Springe nei ynhâld

Oarlochsgrêf

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Earefjild)
It Amerikaansk Begraafplak fan Normanje, in militêr earefjild.

In oarlochsgrêf is in grêf foar militêren of boargers dy't omkommen binne yn in oarlochssitewaasje of by in militêre operaasje. Sokke grêven wurde ornaris mei mear as gebrûklike earbied behannele, en yn prinsipe nea romme. In oarlochsgrêf kin diel útmeitsje fan in 'gewoan' begraafplak: sa binne yn Fryslân op in soad tsjerkhôven wol ien of in pear oarlochsgrêven te finen út 'e tiid fan 'e Twadde Wrâldoarloch.

In begraafplak dat allinnich mar oarlochsgrêven omfettet, wurdt oantsjut as in earefjild, earehôf, earebegraafplak, militêr begraafplak of oarlochsbegraafplak. Bekende earefjilden binne it Nederlânske Earefjild Loenen (4.000 grêven), dêr't in protte lju werbegroeven binne dy't op 'e Waalsdorpervlakte deasketten waarden, it Dútsk militêr begraafplak yn Lommel (39.000 grêven), it Dútsk militêr begraafplak yn Ysselsteyn (31.600 grêven), it Amerikaansk Begraafplak Margraten (8.300 grêven), it Tyne Cot Begraafplak yn it Belgyske Passendale (12.000 Britske grêven út 'e Earste Wrâldoarloch) en it Nasjonaal Begraafplak Arlington by de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. (mear as 400.000 grêven).

Yn sokke oarlochsgrêven rêste net inkeld militêren dy't op direkte wize yn 'e striid sneuvele binne, mar ek bemanningsleden fan delsketten fleantugen, fersetsminsken en oare lju dy't stânrjochtlik eksekutearre binne, ta de deastraf feroardiele en eksekutearre fersetslju, twangarbeiders, Joaden, ûnderdûkers, militêren dy't oan sykten stoarn binne, militêren dy't yn kriichsfinzenskip omkommen binne en oare finzenen dy't stoarn binne oan 'e ûntbearings ûnder harren finzenskip.

De term 'oarlochsgrêf' is lykwols net allinnich fan tapassing op grêven dy't diel útmeitsje fan begraafplakken. Ek marineskippen en keapfardijskippen dy't yn oarlochstiid ta sinken brocht binne, wurde beskôge as oarlochsgrêven, en itselde jildt foar delstoarte militêre fleantugen dy't neitiid net opromme binne (benammen as se yn see delkamen).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.