Springe nei ynhâld

Wâldrock

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wâldrockfestival)
Wâldrock
Wâldrock 2004
Wâldrock 2004
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Burgum
holden yn Festivalterrein Simmerwei
tiid fan it jier Simmer
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre metal
bestean 19882009

Wâldrock wie in jierliks metal-festival fan ien dei dat alle jierren yn Burgum holden waard op in terrein tusken Burgum en Hurdegaryp. It festival wie alle jierren. It festival begûn yn 1988 as in popfestival, mar sûnt 1991 spilen der benammen metal-, hardrock- en gothicbands. It festival waard om de sfear te bewarjen beheind holden ta maksimaal 12.000 minksen. Dochs hie Wâldrock yn 'e rin fan de tiid ferskate grutte bands, as Iron Maiden, Motörhead Slayer, Heaven & Hel en Rammstein hân. It festival waard alle jierren troch in Fryske band iepene. Yn juny 2010 waard bekend dat Wâldrock definityf ophâlde soe. Mei-inoar hawwe mear as 400 bands op Wâldrock spile.[1]

Fan "trochsneed"-festival nei metal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste trije jierren (1988, 1989 en 1990) wie it festival noch in 'trochsneed' muzykfestival mei bands as Claw Boys Claw, de Nits en Fatal Flowers. It besikersoantal lei yn dy jierren op sa'n 1500 minsken. Doe't yn 1990 it besikersoantal net langer oprûn mar sels wat mindere, waard de koers wizige. Wâldrock 1991 waard it kearpunt yn de programmearring fan it festival: Wâldrock waard in metalfestival. Foar de edysje fan dat jier waarden ûnder mear Sepultura en Mucky Pup kontraktearre. Dizze feroaring wie in gouden greep: it tal besikers gie fan 1400 yn 1990 nei ûngefear 3000 yn 1991. De organisaasje besleat de stevige line troch te setten. Yn de jierren dêrop groeide it festival nei in lytse 5000 besikers yn 1995. In dy jierren ferskynden bands as Morbid Angel, Venom, Bad Religion, Gwar, Napalm Death en The Gathering op ot poadium.

Yn 1996 makke it festival nochris in grutte stap. It besikersoantal ferdûbele nei sa'n 10.000 minsken. Foar in grut part kaam dit rekordoantal troch de line-up, mei grutte nammen as Ministry, Slayer, Fear Factory en Type O Negative. In jier letter waard befêstige dat Wâldrock in bekende namme is yn de festivalwrâld. Mei in bytsje mindere line-up as yn 1996 luts it festival dochs wer 7500 minsken. Ek yn 1998, 1999 en 2000 kamen 7500 minsken nei it festival. Publykslûkers wienen doe û.m. Dream Theater, Soulfly, Paradise- Lost, Sepultura en Mercyful Fate, The Kovenant, Nashville Pussy, Motorhead en Machine Head.

Wâldrock 2002 krige alwer in feroaring: der waard in twadde poadium by makke. Met de komst fan dit (lytsere) poadium ûntstie de mooglikheid om it programma te ferbreedzjen. Dat betsjutte, dat der dat jier fyftjin bands op Wâldrock spilen, wêrûnder Within Temptation, Tristania, Alec Empire, Kreator en Agnostic Front. De reden foar de komst fan it twadde poadium lei yn de omstandichheid dat it al in oantal jierren hieltyd slimmer waard om echt grutte nammen nei Burgum te heljen. Oarsaak hjirfoar wie diels dat de grutte bands hieltyd djoerder waarden, mar ek de tanimmende konkurrinsje yn de festivalwrâld hie dêrmei te krijen. Tusken grutte festivals yn binnen- en bûtenlân en benammen Ozzfest (oer de wrâld lûkend metalfestival mei grutte bands) bleau Wâldrock noch hieltyd in relatyf lyts festival, mei in dêrby passend lytser budzjet foar bands. De 2007 edysje hie sels trije poadia. Foar it festival hie dit fierders gjin grutte gefolgen. It maksimale besikersoantal bleau 12.000 minsken. Troch dizze lytsskaligens stiet Wâldrock nammentlik bekend as 'gesellich' en 'ûntspannen'.

Wâldrock is in festival dat organisearre wurdt troch en draait op frijwilligers. Sûnder dizze frijwilligers, dy't harren mei hert en siele ynsette foar in goed ferrin fan it festival, soe it organisearjen fan Wâldrock ûnmooglik wêze. Boppedat soarget it entûsjasme fan de frijwilligers foar de gesellige sfear foar, ûnder en nei it festival.

Optredende bands

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strawelte spile yn 1990 en 2008 op Wâldrock.

De iepeningsband fan Wâldrock wie steefêst in Fryske band.

De organisaasje hat foar Wâldrock ferskate grutte bands nei Burgum helle. Ferneamde bands dy't op Wâldrock spile ha binne; Iron Maiden, Motörhead, Deftones, HIM, Apocalyptica, Dimmu Borgir, Megadeth en oare bekenden.

Jier Dei Publyk Terrein Bands Opm.
1988 sneon
10 septimber
1500 minsken Autocrossterrein
by Sumar
Doede Bleeker · Restless · Brimstone · De Dijk · Kobus gaat naar Appelscha · Claw Boys Claw · The Nits
1989 sneon
8 july
likernôch 1500 Sportfjilden
Burgum
Pigmeat · The Amp · Livin' Blues · Weekend at Waikiki · No Exqze · Fatal Flowers · Claw Boys Claw As earste haadact wie China Crisis kontraktearre,
doe't dy ôfseine waard Fisher Z. regele.
Mar op it lêst koe die ek net en waard Claw Boys Claw wêr frege.

1990 oant en mei 1995

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Dei Publyk Terrein Bands Opm.
1990 sneon
11 augustus
likernôch
1500
Sportfjilden
Burgum
Reboelje · Jewel · Gringos Locos · Strawelte · Bad To The Bone · Tröckener Kecks · Kristi Rose and the Midnight Walkers · Pigmeat
1991 sneon
22 juny
likernôch
3000
Sportfjilden
Burgum
Glasnost · Skyclad · Incursion Dementa · Heathen · Scat Opera · Mucky Pup · Candlemass · Sacred Reich · Sepultura
1992 sneon
4 july
sa'n
3300 minsken
Sportfjilden
Burgum
Dust Devil · Messiah · Killers · Xentrix · Pestilence · Nuclear Assault · Paradise Lost · Morbid Angel
1993 sneon
3 july
likernôch
3700
Sportfjilden
Burgum
Megakronkel · Psychotic Waltz · The Gathering · Sevent Sign · Lawnmower Deth · Deicide · Toy Dolls · Voivod · Bad Religion · Death
1994 sneon
9 july
likernôch
4200
Terrein
oan de Simmerwei
Omission · Anathema · Skintrade · Gorefest · NOFX · Napalm Death · Sick of It All · Obituary · Gwar terrein skean tsjinoer de letter lokaasje
1995 sneon
24 juny
sa'n
4500 minsken
Festivalterrein
oan de Simmerwei
Ancestral Sin · Madball · My Dying Bride · Pro-Pain · Benediction · Sick of It All · Machine Head · Venom Festivalterrein oan de Simmerwei, fân no ôf de fêste lokaasje.

1996 oant en mei 1999

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Dei Publyk Bands Opm.
1996 sneon
29 juny
10.000 Hideous Sun Demons · Morbid Angel · Gorefest · Madball · Downset. · Life of Agony · Type O Negative. Fear Factory en Slayer útferkocht
1997 sneon
28 juny
sa'n
7.000
Cone · Lagwagon · Grip Inc. · Napalm Death · Cradle of Filth · Biohazard · The Gathering · Rammstein · Megadeth
1998 sneon
27 juny
likernôch
8.000.
Pro-Pain · Dimmu Borgir · Obituary · Two · Soulfly · Paradise Lost · Dream Theater Dat jier soene Marilyn Manson en Savatage ek komme mar die seine yn de wike foar wâldrock ôf.
1999 sneon
3 july
in lytse
6.000 besikers
My Minds Mine · Deviate · Urban Dance Squad · Altar · In Flames · HammerFall · Immortal · Mercyful Fate · S. O. D. · Sepultura

2000 oant en mei 2009

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Bands Opm.
2000 Artvist · Cro-Mags · Demons & Wizards · The Kovenant · Machine Head · Madball · Marduk · Motörhead · Nashville Pussy · Slayer
2001 Apocalyptica · Biohazard · Dark Funeral · Deftones · Devin Townsend · Fantômas · Macabre · Opeth · Saxon · Spirit 84 · Suicidal Tendencies
2002 After Forever · Agnostic Front · Akercocke · Arch Enemy · Autumn · D.R.I. · Deströyer 666 · Alec Empire · Hypocrisy · Kreator · Motörhead · Overkill · Room No. 13 · Tristania · Within Temptation
2003 Annihilator · Anthrax · Blood For Blood · Clawfinger · Devoted To Hate · HIM · Iron Maiden · Katafalk · Lacuna Coil · Madball · Murderdolls · Peter Pan Speedrock · Sepultura · Stratovarius · Type O Negative
2004 Cannibal Corpse · Cradle of Filth · Exodus · Fear Factory · Finntroll · Hatebreed · Monster Magnet · Moonspell · Mortuary IOD · My Dying Bride · Nevermore · Testament · Transport League · Twisted Sister · Within Temptation
2005 Accept · Cephalic Carnage · Dimmu Borgir · DIO · Entombed · Epica · Icepick · Life of Agony · Mastodon · Megadeth · Meshuggah · Metal Church · Scarve · Soilwork · Strapping Young Lad Scarve wie de ferfanger fan Black Label Society dy't net kaam opdagen. [2]
2006 After Forever · Alice In Chains · Bloodsimple · Born From Pain · DevilDriver · Helloween · Kamelot · Motörhead · Nile · Shaboon · Soulfly · Stone Sour · Stream Of Passion · Trivium · Y&T Op 1 july 2006 wie de 19e edysje fan it festival. It wie ûnbewolke en ûngefear 28° Celsius, wêrtroch it publyk mei in túnslange wiet holden waard om ôfkuolje te kinnen. Yn de foarferkeap wienen ûngefear 6000 kaarten ferkocht.
2007 Dead Horse Running · Testament · Within Temptation · Moonspell · Celtic Frost · Dropkick Murphy's · Vader · Aborted · Osdorp Posse & Laberinto · Gorerotted · Terror · Meshuggah · One Bullet Left · Moonsorrow · M.A.N · Obituary · Autumn · The Monolith Deathcult · Marduk · Destruction * Hoewol't it lange tiid ûnseker wie oft Wâldrock yn 2007 wol trochgean soe, waard yn febrewaris fan dat jier de knoop trochhakt en besletten dat it festival op lytsere skaal op 7 july holden wurde soe.

*Destruction ferfong W.A.S.P, dy't troch famyljeomstannichheden net komme koe.

2008 Greyline · Death by Stereo · Helmet · Pagan's Mind · Forbidden · Hail of Bullets · Rose Tattoo · Morbid Angel · Alchemist · Death Angel · Biohazard · Strawelte · Symphony X · Life of Agony · Hollenthon · Lordi · Queensrÿche · 1349 · My Dying Bride · Slayer (haadact)
2009 Blind Sight · Bring Me the Horizon · Carcass · Delain · Disintegrate · DragonForce · Epica · Heaven & Hell · Killswitch Engage · Motörhead · Papa Roach · Pilgrimz · Trivium · Wolves In The Throne Room · Voivod · Legion of the Damned · Napalm Death

De organisaasje hat de mooglikheden foar in trochstart fan Wâldrock sjoen. Benammen de grutte bands waarden foar de organisaasje te djoer. Dêrom waard yn juny 2010 definityf besletten om definityf op te hâlden mei Wâldrock.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Wâldrock hâldt definityf op, Omrop Fryslân webside (sjoen op 26-06-2010)
  2. metalfan