Springe nei ynhâld

Opper-Sû Mienskip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Upper Sioux Mienskip)
Opper-Sû Mienskip
Ingelsk Upper Sioux Community
lânseigen Pežuhutazizi Kapi Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
haadkertier Granite Falls (Minnesota)
etnisiteit Eastlike Dakota
ledetal 410 (2010)
oprjochting 1938
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Opper-Sû Yndianereservaat
lokaasje súdwestlik Minnesota
oerflak 5,1 km²
ynwennertal 60 (2000)
offisjele webside
www.uppersiouxcommunity-nsn.gov
kaart
Opper-Sû Mienskip (Minnesota)
Opper-Sû Mienskip
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Minnesota.

De Opper-Sû Mienskip (Ingelsk: Upper Sioux Community; Eastlik Dakota: Pežuhutazizi Kapi Oyáte, útspr.: [pe'ʒuhutazizi 'kapi o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Minnesota.

De namme fan 'e Opper-Sû Mienskip komt fan it feit dat der yn 'e njoggentjinde iuw twa Sû-reservaten oan 'e rivier de Minnesota wiene, wêrfan't dy streamôf "Neder-Sû" (Lower Sioux) neamd waard, en dy streamop "Opper-Sû" (Upper Sioux). De langere namme fan "Opper-Sû Yndianemienskip" (Upper Sioux Indian Community) wurdt ek wol brûkt.

De organisaasje, dy't (wer)oprjochte waard yn 1938, hat 410 leden, en it haadkertier is fêstige yn Granite Falls, yn Minnesota. De leden besteane út etnyske (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Mdewakanton-, Sisseton- en Wahpeton-stammen.

It reservaat fan 'e Opper-Sû Mienskip is it lytse Opper-Sû Yndianereservaat (Upper Sioux Indian Reservation) fan súdlik Minnesota, dat in oerflak hat fan mar 5 km², en dêr't yn 2000 likernôch 60 minsken wennen.

De Opper-Sû Mienskip is ien fan fjouwer lytse, federaal erkende Sû-stammen yn súdlik Minnesota, dy't de restanten foarmje fan 'e Eastlike Dakota, de oarspronklike bewenners fan dat gebiet. Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waarden hja lykwols foar it meastepart út har heitelân wei deportearre nei de Dakota's en Nebraska, al namen party eigener beweging de wyk nei Kanada. Nei 1862 waard it Opper-Sû-reservaat opheft, en moast de stamme 76 jier lang lykfol hokker erkenning misse, oant yn 1938 it reservaat weromjûn en de organisaasje as rjochtspersoan weroprjochte waard.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota