Springe nei ynhâld

Togruta

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Shili)
In Togruta (Shaak Ti).

Togruta (inkeltal idem; útspr.: [toʊˈɡɹutɑ], likernôch: "too-grû-ta") binne in fiktyf ras fan humanoïde bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja komme fan 'e planeet Shili, yn 'e krite fan it Stjerrestelsel dy't de Utwreidingsregio neamd wurdt. Der bestiet ek in koloanje fan sa'n 50.000 Togruta op 'e planeet Kiros. Harren natuerlike habitat is bercheftich of alteast heechlein terrein. Fral op Shili binne se tige beskermjend foar de planeet en syn moannen oer. Harren taal is it Togruti. De Togruta wurde regearre troch in keninginne, dy't de titels "regasa fan Shili" en "opperste jagerinne fan 'e Feriene Stammen" dracht. De kultuer fan 'e Togruta op harren thúswrâld Shili is tige kriichshaftich en de planeet beskikt oer mânske striidkrêften; de koloanje op Kiros draacht dêrfoaroer pasifisme út en bestiet foar it meastepart út keunstners en harren famyljes.

Fan uterlik lykje de Togruta mear al as net op minsken, mei twa earms en skonken, fiif fingers oan eltse hân en in gesicht mei eagen, noas, mûle en earen op it wenstige plak. Harren meast opfallende lichemsskaaimerk wurdt foarme troch de útgroeiïngs oan 'e holle.

Togruta hawwe twa grutte, holle, op hoarnen lykjende struktueren dy't fan 'e boppekant fan 'e holle ôf yn in bûgde, kegelfoarm omheech groeie, en dy't montrals neamd wurde. Dêrnjonken beskikke se ek oer trije saneamde lekku, of "hollesturten", dy't fan 'e sydkanten fan 'e holle, boppe de earen, en fan 'e efterholle nei ûnderen groeie en delhingje kinne oant foarby de heupen. Sawol de montrals as de lekku binne kleure yn in streekt patroan fan wyt en blaugriis. Togruta beskikke oer twa geslachten, manlik en froulik. By manlju binne de montrals oer it algemien grutter en dúdliker faninoar skaat, hoewol't dat by guon froulju likegoed sa is. De froulju hawwe langere lekku as de manlju. Sawol de montrals as de lekku groeie troch oant in Togruta folwoeksenens berikt. De montrals befetsje organen foar echolokaasje, wêrmei't Togruta bewegings yn har neite gewaarwurde kinne oant in ôfstân fan 23 m.

In oar opfallend lichemsskaaimerk fan Togruta is de pigmintaasje fan harren gesicht, wêrfan't de boppeste helte wyt is. De hûdskleur fan 'e rest fan it lichem (útsein de montrals en lekku) kin read, oranje, giel of grien wêze.

Yn it tiidrek fan 'e Hege Republyk, likernôch fiifhûndert jier foar de foarfallen yn 'e Skywalker Saga, hearde Shili noch net ta de Galaktyske Republyk. Krekt oarsom, de planeet ferkearde suver op foet fan oarloch mei de Republyk, en it iennichste dat sa'n konflikt tsjinkearde wie it respekt dat de Togruta foar de Jedi Oarder hiene. Mear as twahûndert jier foar de Skywalker Saga kamen de Togruta de Republyk te help doe't dy oanfallen waard troch ynfallers fan bûten it Stjerrestelsel dy't de Nihil hieten. Ut dat militêr bûnsgenoatskip kaam politike gearwurking fuort, dy't meitiid late ta de yntregraasje fan Shili yn 'e Galaktyske Republyk. Tsjin 40 f.Sl.Y. waard in Togruta, Kirames Kaj, oansteld as kânselier fan 'e Galaktyske Republyk.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin