Clarksdale (Mississippy)
Appearance
Clarksdale (Mississippy) | ||
Coahoma County Mississippy mei Clarksdale | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Mississippy | |
County | Coahoma County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 17.962 (2010) | |
Oerflak | 35,9 km² | |
Befolkingsticht. | 499,2 / km² | |
Stêdekloft | n.f.t | |
Hichte | 53 m | |
Oar | ||
Stifting | 1848 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Offisjele webside | ||
[] |
Clarksdale is it haadplak fan Coahoma County yn de Amerikaanske steat Mississippy. Clarksdale is ferneamd nei John Clark, dy't it plak mids 19e iuw stichte. Clarksdale leit oan de rivier de Sunflower yn it hert fan de Mississippydelta (Lower Mississippi Delta Region).
Clarksdale is it berteplak fan de legindaryske bluesspilers Muddy Waters, John Lee Hooker en Big Jack Johnson en oaren. It wie ek it plak dêr't de skriuwer Tennessee Williams simmerdeis tahold en dêr't sjonger Nate Dogg berne waard.
Clarksdale wurdt beskôge as de widze fan de blues. Clarksdale hat it Delta Blues Museum, de Ground Zero Blues Club (mei troch ynwenner akteur Morgan Freeman oprjochte), en de Shack Up Inn.
-
Clarksdale
-
It Delta Blues Museum
Berne yn Clarksdale
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Andy Anderson, rockabilly-muzikant
- Eddie Boyd, bluesmuzikant
- Jackie Brenston, bluesmuzikant
- Sam Cooke, sjonger
- John Lee Hooker, bluesmuzikant
- Lurlean Hunter, jazz-sjongster
- Ike Turner, muzikant en muzykprodusint
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Clarksdale, Mississippi fan Wikimedia Commons. |