2 Barûch
2 Barûch | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 70 – 130 n.Kr. |
2 Barûch is in joadske pseudepigrafyske tekst dy't nei alle gedachten skreaun is yn 'e lette earste of iere twadde iuw n.Kr., mar yn elts gefal nei de ferwuostging fan Jeruzalim en de Timpel yn it jier 70. De tekst sels hâldt út dat de auteur Baruch ben Neriah is, dy't yn it Alde Testamint fan 'e Bibel omskreaun wurdt as de learling en klerk fan 'e profeet Jeremia, mar dat is net wier, en 2 Barûch wurdt mei dêrom as apokryf beskôge troch alle joadske streamings en hast it hiele kristendom. Allinne yn 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke makket it ûnderdiel út fan 'e kanon, mei't it yn (guon eksimplaren fan) 'e Peshitta stie.
Opbou en oerlevering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2 Barûch bestiet út 87 haadstikken. De earste 77 dêrfan foarmje de Syryske Iepenbiering fan Barûch (of de Syryske Apokalyps fan Barûch), wylst de lêste tsien it Brief fan Barûch oan de Njoggen en in Heale Stamme foarmje. Oarspronklik wiene dit twa ôfsûnderlike dokuminten. Om't de Syryske Iepenbiering fan Barûch sa'n grut part fan 'e tekst útmakket, wurdt dy namme ek wol brûkt foar hiele 2 Barûch. Op himsels is de Iepenbiering mar oerlevere yn in pear Grykske, Latynske en Syryske fragminten. It Brief fan Barûch hat in folle gruttere fersprieding, en is oerlevere yn teminsten 36 Syryske manuskripten. De hiele tekst fan 2 Barûch is bekend út in Syrysk hânskrift út 'e sechsde of sânde iuw dat yn 1866 weromfûn waard yn Milaan, wylst der ek in Arabysk manuskript bestiet, dat yn 1974 ûntdutsen waard. De Syryske ferzje is hast sûnder mis in oersetting út it Gryksk, wylst de oarspronklike, ferlern giene tekst nei alle gedachten yn it Hebriuwsk skreaun wie.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Syryske Iepenbiering fan Barûch is in griemmank fan gebedens, klaachlieten en fizioenen, dy't it kanonike boek Jeremia net wanlyk is. Mar hoewol't "Barûch" it hjir hat oer de ferwuostging fan Jeruzalim troch Nebûkadnêzer II, yn 586 f.Kr., is men fan tinken dat it eins giet oer de ferwuostging fan deselde stêd troch de Romeinen, yn it jier 70. De tekst giet yn op it ûnk en lijen fan in teokratysk folk (de Joaden), en harren úteinlike oerwinning op harren fijannen. Dêrta wiist it foarút nei de komst fan 'e (joadske) messias (net de soan fan God, sa't de kristenen him sjogge, mar in godlik ynspirearre minske). Hoewol't de sûnde weromfolge wurdt nei syn oarsprong yn 'e die fan Adam (doe't dy de apel oannaam fan Eva en derfan iet wylst er wist dat it troch God ferbean wie), wiist de Iepenbiering fan Barûch it idee fan 'e erfsûnde ôf: "elkmis fan ús hat de Adam fan syn eigen siel west" (2 Bar. 54:15).
Yn it Brief fan Barûch oan de Njoggen en in Heale Stamme wurdt benammentlik de hope útsprutsen op in takomstige beleanning nei it hjoeddeisk lijen. Fierders wurde deryn behannele it ferflean fan 'e tiden, it oanduorjen fan it Ferbûn fan Mozes (tusken de Joaden en God), en de frije wil fan eltse minske om God te folgjen of net.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |