The Water Diviner

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Water Diviner
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
The Water Diviner logo.png
makkers
regisseur Russell Crowe
produsint Troy Lum
Andrew Mason
Keith Rodger
senario Andrew Anastasios
Andrew Knight
basearre op wiere foarfallen / boek (sjoch ynl.)
kamerarezjy Andrew Lesnie
muzyk David Hirschfelder
filmstudio RatPac Entertainment
Icon Productions
Hopscotch Features
Fear of God Films
distribúsje Entertainment One Films (Austr.,
   Jeropa en Kanada)

Universal Pictures Australia (Austr.)
Warner Bros. (Feriene Steaten)
spilers
haadrollen Russell Crowe
Olga Kurylenko
byrollen Dylan Georgiades
Yılmaz Erdoğan
Cem Yılmaz
Jai Courtney
Steve Bastoni
Ryan Corr
skaaimerken
lân/lannen Flag of Australia (converted).svg Austraalje
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 2 desimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske romantyske dramafilm
taal Ingelsk
Turksk
spyltiid 111 minuten
budget en resultaten
budget $22,5 miljoen
opbringst $38,2 miljoen
prizen AACTA Award

The Water Diviner is in Australysk-Amerikaanske histoaryske romantyske dramafilm en anty-oarlochsfilm út 2014 ûnder rezjy fan 'e Australyske akteur Russel Crowe, mei yn 'e haadrollen Crowe sels en de Oekraynske aktrise Olga Kurylenko. De titel betsjut: "De Wettersiker" (d.w.s. ien dy't mei in wichelroede rint om wetter te finen). It ferhaal, folget in Australyske heit waans trije soannen yn 'e Earste Wrâldoarloch oan it front yn Jeropa fjochtsje. As se net weromkeare, reizget er sels de heale wrâld rûn om harren te sykjen. De film is loskes basearre op 'e roman mei deselde namme fan Andrew Anastasios en dr. Meaghan Wilson-Anastasios. Dat boek wie wer basearre op ien regel út in brief fan in Alliëarde ofsier. The Water Diviner krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, wêrby't de measte krityk útgie nei it feit dat de Armeenske Genoside en de Pontysk-Grykske Genoside der net ien kear yn neamd wurde.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919, oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, is Joshua Connor in boer en wettersiker yn 'e outback fan Austraalje. Syn trije soannen Arthur, Edward en Henry binne fjouwer jier lyn as soldaten oersee gien mei it ANZAC, it Australian and New Zealand Army Corps ("Legerkorps fan Austraalje en Nij-Seelân") en hawwe oan it front fochten yn 'e Gallipoli-kampanje tsjin it Osmaanske Ryk, op it skiereilân Gallipoli, oan 'e Dardanellen, by Konstantinopel (Istanbûl). Hja binne alle trije op deselde dei fermist rekke en wurde troch it Britske Leger as sneuvele beskôge. As Connor syn frou Eliza út fertriet om it ferlies fan har soannen selsmoard docht, ûnthjit Connor har by har grêf om 'e jonges te sykjen en se njonken har te begraven.

Nei't Connor in fearnsjier lang mei it skip ûnderweis west hat, arrivearret er yn Konstantinopel, dat nei de nederlaach fan it Osmaanske Ryk yn 'e Earste Wrâldoarloch beset gebiet is dat bestjoerd wurdt troch de Britten. Troch it fernimstige jonkje Orhan, de iennichste dy't Connor tsjintkomt dy't Ingelsk sprekt, wurdt er nei it hotel laat dat eksploitearre wurdt troch Orhan syn mem Ayşe. Dyselde is alhiel net wiis mei Connor syn komst, mei't se de Australiërs as fijannen sjocht. Har man Turgut hat nammentlik ek by Gallipoli fochten, en is dêr krekt as Connor syn soannen fermist rekke. Har sweager Omer twingt har lykwols om Connor as gast yn it hotel ta te litten.

Om't Gallipoli oanmurken is foar oarlochsgebiet, moat Connor tastimming fan 'e Britske militêre autoriteiten hawwe om dêrhinne reizgje te kinnen. Hy wurdt lykwols op alle mooglike manearen tsjinwurke. As Ayşe mear oer him en it doel fan syn reis te witten komt, kriget se begrutsjen mei him. Se riedt him dan oan om 'e Bosporus oer te stekken nei it Aziatyske diel fan Konstantinopel, en dêrwei de trein te nimmen nei it súdwesten. Oan 'e kust fan 'e Dardanellen kin er dan in fisker betelje om him oer te setten nei Gallipoli; sa hat er gjin ferlet fan Britske tastimming om dêrhinne reizgje te kinnen. Tankber folget Connor har rie op.

Op it skiereilân Gallipoli is in ANZAC-ienheid ûnder lieding fan luitenant-kolonel Cyril Hughes dwaande om alle sneuvele Alliëarde soldaten op te spoaren en wer te begraven yn oarlochsgrêven. Hja hawwe dêrby de help ynroppen fan in eardere Osmaanske ofsier dy't op Gallipoli fochten hat, majoar Hasan, dy't beselskippe wurdt fan syn freon, sersjant Cemal. Hughes wol Connor mei it earstfolgjende befoarriedingsskip weromstjoere nei Konstantinopel, mar Hasan liket, nei't him in foto fan Connor syn trije soannen ûnder eagen kommen is, in persoanlik belang by Connor syn syktocht te hawwen. Hy bepraat Hughes om Connor te helpen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Connor set syn feardichheid om ûndergrûnske wetterboarnen te finen no yn om it plak te finen dêr't syn soannen lizze, en as der groeven wurdt op it plak dat er oanwiist, fine Hughes-en-dy dêr yndie de stoflik omskotten fan Edward en Henry. Connor wol harren mei weromnimme nei Austraalje, om se njonken harren mem te begraven, mar Hughes ûntpraat him dat ûnpraktyske idee, en de beide jonges wurde werbegroeven op it nije earefjild fan Gallipoli. Sawol Hughes as Conner geane derfan út dat Arthur, Connor syn âldste soan, ek al hawwe se syn lyk net fûn, dochs ek op itselde plak omkommen wêze moat, om't er syn bruorren nea efterlitte soe. Mar Hasan jout Connor in list mei nammen fan Alliëarde soldaten dy't op Gallipoli kriichsfinzen nommen binne troch de Osmanen, dêr't ek in Arthur Connor op stiet.

Werom yn Konstantinopel nimt Connor op 'e nij syn yntrek yn it hotel fan Ayşe. Mei troch tadwaan fan 'e lytse Orhan groeie hy en Ayşe stadichoan mear nei inoar ta. Se fertelt him op in stuit dat yn Turkije alles mei kofje besletten wurdt. Sels houliken. As der in houlik regele wurdt, komme de brêgeman en syn âlden by de famylje fan 'e breid op besite. De breid tsjinnet kofje op; as dy bitter is, betsjut it dat se neat fan it houlik witte wol, mar as der sûker trochhinne sit, sjocht se de brêgeman wol sitten. Wat swieter de kofje, wat grutter har leafde.

Underwilens besiket Connor te efterheljen nei hokker kriichsfinzenekamp de Arthur Connor fan 'e list stjoerd is, mar by de Britske militêre autoriteiten rint er oan tsjin deselde ûnwil om him te helpen as earder, wylst oan 'e Osmaanske kant in protte papierwurk ferlern gien is, as it al ea bestien hat. Hy besiket help te krijen fan majoar Hasan en sersjant Cemal, dy't ek nei Konstantinopel weromkeard binne, mar dy beiden hawwe harren eigen besonjes. Se binne oan kop en earen ta behelle yn 'e nasjonalistyske Turkske beweging fan Mustafa Kemal, en risselwearje om mei oare frijwilligers nei it binnenlân fan Anatoalje te reizgjen om dêr yn 'e oangeande Gryksk-Turkske Oarloch tsjin 'e Griken te fjochtsjen.

Underwilens wurdt Ayşe troch har sweager Omer ûnder druk set om einlings en te'n lêsten te akseptearjen dat har man Turgut net weromkomme sil. Hy wol dat se mei him trouwe sil, as twadde frou njonken syn earste frou Fatma. As se dêr op in stuit rûzje oer meitsje dy't sa heech oprint dat der klappen falle, komt Connor tuskenbeiden, wêrmei't er him de haat fan Omer op 'e hals hellet. Boppedat falt Ayşe nei him út en beskuldiget him derfan dat er it spul inkeld minder makke hat. Se freget Connor om har hotel te ferlitten, mar as er dat docht wurdt er opwachte troch Omer en trije fan syn freonen, dy't him mei stokken in wan bruien jaan wolle. Connor wurdt lykwols rêden troch Cemal, dy't krekt op dat stuit by it hotel arrivearret om him by Hasan te bringen.

Hasan fertelt Connor dat er útsocht hat dat de Arthur Connor fan 'e list nei it kriichsfinzenekamp yn Afion, yn Anatoalje, brocht is. Ek fertelt er dat hy en Cemal en harren mannen mei koarten nei Anatoalje reizgje sille om harren by it leger fan Mustafa Kemal te jaan, dat de Griken befjochtet. Harren reis sil harren by Afion lâns fiere, en hy seit ta dêr nei Arthur Connor ynformearje te sillen. Hy ornearret lykwols dat der net folle kâns is dat Connor syn soan noch libbet, want de kriichsfinzenekampen binne al lang opheft en de kriichsfinzenen frijlitten. As Arthur noch libbe, wêrom is der dan net thúskommen? Hasan fertelt Connor ek hoe't er foar it earst in Australiër fan gesicht ta gesicht mette. It wie yn Gallipoli, dêr't in Australyske soldaat mei in wite flagge weau en doe bretaalwei troch it nimmenslân tusken de rinfuorgen yn nei de Osmaanske linys rûn, wylst der twatûzen gewearen op him rjochte wiene. Hy brocht in ferwûne Osmaanske soldaat by Hasan, dy't dêrnei út tankberens in sigaret mei him dielde. Nei't de Australiër weromgien wie nei de Alliëarde liny murk Hasan dat er syn pakje sigaretten en syn oanstekker kwyt wie.

Neitiid keart Connor werom nei it hotel om syn tas op te heljen dy't dêr efterbleaun is troch de oanfal fan Omer-en-dy. Ayşe ûntskuldiget har foar har eardere hurde wurden, en se bringe oerenlang pratend oan 'e kokentafel troch. As Connor let op bêd rekket, dreamt er dat Arthur noch libbet. De oare moarns, as de dage noch mar kwealk oan 'e loft is, steane in Britske ofsier en in stikmannich soldaten by it hotel foar de doar om Connor nei de haven te eskortearjen, sadat se der wis fan binne dat er oan board giet fan in skip dat him fia Kalkutta werombringe sil nei Austraalje. Om syn dream kin Connor syn syktocht no net opjaan, dat mei help fan Ayşe ûntkomt er oer de dakken en jout er him by Hasan en Cemal, dy't er smeket om him mei te nimmen nei Anatoalje.

Sa komt Connor middenmank in Turkske militêre ienheid op in trein dy't him djip Anatoalje yn bringt. Underweis hellet Cemal in cricketkneppel foar it ljocht dy't er yn 'e Alliëarde rinfuorgen fûn hat, en freget him wêr't dat ding foar is. Connor besiket de Turken dan yn in treinwagon de basisregels fan cricket by te bringen. De wille wurdt rou fersteurd as de trein ta stilstân twongen wurdt troch in obstakel oer de rails, wêrnei't de wagons fan 'e omlizzende heuvels ôf ûnder fjoer nommen wurde troch ûngeregelde Grykske troepen. Alle soldaten komme dêrby om, en Hasan en Cemal wurde finzennommen. As steatsboarger fan in neutraal lân litte de Griken Connor foarearst gewurde. As de Grykske kommandant Hasan en Cemal mei harren eigen pistoalen stânrjochtlik eksekutearje wol, slacht Connor him lykwols mei de cricketkneppel fan efteren del. Hasan en Cemal brekke dêrnei frij, mar Cemal komt om as er in feech oer de hals kriget mei in sabel. Connor en Hasan stelle de hynders fan 'e Griken en naaie tegearre út.

Underwilens set Omer yn Konstantinopel Ayşe ûnder druk om mei him te trouwen. Hja besiket útstel te krijen troch yn rou te gean foar har man Turgut. Connor en Hasan berikke Afion krekt op it stuit dat it doarp troch de Griken oanfallen wurdt. As Connor dêr in wynmotor stean sjocht sa't se dy ek yn Austraalje bouwe, is er wis dat Arthur noch libbet. Hy fynt syn soan werom yn it pleatslike tsjerkegebou, dêr't er ûnderhâld docht. Arthur is lichaamlik sûn, mar geastlik traumatisearre. Hy fertelt Connor dat er by in oanfal ferwûne yn it nimmenslân tusken de rinfuorgen efterbleau. Hoewol't er harren taraasde by him wei te bliuwen, kamen Edward en Henry werom om him te rêden. Beiden waarden se trochsingele mei kûgels út in Osmaansk masinegewear. Henry wie op slach dea, mar Edward lei oerenlang te kermjen wylst er stadich deablette. Uteinlik frege er Arthur om him dea te sjitten, en dat die Arthur. Om't syn bruorren net mear nei hûs koene, fûn er dat er sels ek net fertsjinne hie om nei hûs, dat nei't er frijlitten wie út it kriichfinzenekamp bleau er yn Afion hingjen.

Tsjin 'e tiid dat Arthur syn ferhaal dien hat, kringe de Griken it doarp binnen. Hasan moat sjen dat er fuortkomt. Hy nimt ôfskie troch tsjin Connor te sizzen dat syn soan him noch in pakje sigaretten en in oanstekker skuldich is. Arthur liedt syn heit nei in rivier ta, dy't him, as er deryn springt, by de Grykske troepen lâns nei de kust ta spiele sil. Connor makket Arthur dúdlik dat er neat hat om nei werom te gean, dat as Arthur net meikomt, bliuwt er sels ek dêr't er is. Tegearre springe se dan yn 'e rivier. Wiken letter berikke se Konstantinopel, dêr't se nei it hotel fan Ayşe geane. Dy hat ûnderwilens ôfsjoen fan it houlik mei Omer en alle bannen mei de famylje fan har man silger ferbrutsen. As Connor wer yn it hotel komt, servearret se him in kop kofje dêr't mear sûker as focht yn sit.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Joshua Connor Russell Crowe
Ayşe Olga Kurylenko


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Orhan Dylan Georgiades
majoar Hasan Yılmaz Erdoğan
sersjant Cemal Cem Yılmaz
luitenant-kolonel Cyril Hughes Jai Courtney
Omer Steve Bastoni
Arthur Connor Ryan Corr
Eliza Connor Jacqueline McKenzie
Natalia Isabel Lucas
kaptein Charles Brindley Daniel Wyllie
ofsier Mert Firat
pastoar McIntyre Damon Herriman
Fatma Megan Gale
imaam Deniz Akdeniz
Edward Connor James Fraser
Henry Connor Ben O'Toole
kolonel Demergelis Robert Mammone
soldaat yn treinstasjon Charlie Allan

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Water Diviner is loskes basearre op 'e roman mei deselde namme fan Andrew Anastasios en dr. Meaghan Wilson-Anastasios. It ferhaal foar dat boek giet werom op ien inkele regel út in brief skreaun troch de Australyske luitenant-kolonel Cyril Hughes, dy't op it skieleilân Gallipoli foar de Imperial War Graves-ienheid wurke, in legerôfdieling dy't belêstge wie mei it werbegraven fan sneuvele Alliëarde militêren. Hy skreau ienfâldichwei: "Ien keardel slagge it sels om hielendal oer te kommen út Austraalje op 'e siik nei it grêf fan syn soan." Nei in jier fan ûndersyk wiene Anastasios en Wilson-Anastasios net by steat om te efterheljen wa't dy heit en soan wiene, wat harren de frijheid joech om it ferhaal dat letter ferfilme wurde soe, sels fierder yn te foljen.

The Water Diviner wie it debút as regisseur fan 'e Australyske akteur Russell Crowe. Hy wurke dêrby op basis fan in senario fan Andrew Anastasios en Andrew Knight. As produsinten wiene by it projekt belutsen: Troy Lum, Andrew Mason en Keith Rodger foar de filmstudio's RatPac Entertainment, Icon Productions, Hopscotch Features en Fear of God Films. Der wie in budget fan US$22,5 miljoen foar de film beskikber. De kamerarezjy waard fersoarge troch Andrew Lesnie, wylst de filmmuzyk makke waard troch David Hirschfelder.

De opnamen fan The Water Diviner giene op 2 desimber 2013 fan start. De film waard opnommen op lokaasje yn Austraalje en Turkije, en der waard sawol Ingelsk as Turksk yn sprutsen. De distribúsje waard yn Austraalje fersoarge troch Entertainment One Films yn gearwurking mei Universal Pictures Australia, yn 'e Feriene Steaten troch Warner Bros., en yn Jeropa en Kanada troch Entertainment One Films allinnich.

De wrâldpremiêre fan The Water Diviner fûn plak op 2 desimber 2014 yn it State Theatre yn Sydney, wêrnei't er yn Austraalje, Nij-Seelân en Turkije yn 'e bioskopen iepene op 26 desimber. Yn 'e Feriene Steaten wie de film yn in beheind tal bioskopen te sjen fan 24 april 2015 ôf. Op 20 april 2015, op 'e hûndertste betinking fan ANZAC Day, waard The Water Diviner foar it earst op 'e Australyske tillefyzje útstjoerd troch it Seven Network, dat yn 'e film ynvestearre hie.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Water Diviner waard troch de filmkritisy mei mingde resinsjes ûntfongen. Dêrby wie de measte krityk rjochte op it feit dat yn 'e film net ien kear de Armeenske Genoside, de Pontysk-Grykske Genoside of de Assyryske Genoside neamd wurde, dy't yn it tiidrek dat de film beskriuwt, begien waarden troch it Osmaanske Ryk. The Sydney Morning Herald omskreau The Water Diviner om dy reden as "in ferdraaiïng fan 'e skiednis dy't inkeld tsjinnet om Turkije en syn oanhâldende aginda fan genoside-ûntkenning tefreden te stellen." Anthony McAdam fan The Spectator skreau: "As men estetyske omtinkens gewurde lit, benimt it gebrek oan histoaryske kontekst yn 'e film jin feitliks de siken."

Der ûntstie sadwaande al rillegau in protestbeweging tsjin The Water Diviner en in rop om 'e film te boykotsjen. De Facebook-side Protest and Boycott The Water Diviner krige 16.000 likes, en de media diene der ferslach fan dat neikommelingen fan 'e slachtoffers fan 'e genosides dy't ûnder en fuort nei de Earste Wrâldoarloch yn it Osmaanske Ryk plakfûnen, poerrazen wiene om't yn 'e film de Turken as de slachtoffers foarsteld wurde, wylst se har eins doedestiden oanhâldend skuldich makken oan oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid tsjin 'e minderheden yn harren lân.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Water Diviner in ridlik goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 145 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelde: "Mei The Water Diviner stiet Russell Crowe wat wif op 'e skonken as regisseur, mar hy wurdt rêden troch in sterk optreden fan himsels as haadrolspiler." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Water Diviner in goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 36 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Water Diviner behelle wrâldwiid in opbringst fan US$30,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $22,5 miljoen komt dat del op in winst fan $15,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch fan ôfmoasten. It wie de meast opbringende Australyske film fan 2014. Yn Austraalje sels brocht de film $12,3 miljoen op. Yn Turkije, dêr't The Water Diviner tige goed ûntfongen waard, behelle de film in opbringst fan 14,3 miljoen Turkske pûnen (omrekkene $5,7 miljoen).

By de Academy of Australian Cinema and Television Arts Awards (of AACTA Awards), de wichtichste Australyske prizen op it mêd fan film en tillefyzje, waard The Water Diviner yn 2015 nominearre foar njoggen kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Russell Crowe), bêste byrol fan in aktrise (Jacqueline McKenzie), bêste orizjinele senario (Andrew Anastasios en Andrew Knight), bêste filmmontaazje (Matt Villa), bêste produksje-ûntwerp (Christopher Kennedy), en bêste fisuële effekten (David Booth, Prue Fletcher, Marc Varisco en Adam Paschke). De film wûn trije AACTA Awards, te witten yn 'e kategoryen bêste film, bêste byrol fan in akteur (Yılmaz Erdoğan), en bêste kostúmûntwerp (Tess Schofield).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.