak wurdt noch helte dreger makke as er fernimt dat er stadichoan fereale rekket op it naïve fanke, en as er him boppedat op in oare manear mei har ferbûn begjint te fielen as se opbychtet dat de geast fan Boleso syn loaihoars hàr siel ynkrongen is. Mar hy begjint oan himsels en syn eigen sûnens fan geast te twifeljen as er har by trije ûnderskate gelegenheden om ûnferklearbere redens, tsjin syn eigen wil yn, besiket te fermoardzjen. Mei de nije fermogens dy't de loaihoarsgeast har skinkt, stelt Ijada lykwols fêst dat immen him in beswarring oplein hat; der binne blykber lju dy't net wolle dat sy de haadstêd libben berikt.


Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.


Underweis moetsje se de timpeltsjoenderesse Hallana, in âlde kunde fan Ijada, dy't helpt om 'e moardsuchtige beswarring fan Ingrey ôf te nimmen, mar dêrby brekt syn wolvegeast los fan 'e bannen dy't Ingrey him oplein hie. Fan gefolgen moat Ingrey dan leare om te gean mei de boppenatuerlike fermogens dy't er sa lang ûnderdrukt hat. Letter komme se Ingrey syn neef tsjin, de kargreve Wencel, dy't troud is mei prinsesse Fara, en dy't harren yn 'e mjitte reizge is om Boleso syn lykprekaasje it lêste ein nei de haadstêd te begelieden. Ta Ingrey syn alteraasje docht bliken dat Wencel ek in bistegeast yn him draacht, eat dat Ingrey nea earder opmurken hat mar no gewaarwurdt mei syn nij-ûntwekke fermogens.

Nei't se yn 'e haadstêd oankommen binne, wurdt Ijada op foarspraak fan Wencel net yn in tsjerker smiten, mar fêstset yn in kibige boargerwente dy't de greve yn eigendom hat. Yn 'e dagen dêrnei besykje Ingrey en Ijada tegearre wiis te wurden út alle winken, riedsels en gekmeitsjende fraachstikken dy't har foarlein binne. Wa hat Ingrey de moardsuchtige beswarring oplein? Wêrom woe dyjinge Ijada dea hawwe? En wat hawwe de fiif goaden mei dit alles te krijen? Want dàt se der wat mei te krijen hawwe, liket wis, yn acht nommen dat se Ijada fan it Bloedfjild dreame litten hawwe en harren op ferskate oare manearen mei de gong fan saken bemuoie. Boppedat hat Ingrey sels yn dy snuorje twaris in godsûnderfining. De earste kears sprekt de Bastert him ta as er midden op it timpelplein yn 'e haadstêd in dûme iisbear delbêdet, en de twadde kears kriget er ûnder de begraffenis fan prins Boleso in fizioen wêryn't de Soan fan 'e Hjerst him Boleso syn siel lotterje lit fan in ferskaat oan bistegeasten, sadat de prins tagong krije kin ta it hjirneimels. Underwilens is dan oan it ljocht kommen dat syn wolvegeast Ingrey net inkeld ta in geastekriger makke hat, mar ta in sjamaan, mei sels noch gruttere krêften.

Wat mear oft Ingrey en Ijada oan 'e weet komme, wat dúdliker oft it wurdt dat alles yn 'e rjochting fan Wencel wiist. Uteinlik beslút Ingrey syn neef op te sykjen, om 'e wierheid út Wencel te slaan, mocht dat nedich wêze. Ynstee dêrfan slacht Wencel de wierheid ýn Ingrey. Hy fertelt Ingrey, begelaat fan fizioenen dy't neat oan 'e twifel oerlitte, dat hy de lêste wiere hillige kening fan it Wold is, dy't fjouwerhûndert jier lyn út alle macht besocht om 'e ynfaazje fan Audar de Grutte tsjin te kearen. Doe't alle hope ferlern rekke om dat op gewoane wize te dwaan, tochten de tsjoenders en sjamanen fan it Wold in grutte betsjoening op, wêrby't de geastekrigers foar harren ûnderhâld ferbûn waarden oan 'e beammen sels, sadat hja ûnoerwinlik waarden en dat bliuwe soene oant de oerwinning behelle wêze soe. De hillige kening foarme it mulpunt fan dy betsjoening, dy't trije dagen duorre om te bewurkmasterjen. Lykwols, ear't de trije dagen om wiene en de betsjoening folslein, kamen Audar en syn troepen de Woldsters oer it mad, en deaden op it Bloedfjild fjouwertûzen geastekrigers en sjamanen en de hillige kening sels. Neffens de betsjoening waard lykwols de siel fan 'e hillige kening trochjûn oan syn erfgenamt, syn âldste soan, krekt sa't geastekrigers in bistegeast yn har siel opnimme (dit wie bedoeld om foar te kommen dat it Wold yn it hjitst fan 'e striid sûnder lieder komme soe te sitten). Mar de kroanprins wie op it Bloedfjild ek yn Dartakaanske hannen fallen; hy waard it lêst fan allegear ûnthalze. Doe barde der wat dat ûnbedoeld wie en dat nimmen ferwachte hie: de sielen fan 'e hillige kening en de kroanprins, mei betsjoening, de hillige kening syn hynstegeast, hillich keningskip en al, waard troch de ûnfolsleine betsjoening trochjûn oan 'e folgjende erfgenamt, de hillige kening syn twadde soan, en nei dy syn dea oan dy syn soan en doe oan dy syn soan ensafh. Inkeld de kroanprins wie op dizze ynkringing yn syn siel taret, dat Wencel moast syn oare erfgenamten it besit fan harren lichem en ferstân mei geweld ûntnaderje wylst er almar mear heal fertarde sielen yn him opnaam. Fjouwerhûndert jier fan dy kannibalistyske delgong troch de generaasjes fan syn eigen neiteam hawwe Wencel skriklik yn syn macht makke, mar ek skriklik yn syn sljochtsinnigens, op it rântsje fan wat foar de bûtenwrâld noch foar sûn fan geast trochgean kin. Hy jout de skuld fan syn ivige rûngong fan tramtaasje oan 'e goaden, dy't ommers syn gebedens net ferhearden, mar Audar sines wol. Dat no bliuwt der him oars neat oer as wraak te nimmen op 'e goaden. Hoe't er dat tinkt te dwaan, fertelt er net. Wol fertelt er dat Ingrey syn earstfolgjende erfgenamt is, dat Ingrey kin mar better sjen dat Wencel neat oerkomt (en dat er net finzen set wurdt, want gjin tsjerker soe sa djip wêze dat Wencel der net út ûntsnappe kinne soe troch de hân oan himsels te slaan).

De moardsuchtige beswarring dy't Ingrey oplein wie om Ijada har dea te beävensearjen liket in útwaaks fan Wencel syn oarloch tsjin 'e goaden te wêzen, al is it Ingrey noch altiten net alhiel dúdlik wêr't de ein datoangeande fêstsit. Mar hy hat op it stuit wichtiger soargen, want Wencel hat yn harren petear ek foarsteld dat Ingrey mar better by him yn 'e tsjinst komme kin, no't er safolle oan 'e weet kommen is. Ingrey wol syn hjoeddeiske wurkjouwer Hetwar freegje om 'e boat ôf te hâlden as Wencel him om Ingrey freget, mar Hetwar, dy't mei gragens in spion yn Wencel syn hofhâlding pleatse wol, is krekt hiel ynnommen mei it idee. Sa komt Ingrey by syn neef yn 'e tsjinst. Hy hopet yn elts gefal in warskôging ôfjaan te kinnen as Wencel einlik fanwegen komt.

Mar op in jûn koarte tiid letter, as Wencel einlings en te'n lêsten al syn tariedings ree hat, wurdt er Ingrey en syn frou Fara ynienen troch betsjoening oermânsk en fiert harren mei de stêd út. Mei tûzen hasten giet it dan halje-trawalje de wegen del, dagen oan in ein, oant se einlings it Bloedfjild berikke. Dat plak, dêr't fjouwerhûndert jier lyn it bloedbad plakfûn hat, is al dy ieuwen foar de goaden sletten bleaun, sawol troch Audar syn ferflokking fan dat stee, as trochdat Wencel it yn syn haat en gekte tsjin harren barrikadearre hie. De sielen fan 'e fjouwertûzen mannen dy't de Dartakanen dêr fermoarde hawwe, waarje dêr noch altiten om, ûnderstipe troch de betsjoening. Wencel iepenbieret no syn plan foar wraak op 'e goaden: hy hat einlik alles dat er nedich is om 'e betsjoening op te heffen, en as dat bart sille syn eigen siel en dy fan 'e fjouwertûzen fermoarde mannen foar ivich ôfskifte bliuwe fan 'e goaden en ta proai falle oan 'e ferjitnis (ek al diele de fjouwertûzen Wencel syn hate foar de goaden net en binne hja yn dizzen syn gizelders en net syn helpers. Wencel twingt Fara om himsels de kiel troch te snijen en twingt dêrmei Ingrey om him te lotterjen fan syn hynstegeast, want as er dat net docht sil de betsjoening syn gearheaping oan sielen mei alles derop en deroan oergean litte nei Ingrey sels. De hynstegeast, dy't Wencel de fermogens fan in sjamaan besoarge, is in essinsjeel ûnderdiel fan 'e betsjoening; sadree't er dêrfan ûntdien is, begjint de betsjoening ôf te raffeljen en wurdt wei. Dêrmei liket Wencel syn sin krijen.

Mar dan ferskynt Ijada ynienen op it toaniel, dy't Ingrey-en-dy al fan dy earste nachts ôf yn it selskip fan fiif oaren efterfolge hat. Yn har dream fan it Bloedfjild wie hja troch de geasten ta harren findeldraachster makke, en yn dy hoedanichheid blykt se op dit plak in beskate macht te hawwen (wat foar Wencel reden wie om Ingrey de moardsuchtige beswarring op te lizzen). No bringt se de geasten yn 't sin dat it hillich keningskip einiget mei de dea, en Wencel is no krekt ommers lang om let stoarn. Dêrop kieze de geasten in nije kening, en dat wurdt Ingrey. Dy beskikt dêrtroch dan oer de macht om 'e goaden ta te litten op it Bloedfjild, yn 'e foarm fan fiif stjerlike minsken: learde Hallana; har man, learde Oswin; en har âlde mentor, learde Lewko; en fierders kroanprins Biast, de âldere broer fan Fara en Boleso; en foarst Jokol fan it fiere Arfrastpekka, de eigner fan 'e iisbear — allegearre lju dy't Ingrey earder al met en kennen leard hie. Dit is wêr't de goaden al dy ieuwen op oanarbeide hawwe: se binne de fjouwertûzen ôfskifte sielen net fergetten. Yn in nacht dy't duorret salang't mar nedich is, lotteret Ingrey dan de fjouwertûzen fan harren bistegeasten, dat hja troch ien fan 'e fiif minsklike poarten yngean kinne yn it hjirneimels en harren by har persoanlike god of goadinne jaan kinne. Inkeld Wencel en in hantsjefol oaren stegerje de goaden ôf en swine fuort ta neat.

No't de taak folbrocht is, freget Ingrey Ijada oft hja mei him trouwe wol en kriget tawurd. Sa bart, en prins Biast en segelmaster Hetwar soargje dat de saak tsjin Ijada nea foar it gerjocht komt, wylst de trije learde preesters foar Ijada in ûntheffing bemachtigje foar it yn har dragen fan 'e geast fan it loaihoars. De ein fan it boek liket te ymplisearjen dat de âlde religieuze praktiken fan it Wold yn in nije foarm werlibje sille.

Oersettings[bewurkje seksje | edit source]

  • Flag of Bulgaria.svg Bulgaarsk (Sveštenijat Kral), fert. Milena Ilieva, 2005;
  • Flag of Croatia.svg Kroätysk (Posvećeni Lov), fert. ?, 2005;
  • Flag of Germany.svg Dútsk (Im Schatten des Wolfes), fert. Alexander Lohmann, 2006;
  • Flag of France.svg Frânsk (La Chasse Sacrée), fert. Mélanie Fazi, 2006;
  • Flag of Russia.svg Russysk (Svjaščennaja Ochota), fert. A. Aljeksandrova, 2006;
  • Flag of Spain.svg Spaansk (La Búsqueda Sagrada), fert. Isabel Merino, 2006;
  • Flag of the Czech Republic.svg Tsjechysk (Boží Lov), fert. Karel Stirius Vik, 2006;
  • Flag of Italy.svg Italjaansk (L'Incantesimo dello Spirito), fert. Gianluigi Zuddas, 2008;
  • Flag of Romania.svg Roemeensk (Vânătoarea Sfântă), fert. Raluca Chirvase, 2010;[3]
  • Flag of Japan.svg Japansk (?), fert. ?, 2013;
  • Frisian flag.svg Frysk (Yn it Skaad fan de Wolf), fert. Willem Sjoerds Janzen, 2014.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

The Hallowed Hunt waard yn 2014 ûnder de titel Yn it Skaad fan de Wolf yn it Frysk oerset troch Willem Sjoerds Janzen, dy't der in nijsgjirrich neiwurd oan tafoege. Dêryn giet er yn op 'e histoaryske feiten dy't Bujold har ta útgongspunt nommen hat by it skriuwen fan dizze fierders folslein op fantasij berêstende roman, en ek betanket er û.m. dû. Liuwe H. Westra, de oersetter fan Tolkien syn Master fan Alle Ringen yn it Frysk, foar dy syn help as testlêzer. De 487 siden tellende oersetting waard mei stipe fan 'e Stifting FLMD en de Douwe Kalma Stifting útjûn troch Utjouwerij Elikser te Ljouwert, yn in kreaze omslach ûntwurpen troch foarmjouster Evelien Veenstra.

Neffens in yn it Ingelsk steld brief fan Janzen oan 'e skriuwster, dat op 18 juny 2014 mei syn goedfinen publisearre waard op Bujold har blôch (hjirre), fertelde er dat er earst fan doel wie en neam de oersetting De Hjeljacht, in troch himsels betocht neologisme dat in letterlike fertaling fan 'e Ingelske titel The Hallowed Hunt wêze soe. Healwei it oersetten begûn it him lykwols te daagjen dat it miskien net dochs sa handich is om in boek in titel te jaan dêr't sels yn 'e wol ferve Fryske lêzers hollebrekken oer hawwe. "De Hillige Jacht" stie him lykwols as titel net oan. Nei wat gestin en omsneupen op it ynternet ûntdiek er dat de Dútske oersetting Im Schatten des Wolfes hiet, wat er wol moai klinken fûn. Syn útjouster Jitske Kingma wie dat mei him iens, sadat se datoangeande fluch út 'e rie wiene.

Prizen en Nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Map of the Ibran Peninsula (www.dendarii.com).
  2. Bujold, Lois McMaster, Eosblog (www.dendarii.com)
  3. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  4. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

De Chalion-syklus
The Curse of Chalion | Paladin of Souls | The Hallowed Hunt (Fryske oersetting: Yn it Skaad fan de Wolf) | fjirde boek (noch net skreaun) | fyfde boek (noch net skreaun)