Arno Brok
Ut Wikipedy
Arnoud Adrianus Maria (Arno) Brok (Leerdam, 29 july 1968) is in Nederlânske boargemaster fan de VVD.
Fan 1998 oant 2003 wie hy wethâlder yn Ljouwert. Fan 2003 oant 2010 wie hy boargemaster fan Snits. Sûnt 2010 is hy boargemaster fan Doardt.
In opfallend optreden yn syn funksje as boargemaster fan Snits wie de lanlike yntocht fan Sinterklaas op 12 novimber 2005.
Opmerklik oan Brok is dat hy in iepenlik homoseksueel boargemaster is. Dêrom is hy per 15 septimber 2005 foarsitter wurden fan de Ried fan Bestjoer fan Schorer, in belange-organisaasje fan homoseksuelen, biseksuelen en transseksuelen.
Hy wie ek foarsitter fan de Fryske Rie fan Tsjerken.
Yn 2000 krige Arno Brok de Fear yn’e Broek fan de Ried fan de Fryske Beweging.