Springe nei ynhâld

The Help (film)

Ut Wikipedy
The Help
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tate Taylor
produsint Chris Columbus
Michael Barnathan
Brunson Green
senario Tate Taylor
basearre op de roman fan Kathryn Stockett
kamerarezjy Stephen Goldblatt
muzyk Thomas Newman
filmstudio DreamWork Pictures
1492 Pictures
Reliance Entertainment
Participant Media
Image Nation
Harbinger Pictures
distribúsje Touchstone Pictures
spilers
haadrollen Emma Stone
Viola Davis
Octavia L. Spencer
byrollen Bryce Dallas Howard
Jessica Chastain
Allison Janney
Ahna O'Reilly
Aunjanue Ellis
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Yndia
Feriene Arabyske Emiraten
premiêre 9 augustus 2011
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 146 minuten
budget en resultaten
budget $25 miljoen
opbringst $216,6 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Golden Globe
3 × Screen Actors Guild Award
1 × BAFTA
2 × Satellite Award

The Help is in Amerikaansk-Yndiaask-Emiratyske histoaryske dramafilm út 2011 ûnder rezjy fan Tate Taylor. De haadrollen waarden fertolke troch Emma Stone, Viola Davis en Octavia L. Spencer, wylst Bryce Dallas Howard, Jessica Chastain en Allison Janney de wichtichste byrollen spilen. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Kathryn Stockett. De titel betsjut "De Help", yn 'e sin fan "De Húshâldster".

It ferhaal folget Eugenia "Skeeter" Phelan, in jonge blanke frou mei progressive ideeën, dy't yn it segregearre Amerikaanske Suden fan 'e iere 1960-er jierren in karriêre begjinne wol as sjoernaliste en skriuwster. Om har eigen dream te kombinearjen mei har maatskiplike belutsenens, wit Skeeter Aibileen Clark en Minnie Jackson, twa swarte húshâldsters, safier te krijen dat se harren libbensferhaal troch har optekenje litte. It resultearjende boek stelt it rasisme en de minne behanneling oan 'e kaak, dy't it swarte tsjinstfolk him fan 'e rike blanke wurkjouwers wolgefalle litte moat.

The Help krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar 4 Oscars en 5 Golden Globes, wêrûnder dy foar Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. Spencer wûn sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste byrol fan in aktrise.

Yn 1963 is Aibileen Clark in swarte húshâldster yn Jackson (Mississippy), yn it Amerikaanske Suden, dêr't de rasseskieding noch strang hanthavene wurdt. Hja wurket foar de rike blanke húsfrou Elizabeth Leefolt. Behalven dat se de húshâlding berêdt, fersoarget se ek de opfieding fan Elizabeth har dochterke Mae Mobley, dy't troch har mem ferwaarleazge wurdt. Aibileen har bêste freondinne is Minny Jackson, de ûnder húslik geweld fan har man Leroy lijende húshâldster fan 'e op jierren reitsjende frou Walters. Dy lêste is by har dochter Hilly Holbrook ynlutsen en sadwaande wurket Minny no eins foar Hilly, dy't foarsitter is fan 'e pleatslike ôfdieling fan 'e Junior League en ek op oare manearen in liedende posysje hat binnen it fermidden fan rike jonge blanke froulju yn Jackson.

Eugenia Phelan, dy't troch eltsenien 'Skeeter' neamd wurdt, is in skoalfreondinne fan Hilly en Elizabeth, dy't koartby ôfstudearre is oan 'Ole Miss', de Universiteit fan Mississippy. As iennichste yn it fermidden fan Hilly-en-dy hat sy progressive opfettings en wol se net sa gau mooglik trouwe en bern krije. Ynstee dreamt se fan in karriêre as sjoernaliste en skriuwster. Behalven dat se in feministe is, hat se ek folslein tsjinstelde ideeën oan dy fan har freondinnen oer de behanneling fan swarten. Wylst Hilly, Elizabeth en de oaren op it swarte tsjinstfolk en de Afro-Amerikanen yn it algemien delsjogge, beskôget Skeeter dyselden as har gelikensen en fynt se it freeslik ûnrjochtfeardich hoe't se behannele wurde. Se is sadwaande hieltyd ûnnofliker mei de rasistyske opfettings fan Hilly, dy't bgl. net wol dat it swarte tsjinstfolk nei itselde húske giet as sysels, om't se dêrmei gefaarlike sykten ferspriede soene.

Skeeter wennet mei har âldelju en broer op Longleaf, de katoenplantaazje fan har famylje op it plattelân bûten de stêd. Se sollisitearret by de Jackson Journal nei wurk as sjoernaliste en wurdt oannommen om in advyskollumn oer te nimmen dy't giet oer himmeljen. Dat is net de dreambaan dy't Skeeter siket, mar se nimt it oan om't se der fertrouwen yn hat dat it iene ta it oare liede kin. Mei't se sels lykwols neat fan himmeljen wit, freget se Elizabeth oft se de fragen dy't se fan lêzeressen kriget, foarlizze mei oan Aibileen. Sels hawwe de Phelans nammentlik gijin húshâldster mear: doe't Skeeter weromkaam fan har stúdzje fertelde har mem Charlotte har dat harren âlde húshâldster Constantine, dy't foar Skeeter mear in mem wie as Charlotte sels, yn 'e tuskentiid ûntslach nommen hie om by har dochter Rachel yn Chicago yn te lûken.

As se dat yn in petear mei Aibileen neamt, merkt se oan dy har reäksje dat der wat mei is. Skeeter wurdt erchtinkend en giet in konfrontaasje oan mei har bazige mem, dy't tajout dat Constantine net ûntslach nommen hat, mar ûntslein is. Skeeter is poer en beslút in boek te skriuwen oer de minne behanneling fan swarte húshâldsters troch harren rike blanke wurkjouwers. Se leit har idee foar oan Elaine Stein, in redaktrise by útjouwerij Harper & Row yn New York, dêr't Skeeter earder ôfwiisd wie foar in sollisitaasje. Frou Stein is foarsichtich posityf oer it útgongspunt, mar wol earst it resultaat sjen ear't se har fêstleit. Skeeter beseft dat se sels te min wit fan har ûnderwerp, dat se beslút it boek de foarm te jaan fan in rige fraachpetearen mei swarte húshâldsters.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As in orkaan oer Jackson tsjocht en Minny net it húshâldstershúske brûke kin om't dat in ein bûtendoar is, giet se mei goedkarring fan frou Walters nei de gaste-wc yn it hûs. As Hilly dat ûntdekt, is se lykwols sa nidich as in spin en jout se Minny dien. No is Minny in treflik itensiedster, eat dêr't se rûnom om bekend stiet, dat se ferwachtet wol rillegau in oare betrekking te finen, mar Hilly bringt de leagen yn omrin dat se stellen hat, sadat nimmen har mear oannimme wol. Aibileen helpt har lykwols oan in nije baan, want se wit dat Celia Rae Foote, de tsjeppe jonge frou fan Hilly har eks-freon Johnny Foote, om in swarte húshâldster ferlegen sit. No wol Hilly neat te krijen hawwe mei Celia Rae, net inkeld om't Celia Rae fan earmoedich komôf is, mar ek om't Hilly fermoedet dat Johnny al mei Celia Rae omsloech doe't er noch ferkearing mei har (Hilly) hie. Sadwaande kin Celia Rae noch neat heard hawwe fan Hilly har leagens oer Minny. It docht bliken dat Celia Rae in ferskriklike kok is, dy't skriemend ferlet hat fan Minny har help. Se wol it lykwols geheim hâlde dat se in húshâldster oannommen hat, om't se it foar Johnny oer net wêze wol dat se harsels yn 'e koken net rêde kin.

Skeeter freget Aibileen as earste om in fraachpetear ôfnimme te meien foar har boek. Aibileen hâldt earst de boat ôf, om't se net wis is oft Skeeter de earnst fan 'e sitewaasje wol ynsjocht. Mei't ferset tsjin segregaasje yn Mississippy tsjin 'e wet is, kinne se allebeide foar jierren it tichthûs yn draaie. As Aibileen der úteinlik yn tastimt om mei te wurkjen, moatte se alles yn it djipste geheim dwaan. Underwilens reitsje Minny en har nije wurkjouster Celia Rae, dy't har as in gelikens behannelet, mei-inoar befreone. Minny helpt har as Celia Rae in miskream kriget. Celia Rae, dy't bitter graach bern hawwe wol, fertelt har dat it har fjirde al is, en dat har man Johnny fan 'e beide foargeande neat ôfwit. Se bedobbet letter it lykje fan 'e foetus yn in skuondoaze ûnder in roazestrûk yn 'e tún.

Aibileen freget Minny om ek mei te wurkjen oan it boek, en hoewol't it har earst wol nei fleanen liket, docht se letter dochs mei. Elaine Stein fertelt Skeeter lykwols dat twa húshâldsters net genôch binne, en dat se teminsten fyftjin of tweintich ynterviewe moat om in goed boek te krijen. Aibileen en Minny besykje oare húshâldsters safier te krijen dat se de stap ek weagje, mar eangst foar ferjilding troch harren wurkjouwers wjerhâldt harren dêrfan. Aibileen lit Skeeter einlings it efterste fan har tonge sjen en fertelt oer de dea fan har ienlingssoan, dy't yn in houtseagerij wurke en dêr by in ûngemak swierferwûne rekke. Hy kaam dêrnei om trochdat him troch de blanke foarman medyske soarch ûntholden waard. Se hopet dat se dat freeslike ferlies troch har meiwurking oan it boek fan Skeeter in plak jaan kinne sil.

De nije húshâldster fan Hilly, Yula May, hat twa twillingsoannen dy't nei de middelbere skoalle allebeide trochleare wolle. Sy en har man wolle de jonges nei in universiteit foar swarten stjoere, mar se komme $75 tekoart foar it kolleezjejild. Yula May freget dêrom Hilly om in liening, mar Hilly stegeret har ôf en seit dat God net wol dat minsken dy't sûn fan liif en lidden binne, goeddiedichheid ûntfange. Dêr heakket se oan ta dat se Yula May dêrom eins in geunst docht troch har it jild net te lienen, en dat Yula May har dêr letter tankber foar wêze sil. By it himmeljen ûndekt Yula May letter efter de bank in ring mei in diamantsje dy't Hilly kwytrekke is. Se beslút it sieraad efteroer te drukken en nei de lommert te bringen om oan 'e $75 te kommen dy't se brek is. As se dat docht, skillet de lommert lykwols daliks nei't se ôfset is de plysje, om't gjin swartenien sa'n djoere ring heart te hawwen. De oare deis wurdt Yula May foar de eagen fan alle oare húshâldsters dy't op 'e bus steane te wachtsjen en yn it bywêzen fan in gnizende Hilly mei ûnfoech geweld arrestearre troch in fjouwertal blanke plysjes. As Skeeter dy jûns wer by Abilain thús komt, stiet it hiele hûs fol mei húshâldsters dy't harren ferhaal foar har boek dwaan wolle.

De moard op 'e swarte aktivist Medgar Evers en de moard op John F. Kennedy bringt Skeeter, Aibileen en Minny yn 't sin hoe gewelddiedich it yn it Suden om en ta gean kin. Hoewol't Skeeter alle nammen yn 'e ferhalen fan 'e húshâldsters feroare hat, binne se dochs noch benaud dat de ferhalen werkend wurde sille, mei mooglik alderaaklikste gefolgen foar de húshâldsters dy't út 'e skoalle klapt binne. Minny stiet der dan op dat der noch in ferhaal fan harres oan it boek tafoege wurde sil, eat dat se nea oan immen fertelle wollen hie, mar dat sa ferskriklik is dat it as in soarte fan fersekering tsjin wraak fan 'e wurkjouwers fungearje kin. Nei't Minny troch Hilly ûntslein wie en net mear oan it wurk koe om't Hilly omtromme hie dat Minny fan har stellen hie, brocht Hilly har ien fan har ferneamde sûkelarjetaarten. Hilly tocht dat se dêrmei besykje woe har âlde baan werom te krijen, mar eins wie it Minny om wraak te dwaan. Nei't Hilly twa stikken lytsman makke hie, fertelde se har dat se der in geheim yngrediïnt oan tafoege hie: har eigen trochgong. Hilly wist net hoe't se it hie, mar har mem, frou Walters, dy't earst kwetst wie om't se fan Minny net fan 'e taart ite mocht, rôle suver oer de grûn fan it laitsjen. Ut ferjilding stoppe Hilly har letter yn in fersoargingstehûs. Minny is der wis fan dat as se dat ferhaal yn it boek sette, Hilly oan har dea ta ûntstride sil dat yn it boek ferhalen út Jackson steane.

Op in galajûn dy't ûnder lieding fan Hilly organisearre is troch de Junior League om jild yn te sammeljen foar hongerjend Afrika, besiket Celia Rae op 'e nij om yn in goed bledsje te kommen by Hilly, ek al hat Minny har dat ûntret. By deselde gelegenheid nimt frou Walters foar har ferballing nei it fersoargingstehûs op subtile wize wraak op har dochter troch derfoar te soargjen dat Hilly by de ferlotting in sûkelarjetaart wint. Hilly giet derfan út dat it in stek ûnder wetter fan Celia Rae is, om't Minny no foar har wurket en har blykber oer de sûkelarjetaart ferteld hat. Dêrtroch, en troch in te seksy galajurk en tefolle drank op 'e lege mage, rint it neieroankommen dat Celia Rae sa graach wol, út op in debakel, wêrby't Celia Rae Hilly yn it iepenbier yn ferlegenheid bringt en dan de hiele boel derút jeit op 'e dûnsflier. De oare deis fertelt Minny oan Celia Rae hokfoar streek se Hilly lapt hat en wêrom. Celia Rae, dy't sa goed as bôle is en mient dat eltsenien is as sysels, begjint dan einlings en te'n lêsten foar it ferstân te krijen hoe'n aaklik kring Hilly eins is.

Elaine Stein is tefreden oer hoefolle húshâldsters no oan it boek meiwurkje, mar se wol dat Skeeter noch ien lêste ferhaal oan it boek tafoeget: dat fan harsels en har húshâldster Constantine. Dat, Skeeter stapt op 'e nij nei har mem Charlotte ta en easket dat dy har fertelt hoe't it mei it ûntslach fan Constantine krekt om en ta gien is. Charlotte bychtet op dat se op Longleaf in gearkomste fan 'e Daughters of America organisearre hie, wêrby't de steatsfoarsitter fan dy prestizjeuze frouljusferiening yn Mississippy, frou Higginbotham, Charlotte in ûnderskieding útrikte. Doe't se neitiid oan it miel sieten, kaam Constantine har dochter Rachel deryn, dy't op besite woe by har mem. De rasistyske frou Higginbotham dage Charlotte út om der wat oan te dwaan dat swarten samar it hûs ynrûnen, en Charlotte ûntsloech doe de op jierren reitsjende Constantine om har eigen gesicht te rêden. Skeeter wol nei Chicago ta om Constantine op te sykjen, mar Charlotte hat noch mear op te bychtsjen. Nei't se Constantine ûntslein hie, fielde se har freeslik en waard se tramtearre troch skuldgefoelens. Dat de oare deis sette se nei Constantine har wente om har ûntskuldigings oan te bieden en har te freegjen en kom werom. Doe't se dêr oan 'e doar kaam, die lykwols bliken dat Constantine deselde deis fan har ûntslach noch mei Rachel ôfset wie nei Chicago. Charlotte en Skeeter har heit, Robert Phelan, stjoerden Skeeter har broer nei Chicago om Constantine werom te heljen, mar tsjin 'e tiid dat dy Constantine dêr opspoard hie, wie it âldminske kommen te ferstjerren. As se dat ferhaal heart, feecht Skeeter har mem de mantel út en seit dat Constantine stoarn wêze moat oan in brutsen hert.

It boek fan Skeeter, dat de titel The Help kriget, wurdt anonym publisearre troch Harper & Row en ûntjout him ta in bestseller. Skeeter ferdielt it jild dat se dêrmei fertsjinnet ûnder de húshâldsters dy't oan it boek meiwurke hawwe. Sels kriget se fan Elaine Stein in baan by de útjouwerij oanbean. It boek wurdt net inkeld lêzen troch swarten, mar ek troch blanken, ûnder wa Hilly, dy't it op oanrieden fan har mem keapet. As se it ferhaal oer harsels en de sûkelarjetaart weromlêst, rekket se troch alles hinne breinroer. Se jaget yn har auto nei de Longleaf-plantaazje, dêr't se Skeeter bedriget mei in rjochtsaak foar kwealaster. As Skeeter derop wiist dat se dan ûnder de eed ferklearje moatte soe dat sysels de frou yn it taartferhaal is, falt it har yn dat dat dochs net sa'n goed idee is. Dêrop stapt se nei Skeeter har mem Charlotte om ferhaal te heljen, mar Charlotte, dy't it boek ek lêzen hat, seit tsjin har dat se better ris wat minder sûkelarjetaart ite kin en dat se opsokkebalje moat. Nei't Hilly ôfdript is, fertelt Charlotte oan Skeeter hoe grutsk se op har is en hoe bliid oft se is dat se dapperens, dy't soms in generaasje oerslacht, wer yn 'e famylje werombrocht hat. Dat liedt ta in fermoedsoening tusken mem en dochter.

Underwilens wurdt Minny, as se nei har wurk giet, oansprutsen troch Johnny, de man fan Celia Rae. Se is earst bang dat er har wat oandwaan wol om't er ûntdutsen hat dat syn frou temûk in húshâldster oannommen hat, mar hy bewissiget har derfan dat dat net sa is. Hy hat fan it begjin ôf oan al witten dat der in húshâldster wie, om't it iten fan 'e iene dei op 'e oare sà alderûntychlist opbettere dat der gjin oare ferklearring foar wie. Johnny seit tsjin Minny dat Celia Rae him einlings oer alle miskreamen ferteld hat, en dat er sa tankber is foar Minny har freonskip mei Celia Rae, om't er bang is dat syn frou harsels oars nei de lêste miskream tekoart dien hie. Hy nimt har mei yn 'e hûs, dêr't bliken docht dat Celia Rae de hiele nacht oan it itensieden west hat: der is in wier feestmiel oanrjochte fan alle gerjochten dy't Minny har leard hat te meitsjen. It miel is ta eare fan Minny, dy't, sa fertelt Johnny har, by him en Celia Rae in baan foar it libben hat. Troch dizze waarme freonlikens fan har wurkjouwers wit Minny de moed gear te skraabjen om har mishanneljende man Leroy de wacht oan te sizzen en fan him te skieden.

Emma Stone.
Viola Davis.
Octavia L. Spencer.
Bryce Dallas Howard.
Jessica Chastain.

Om dochs op 'e iene of oare manear wraak te nimmen op Skeeter, set Hilly Elizabeth ûnder druk om Aibileen te ûntslaan, wêrby't fannijs tsjeafte as reden opjûn wurdt. Aibileen, dy't dan neat mear te ferliezen hat, seit Hilly it mannewaar op oant dy lulk ta de keamer út stoarmet. Aibileen nimt ôfskie fan 'e lytse Mae Mobley en freget Elizabeth om har dochterke noris in kâns te jaan. As se sjocht hoe oerstjoer it fanke is dat Aibileen fuortgiet, wurdt Elizabeth ta triennen brocht. Aibileen beslút har bestean as húshâldster deroan te jaan en in karriêre as skriuwster te begjinnen.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Eugenia "Skeeter" Phelan Emma Stone
Aibileen Clark Viola Davis
Minny Jackson Octavia L. Spencer


byrollen
personaazje                      akteur/aktrise
Hilly Walters Holbrook Bryce Dallas Howard
Celia Rae Foote Jessica Chastain
Charlotte Phelan Allison Janney
Elizabeth Leefolt Ahna O'Reilly
Yula May Davis Aunjanue Ellis
frou Walters Sissy Spacek
Stuart Whitworth Chris Lowell
Johnny Foote Mike Vogel
Constantine Jefferson Cicely Tyson
Jolene French Anna Camp
Mae Mobley Leefolt Eleanor Henry
Mary Beth Caldwell Ashley Johnson
Robert Phelan Brian Kerwin
Elaine Stein Mary Steenburgen
haadredakteur Blackly Leslie Jordan
dûmny Green David Oyelowo
Grace Higginbotham Dana Ivey

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Help waard regissearre troch Tate Taylor nei in senario fan himsels. Dat wie basearre op 'e roman The Help fan Kathryn Stockett út 2009. As produsinten wiene Chris Columbus, Michael Barnathan en Brunson Green by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWork Pictures, 1492 Pictures, Reliance Entertainment, Participant Media, Image Nation en Harbinger Pictures. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Yndiaask-Emiratyske ko-produksje. Foar The Help wie in budget beskikber fan $25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Stephen Goldblatt, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Thomas Newman.

De opnamen foar The Help setten yn july 2010 útein en duorren oant yn oktober fan dat jier. Se fûnen hielendal plak yn 'e Amerikaanske steat Mississippy. It wie de earste kear dat dêr in grutte Hollywood-produksje filme waard sûnt O Brother, Where Art Thou? (2000). It stedsje Greenwood waard útkeazen om troch te gean foar it Jackson út 'e iere 1960-er jierren. Dêr waard neffens produsint Brunson Green 95% fan 'e sênes filme. In diel fan 'e film waard opnommen yn it echte Jackson, en ek yn Clarksdale en Greenville. De sênes op 'e redaksje fan 'e Jackson Journal waarden filme yn it gebou yn Clarksdale, dêr't oant april 2010 fjirtich jier lang de redaksje fan 'e Clarksdale Press Register sitten hie.

De distribúsje fan The Help waard fersoarge troch Touchstone Pictures, in dochterûndernimming fan Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company. De film gie op 9 augustus 2011 yn Beverly Hills yn premiêre, en iepene dêrnei op 10 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 26 july 2011 by platemaatskippij Geffen Records. The Help kaam op 6 desimber 2011 beskikber as digitale download en ek op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige The Help oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Tom Long fan The Detroit News de film as: "oantreklik, fermaaklik, oangripend en miskien sels in bytsje hieljend", en as: "in âlderwetsk grut filmferhaal, fan it soarte dat men tsjintwurdich mar komselden mear sjocht". Yn 'e Miami Herald joech Connie Ogle de film 3 fan 4 stjerren. Se skreau dat The Help "jin oan it laitsjen krije kin, mar [de film] kin jins hert ek brekke. Yn 'e hûnsdagen fan bioskoopbesyk yn augustus is dat in krêftige oanrikkemandearring."

Yn 'e krante út New York The Village Voice wie Karina Longworth in stik minder posityf oer The Help: "We krije in frij typearjende ôfsljochting fan 'e skiednis troch Hollywood, mei machtige smjunten en fertrape helden." Party negative resinsjes hiene fral krityk op it ûnfermogen fan 'e film om 'e kwaliteit fan 'e roman dêr't er op basearre is, te belykjen. Sa skreau Chris Hewitt fan 'e St. Paul Pioneer Press: "Guon ferfilmings fine in frisse, sinematyske manear om 'e geast fan in boek oer te bringen, mar The Help is net sa'n film."

Greenwood yn Mississippy, dêr't it meastepart fan 'e opnamen foar The Help plakfûn.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Help in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 230 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't der in saak foar te meitsjen is dat de rasiale tematyk wat oerhimmele wurdt, ferheft The Help him troch de krêft fan syn cast – benammen Viola Davis, wa har aktearprestaasje sterkernôch is om 'e film eigenhandich te dragen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Help in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 41 resinsjes.

The Help brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $46,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $169,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $216,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $191,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2012 waard The Help by de Oscars nominearre foar 4 prizen yn 3 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste aktrise (Viola Davis) en bêste froulike byrol (Jessica Chastain). De film wûn dy lêste priis foar de aktearprestaasje fan Octavia L. Spencer. By de Golden Globes waard The Help nominearre foar 5 prizen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste aktrise (Viola Davis), bêste byrol fan in aktrise (Jessica Chastain) en bêste orizjinele liet (The Living Proof fan Thomas Newman, Mary J. Blige, Harvey Mason jr. en Damon Thomas). De film wûn op 'e nij de priis foar bêste byrol fan in aktrise foar it wurk fan Octavia L. Spencer.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The Help nominarre yn 5 kategoryen en wûn de film ien priis, ek wer foar bêste froulike byrol fan Octavia L. Spencer. By de Satellite Awards waard The Help nominearre foar 6 prizen en wûn de film yn 'e kategoryen bêste aktrise (Viola Davis) en bêste cast. Ek waard The Help nominearre foar 4 Screen Actors Guild Awards en wûn de prizen foar bêste aktrise (Viola Davis), bêste froulike byrol (Octavia L. Spencer) en bêste cast. The Help nominearre foar 4 People's Choice Awards, wêrfan't wûn waard yn 'e kategory favorite filmaktrise (Emma Stone).

Fierders wiene der nominaasjes foar 4 MTV Movie Awards (0 wûn), 3 Teen Choice Awards (1 wûn: favorite aktrise yn in dramafilm foar Emma Stone) en 2 BET Awards (2 wûn). De soundtrack fan Thomas Newman waard bekroane mei in BMI Film & TV Award. Op it Filmfestival fan Hollywood wûn The Help de prizen foar cast fan it jier en bêste trochbraakrol (Jessica Chastain), en op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs wie de priis foar bêste trochbraakrol foar Octavia L. Spencer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.