Springe nei ynhâld

The Nice Guys (film)

Ut Wikipedy
The Nice Guys
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Shane Black
produsint Joel Silver
Ethan Erwin
Aaron Auch
útfierend
   produsint
Ken Kao
Hal Sadoff
Alex Walton
Michael J. Malone
senario Shane Black
Anthony Bagarozzi
kamerarezjy Philippe Rousselot
muzyk John Ottman
David Buckley
filmstudio Silver Pictures
Waypoint Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Russell Crowe
Ryan Gosling
Angourie Rice
byrollen Margaret Qualley
Matt Bomer
Beau Knapp
Keith David
Kim Basinger
Yaya DaCosta
Murielle Telio
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 maaie 2016
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske neo-noir-
   detektivekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $62,8 miljoen

The Nice Guys is in Amerikaanske histoaryske neo-noir-detektivekomeedzje út 2016 ûnder rezjy fan Shane Black, dy't ek oanmurken wurde kin foar in swarte komeedzje en/of in aksjekomeedzje. De haadrollen waarden fertolke troch Russell Crowe, Ryan Gosling en Angourie Rice. De film spilet yn Los Angeles yn 1977 mei in plot dy't draait om in pear privee-detektives dy't by in ûndersyk nei in fermissing in dôfpotskandaal fan 'e Amerikaanske auto-yndustry op it spoar komme. The Nice Guys krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar waard yn 'e bioskopen mar in midsmjittich súkses.

Yn it Los Angeles fan 1977 bewûnderet in minderjierrige jonge in neaken centerfoldfoto fan pornostjer Misty Mountains, as der him ynienen in auto yn it hûs fan 'e jonge boarret. Dy blykt bestjoerd te wurden troch de echte Misty Mountains, dy't by it ûngemak omkomt.

Frou Glenn, de muoike fan Misty, is der lykwols fan oertsjûge dat se har muoikesizzer nei it ûngemak noch libben en wol sjoen hat doe't se by Misty har hûs in blik troch it rút wurp. Se wegeret te akseptearjen dat Misty dea is, en hiert de snústerige privee-detektive Holland March yn om har te finen. March is oan legerwâl rekke sûnt de dea fan syn frou by in brân, en wurdt inkeld noch dreaun trochdat er foar syn tolvejierrige dochter Holly soargje moat. Hoewol't er net bot syn bêst docht, liedt syn ûndersyk him nei in jonge frou dy't Amelia Kuttner hjit. March ornearret dat de bejierre frou Glenn Amelia foar har muoikesizzer oansjoen hat. Underwilens wurdt Amelia, dy't fijannen hat dêr't March neat fan ôfwit, senuweftich fan syn gesneup, en hiert de lûsje Jackson Healy yn, dy't tsjin betelling lju yninoar slacht. Healy siket March thús op en brekt syn earm om him derfan te oertsjûgjen en lit Amelia gewurde.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid wurdt Healy lykwols sels thús oerfallen troch twa swiere jonges, dy't er de bynammen Blaukop en Aldere Keardel jout. Dy beiden wolle fan him witte wêr't se Amelia fine kinne, mar Healy, dy't net fluch bang is, pakt in ôfseage jachtgewear en jaget se fuort. Om't Blaukop him net op in wize holden en droegen hat dy't Healy 'profesjoneel' achtet, is it foar him no persoanlik wurden. Dêrom beslút er om Amelia, dy't fermist rekke is, te finen foar't it aaklike duo dat dwaan kin. Hy wit sels lykwols net hoe't er dat oanpakke moat. Lokkigernôch hat er koartby kunde krigen oan in privee-detektive, ek al hat er dy de earm brutsen. March liket it earst wol nei fleanen dat Healy him no ynhiere wol, mar hy sit krap by kas, en as Healy flink wat jild biedt, nimt March de opdracht oan.

Tegearre ûnderfreegje de mannen de leden fan in groep miljeu-aktivisten dêr't Amelia lid fan is. Ien fan 'e oare leden, in jongeman dy't Chet hjit, bringt harren tsjin betelling nei it útbaarnde hûs fan Amelia har frijer Dean, dy't by de brân omkommen is. March en Healy ûntdekke dat Amelia en Dean mei Misty Mountains gearwurken oan in 'eksperimintele film' dy't ûnder de titel How Do You Like My Car, Big Boy? pornografy en ûndersykssjoernalistyk kombinearre. Jûns ynfiltrearje se yn Hollywood in wyld feest yn 'e filla fan Sid Shattuck, de finansier en produsint fan 'e film. Healy kringt de priveefertrekken fan Shattuck binnen en ûntdekt dat it iennichste eksimplaar fan 'e film mist, wylst in dronken March sûnder it te merken it paad fan Amelia krúst, oer in muorke knoffelet, by de heuvel delrôlet en ûnderoan yn in greppel it lyk fan Shattuck fynt.

March syn jonge dochter Holly, dy't har heit efternei glûpt is nei it feest (en dy't twa kear sa fernimstich is as March en Healy byinoar), wit ûnderwilens foar te kommen dat Blaukop Amelia fermoardzje kin. Blaukop wurdt neitiid troch in auto oanriden wylst er midden op 'e dyk stiet, en Amelia naait út. Healy, dy't yn 'e tuskentiid slaande deilis rekke is mei Aldere Keardel, slacht syn fijân fan him ôf en treft Blaukop deadlik ferwûne oan. De man skept der fernoegen yn om Healy te fertellen dat syn baas de beruchte hiermoardner John Boy yn 'e earm nommen hat, dy't Healy, March, Amelia, Holly en alle oare tsjûgen omlizze sil. Healy weeft mei Blaukop ôf troch him op diskrete wize te smoaren. As Holly him letter freget oft er de man deamakke hat, lit er har leauwe dat dat net sa is.

Letter wurde March en Healy frege om by Amelia har mem Judith Kuttner te kommen, dy't in hege funksje beklaait yn it Amerikaansk Ministearje fan Justysje. Se fertelt de beide mannen dat har dochter oan waantinkbylden lijt en dat se har (Judith) dea hawwe wol. Se hiert de beide mannen yn om Amelia op te spoaren, wat foar March betsjut dat er no dûbel betelle kriget, fan Judith Kuttner en fan Healy. Op basis fan in dizenige oanwizing dy't se fûn hawwe, bejouwe March en Healy harren nei in hotel fuortby de lofthaven, dêr't Amelia in gearkomste hat mei de distributeurs fan har film. John Boy arrivearret dêr lykwols earder as harren, en as se der tsjûge fan binne hoe'n bloedbad dy dêr ûnder de distributeurs oanrjochtet, sette de beide mannen gau de ôftocht yn. Foar't se fuortride kinne, komt Amelia lykwols alhiel oerémis op it dak fan harren auto del. As se harren fan 'e motorkap ôf besjitte wol, wurdt se troch de weromslach fan har revolver efteroer smiten, wêrby't se delkomt op 'e dyk en bewusteleas rekket.

March en Healy nimme har mei nei March syn hûs. Nei't se bykommen is, fertelt Amelia oan harren en Holly dat har mem ûnderdiel útmakket fan in gearspanning fan Amerikaanske autoprodusinten út Detroit. Amelia ûntdiek dat har mem-en-dy de útfining fan 'e katalysator besykje te ûnderdrukken, dy't de útstjit fan útlaatgassen regulearret, om't de ynfiering fan dat apparaat neidielich wêze soe foar de ynkomsten fan 'e auto-yndustry. Om dat dôfpotskandaal oan it ljocht te bringen, makke Amelia mei meistanners lykas har frijer Dean en pornostjer Misty Mountains de film How Do You Like My Car, Big Boy? Mar har mem krige dêr lucht fan en hat eltsenien dy't by de film belutsen wie, fermoardzje litten.

March en Healy witte no net mear wa't se leauwe moatte, mar se hingje derta oer om it ferhaal fan Judith oan te nimmen, om't dat fan Amelia sa ûnwierskynlik klinkt. As March Judith opbellet om har te fertellen dat se Amelia fûn hawwe, freget Judith har assistinte Tally harren om yn opdracht fan Judith earne in koffer mei $100.000 yn kontanten te besoargjen. March falt lykwols ûnderweis efter it stjoer yn 'e sliep. By it dêropfolgjende iensidige ferkearsûngemak fljocht de koffer iepen, en blykt der inkeld krantepapier yn te sitten. March en Healy beseffe dan dat it besoargjen fan 'e koffer in ôfliedingsmaneuver wie, dy't Amelia ûnbewekke by March thús efterlitte soe. Se hastigje harren nei hûs ta, dêr't John Boy ûnderwilens in wraam docht op Amelia. Troch tuskenkomst fan Holly kin Amelia op 'e nij flechtsje, en March en Healy arrivearje op 'e tiid om Holly te rêden. Der folget in sjitpartij tusken John Boy en March en Healy, mar as yn 'e fierte de sirenes fan 'e plysje klinke, kiest de hiermoardner it hazzepaad. Deunby wurdt John Boy lykwols Amelia gewaar, dy't in lift hawwe wol om fuort te kommen en dêrby sûnder euvelmoed har moardner oanhâldt. John Boy sjit har dea en riidt troch.

March en Healy besykje de saak oan 'e plysje oer te dragen, mar it ûntbrekt harren oan eltse foarm fan bewiis. As se harren nochris nei it hûs fan Misty Mountains bejouwe, ûntdekke se dat de âlde frou Glenn har yndie nei har dea noch sjoen hat: projektearre op in filmskerm yn har wenkeamer. Se beseffe dat Amelia yn Misty har hûs de film besjoen hat, en dat der dus in twadde eksimplaar fan bestean moat. Neitiid komme se derefter dat Chet, de jongeman út Amelia har groep miljeu-aktivisten, de projeksjonist is foar de Los Angeles Auto Show, in grutte fakbeurs fan 'e auto-yndustry, en dat er besykje sil om op dat evenemint de film ôf te spyljen.

As se harren nei de Los Angeles Auto Show bejouwe, wurde March en Healy lykwols ûnderskept troch Tally, dy't harren mei in pistoal bedriget. Holly, dy't it op 'e nij foarinoar krigen hat om mei, liedt Tally lykwols ôf, wêrnei't Healy har bewusteleas slacht. Dêrnei spoart Healy Chet op, dy't de film middenyn de offisjele presintaasje fan 'e fakbeurs ferburgen hat. De film wurdt ôfspile en hiel it publyk sjocht it bewiis dat de topmannen fan 'e auto-yndustry yn it skandaal behelle binne. Underwilens wrakselet March op it dak fan it hotel dêr't de fakbeurs holden wurdt mei Aldere Keardel, en as se al fjochtsjendewei fan it flatgebou ôfrûgelje, falt Aldere Keardel te pletter, wylst March in meter fierderop telâne komt: yn it swimbad. Holly keart tsjin dat Tally de projeksje fan 'e film stopje kin, wylst Healy mei brút geweld John Boy oermasteret. As er de hiermoardner lykwols deameitsje sil, wurdt er tsjinholden troch Holly, dy't him yn 'e rekken hold om't se har betinkings hie oer it ferstjerren fan Blaukop.

March hat ûnderwilens de film bemachtige, dy't oerdroegen wurdt oan 'e plysje. Judith wurdt neitiid arrestearre, mar se hâldt út dat it nea har bedoeling wie dat Amelia fermoarde wurde soe. Se bliuwt der lykwols by dat sy yn 'e hiele saak oan 'e goede kant stie, want, sa seit se: "Wat goed is foar Detroit [d.w.s. de auto-yndustry], is goed foar Amearika." Ta blydskip fan Holly beslute March en Healy letter om troch te gean mei harren gearwurking as privee-detektives, en se neame harren detektiveburo The Nice Guys ("De Aardige Jonges").

Russell Crowe.
Ryan Gosling.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jackson Healy Russell Crowe
Holland March Ryan Gosling
Holly March Angourie Rice


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Amelia Kuttner Margaret Qualley
John Boy Matt Bomer
Blaukop Beau Knapp
Aldere Keardel / Eddie Harris Keith David
Judith Kuttner Kim Basinger
Tally Yaya DaCosta
Misty Mountains Murielle Telio
frou Glenn Lois Smith
Bergen Paulsen Gil Gerard
Jessica Daisy Tahan
Chet Jack Kilmer
jonge op fyts Lance Valentine Butler
Bobby Ty Simpkins
Bumble Hannibal Buress
Sid Shattuck Robert Downey jr. (cameo)

Krekt as de foargeande film dy't regissearre waard troch Shane Black, Kiss Kiss Bang Bang, wie The Nice Guys ynspirearre troch in wurk fan skriuwer Brett Halliday, te witten syn roman Blue Murder. Black rûn al hiel lang mei it plan foar de film om. Hy skreau yn 2001 tegearre mei Anthony Bagarozzi de earste ferzje fan it senario, dêr't de haadpersonaazjes út fuortkamen, mar dy't fierders hielendal net liek op 'e úteinlike film. Nei't Black it hielendal werskreaun hie, besocht er it as pilotôflevering foar in tillefyzjesearje oan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS te sliten, mar hoewol't der dêr belangstelling foar bestie, rûn it úteinlik nearne op út. Yn 2009 kaam Bagarozzi mei de suggestje om 'e film net yn 'e hjoeddeistige tiid, mar yn 'e 1970-er jierren te pleatsen. Black syn freon Joel Silver, dy't ûnderwilens as filmprodusint oan board kommen wie, hie dêr earst syn betinkings oer, om't er eins net ferwachte dat it Amerikaanske bioskooppublyk iepenstean soe foar in histoaryske film. Hy feroare fan gedachten nei't er it súksesfolle Sherlock Holmes produsearre hie.

Yn 2013, nei't Black Iron Man 3 makke hie, frege Silver him hokker filmprojekt oft er no oanpakke woe. Dêrop joech Black oan dat it no einlings en te'n lêsten mar ris wurde moast mei The Nice Guys. Doe't it senario foar dy film nei Russell Crowe en Ryan Gosling stjoerd waard, dy't Black op it each hie foar it spyljen fan 'e haadpersoanen, seine se allebeide binnen trije dagen ta, mei as motyf net inkeld de film, mar ek de kâns om mei-inoar gear te wurkjen.

Opnamen en postproduksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Nice Guys waard regissearre troch Shane Black en produsearre troch Joel Silver foar de filmstudio's Silver Pictures en Waypoint Entertainment. As ko-produsinten wiene by de film Ethan Erwin en Aaron Auch belutsen, en as útfierende produsinten Ken Kao, Hal Sadoff, Alex Walton en Michael J. Malone. Der wie foar de film in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Philippe Rousselot en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Ottman yn gearwurking mei David Buckley. Ottman beseach in soad tillefyzjeprogramma's út 'e 1970-er jierren om mei de muzyk en de soundtrack de goede toan te finen.

Ek produksje-ûntwerper Richard Bridgland die syn bêst om it Los Angeles út 'e 1970-er jierren nei te meitsjen. In grut probleem foar him dat neat mei de histoaryske perioade te krijen hie, wie dêrby dat in meastepart fan 'e opnamen, dy't op 27 oktober 2014 úteinsetten, yn Atlanta en Decatur (Georgia) plakfûnen, dêr't it folle griener is mei in wielderiger plantegroei as yn it woastinige Los Angeles. Nettsjinsteande dat slagge it Bridgland om guon passende lokaasjes te finen, lykas it hûs fan Dallas Austin, dat basearre wie op it wurk fan arsjitekt John Lautner yn Súdlik Kalifornje, en it Hiltonhotel fan Atlanta, dat hielendal net feroare wie sûnt it yn 1976 boud wie. Dochs moast foar opnames fan bûtendoarsênes letter noch útwykt wurde nei it echte Los Angeles, benammen as it gie om 'e bylden fan bekende lokaasjes. Ek kostúmûntwerpster Kym Barrett bodde ta om 'e geast fan 'e 1970-er jierren ta libben te wekjen. En foar de neakenfoto's fan Misty Mountain waard Arny Freytag ynset, dy't yn 'e 1970-er jierren de measte centerfolds yn 'e Playboy fotografearre hie.

Distribúsje en premiêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmstudio Warner Bros., dy't de filmdistribúsje foar The Nice Guys fersoarge, wurke oan it jierren '70-tema mei troch ynstee fan it moderne logo de troch Saul Bass ûntwurpen "Grutte W" te brûken, dy't fan 1972 oant 1984 it logo fan it bedriuw foarme. The Nice Guys gie op 11 maaie 2016 yn it TCL Chinese Theatre yn Hollywood yn premiêre. Nei dy galapremiêre folge in afterparty mei in jierren '70-tema yn The Hollywood Roosevelt Hotel. De film wie op 15 maaie ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, wêrnei't er op 20 maaie iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. The Nice Guys waard op 9 augustus 2016 útbrocht as digitale download, en op 23 augustus fan itselde jier op dvd en blu-ray.

The Nice Guys krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. IGN joech de film in 9, en priizge sawol it senario as de gearwurking fan Russell Crowe en Ryan Gosling. Yn 'e Chicago Sun-Times joech Richard Roeper de film trije fan fjouwer stjerren, en rôp Crowe en Gosling út ta it grappichste komeedzjeduo fan it jier. Resinsint James Berardinelli omskreau The Nice Guys as "in ferfrissend folwoeksen film op in merk dy't fersêde is fan tiner-freonlike superheldefehikels en animearre famyljekost." Hy neamde de film ek "skerp (hoewol net sa skerp dat dat in brekpunt wurdt foar it massapublyk), grappich en mei in fluch tempo." Hy joech The Nice Guys in skoare fan trije fan fjouwer stjerren.

Negative lûden wiene te hearren fan û.o. A.O. Scott, dy't yn The New York Times skreaun dat it de film ûntbrekt oan in "polityk gefoel foar skiednis" sa't bgl. Inherent Vice dat hie. Hy skreau: "Sels nostalgyske flauwe kul hat ferlet fan mear as in stoere hâlding en enerzjy, en dat is alles wat Black te bieden hat. Nettsjinsteande alle rêsteleaze detektivewurk is The Nice Guys net by steat om in siel of in reden foar syn [eigen] bestean op te spoaren." Yn The Hollywood Reporter skreau Todd McCarthy: "Dat de film fierhinne mislearret, hat folle mear te krijen mei it ûnoannimlike ûnderwerp as mei de akteurs." Dy lieten neffens him nammentlik yn harren gearwurking út en troch in libbene gemy op it mêd fan komeedzje sjen. McCarthy hie ek lof foar produksje-ûntwerper Richard Bridgland, kostúmûntwerpster Kym Barrett en kameraregisseur Philippe Rousselot, dy't neffens him it Los Angeles út 'e 1970-er jierren kundich yn byld brochten.

Op de webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Nice Guys in heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 300 ûnderskate resinsjes. Yn 'e bygeande konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, waard sawol it senario as de ûnderlinge gearwurking fan Crowe en Gosling priizge. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Nice Guys in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 51 resinsjes.

The Nice Guys brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $36,3 miljoen op en yn alle oare lannen en territoaria nochris $25,5 miljoen. De totale opbringst wrâldwiid kaam dêrmei út op $62,8 miljoen. Ofset tsjin it produksjebudget fan $50 miljoen behelle de film dus nettsjinsteande de oer it algemien loovjende kritiken mar in midsmjittige winst fan $12,8 miljoen, dêr't de marketingkosten noch fanôf moasten. Yn 'e Feriene Steaten ûnderfûn The Nice Guys yn 'e bioskopen frijwat konkurrinsje fan Captain America: Civil War en fral Neigbors 2: Sorority Rising, dy't op deselde doelgroep rjochte wie. Yn augustus 2018 joech regisseur Shane Black oan dat er graach in ferfolch op The Nice Guys meitsje woe, mar dat de film dêrfoar gewoan net genôch winst makke hie.

Yn 2016 waard The Nice Guys nominearre foar twa kategoryen by de Critics' Choice Awards, foar bêste komeedzjefilm en bêste akteur yn in komeedzjefilm (Ryan Gosling). Yn 2017 waard The Nice Guys fierders noch nominearre foar in Saturn Award foar bêste aksje- of aventoerefilm, en foar de Britske Empire Award foar bêste komeedzjefilm, bêste senario, en bêste froulike nijynkommeling (Angourie Rice).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.