Fertelperspektyf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In fertelperspektyf, ek wol fertelynstânsje of gewoan de ferteller neamd, is in term út 'e narratology dy't oanjout hoe't in ferhaal ferteld wurdt. Oer it algemien kin steld wurde dat dêr trije foarmen fan binne.

  • It auktoriële perspektyf: der is in alwittende ferteller dy't boppe it ferhaal stiet en dy't altiten op 'e hichte is fan 'e motiven, tinzen en gefoelens fan wa dan ek.
  • It personele perspektyf: de ferteller kin identifisearre wurde mei de (of ien fan 'e) haadpersoanen; de lêzer kriget allinne mar te hearren wat dy ien persoan wit en tinkt. Dit perspektyf kin ek fan persoan ta persoan ferspringe, mar ornaris per haadstik of paragraaf, en net per sin.
  • It ik-perspektyf: it ferhaal wurdt fertelt yn 'e ik-foarm en de lêzer kriget neat oars te hearren as wat de ik-persoan wit en tinkt.

Oare perspektiven besteane wol, mar binne tige seldsum. Sa binne der boeken dy't yn 'e wy-foarm skreaun binne, lykas yn Het dikke schrift van Ágota Kristóf, dat in libbensbeskriuwing fan in twilling is.