Springe nei ynhâld

Reservoir Dogs (film)

Ut Wikipedy
Reservoir Dogs
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Quentin Tarantino
produsint Lawrence Bander
senario Quentin Tarantino
kamerarezjy Andrzej Sekula
muzyk (gearstald tr.) Quentin Tarantino
filmstudio Live Entertainment
Dog Eat Dog Productions
distribúsje Miramax Films
spilers
haadrollen Harvey Keitel
Steve Buscemi
Tim Roth
byrollen Michael Madsen
Chris Penn
Lawrence Tierney
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 oktober 1992
foarm langspylfilm
sjenre misdiefilm
taal Ingelsk
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget $1,2 miljoen
opbringst $2,8 miljoen

Reservoir Dogs is in Amerikaanske ûnôfhinklike neo-noir-misdiefilm út 1992 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino, mei yn 'e haadrollen Harvey Keitel, Steve Buscemi en Tim Roth. It ferhaal folget in groep oerfallers foar en nei (mar net by) in diamantrôf yn in juwelierssaak dy't ferskriklik misrint. De film wie Tarantino syn debút as regisseur en omfettet in protte eleminten dy't neitiid karakteristyk foar syn wurk wurde soene, lykas misdie, hommels en bluodderich geweld, ferwizings nei de popkultuer, in protte krêftwurden yn it taalgebrûk en in non-lineêre plot. Reservoir Dogs krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige positive resinsjes en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film, wêrmei't Tarantino yn ien klap syn reputaasje as regisseur fêstige, wurdt tsjintwurdich beskôge as in klassiker en in cultfilm.

De titel fan 'e film, Reservoir Dogs, kin letterlik oerset wurde as "Opslachmarhûnen" of "Hûnen fan 'e Opslachmar". Dat hat hielendal neat mei de plot fan 'e film te krijen, mar wie in opfallende namme dy't regisseur Quentin Tarantino foar syn earste film keas op basis fan in foarfal yn 'e fideoteek dêr't er op dat stuit wurke. Dêr kaam nammentlik ris in (Amerikaanske) klant binnen dy't de útspraak fan 'e titel fan 'e Frânske film Au revoir les enfants (1987) fan Louis Malle folslein ferhaspele ta eat dat "Reservoir Dogs" liek.

Acht kriminelen brea-ite mei-inoar yn in kafetaria yn Los Angeles. Behalven Joe Cabot, de man dy't de oaren ynhierd en byinoar brocht hat, en dy syn soan "Nice Guy" Eddie, brûke alle oanwêzigen skûlnammen, sadat se inoar net oanjaan kinne as se arrestearre wurde soene. Sadwaande neame se har nei kleuren: Mr. Brown, Mr. White, Mr. Blonde, Mr. Blue, Mr. Orange en Mr. Pink. Se petearje oer ûnnoazele dingen, lykas de betsjutting fan it liet Like a Virgin, fan Madonna, en redendiele oer de wegering fan Mr. Pink om by te dragen oan 'e foai foar de servearster. Dêrnei sette se ôf om in oerfal út te fieren op in juwelierssaak, dêr't dy deis in lading diamanten binnenkommen is.

Nei't de oerfal op in bloedbad útrûn is, flechtet Mr. White mei Mr. Orange, dy't troch in âldere frou yn 'e búk sketten is doe't se har auto kaapten om fuort te kommen. De skotwûne fan Mr. Orange bliedt as wat, en hoewol't er net fuortendaliks dearekket, is it dúdlik dat er ferlet hat fan medyske help as er it op 'e langere termyn oerlibje wol. Yn in leechsteand bedriuwsgebou, dat eigendom fan Joe Cabot is, besiket Mr. White Mr. Orange gerêst te stellen dat se der in dokter by helje sille en dat er sûnder mis wer hielendal de âlde wurde sil.

Mei't it bedriuwgebou yn 't foar as moetingspunt ôfsprutsen wie, komt ek Mr. Pink dêr opdaagjen. Dy is fan miening dat de oerfal ferret wie oan 'e plysje, dy't de oerfallers opwachte. Mr. White fertelt him dat Mr. Brown dea is en dat Mr. Blue en Mr. Blonde noch altyd misse. Mr. Pink en Mr. White binne pisnidich dat Mr. Blonde de hiele boel ûntspoare litten hat troch mei opsetsin in stikmannich meiwurkers fan 'e juwelierssaak dea te sjitten nei't immen it alaarm ôfgean litten hie. Mr. White is boppedat breinroer dat Joe, dy't er as syn freon beskôget, in "psychopaat" as Mr. Blonde by de oerfal belutsen hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mr. Pink, dy't mei de bút ûntkommen is en dy earne ferstoppe hat, wol it moetingsplak ferlitte om't er sa heal en heal ferwachtet dat de plysje hjir aansten ek foar de doar stiet. Mr. White wiist op it probleem wat se dan mei de ferwûne Mr. Orange oan moatte. Mr. Pink wol him by in sikehûs efterlitte, mar as er foar it ferstân kriget dat Mr. White oan Mr. Orange ferteld hat wat syn foarnamme is (Larry) en wêr't er wei komt (Milwaukee), beslút er dat Mr. Orange no net mear nei it sikehûs kin om't er by arrestaasje te gefaarlik is foar de oare oerfallers. Mr. White en Mr. Pink redendiele dêroer oant se slaande deilis reitsje en úteinlik sels har pistoalen lûke. Ear't de rûzje noch fierder eskalearje kin, ferskynt Mr. Blonde, dy't de ûntfierde jonge plysjeman Marvin Nash yn syn kofferbak hat.

Inkele dagen earder moetet Mr. Blonde Joe Cabot en "Nice Guy" Eddie nei't er krekt út it tichthûs kommen is. Hy hat fjouwer jier sitten, en hoewol't er folle earder frijkomme kinnen hie as er Joe derby lapt hie, hat er him stilholden. Joe en Eddie fiele har dêrom tige ferplichte oan Mr. Blonde, dy't se Vic neame, en beskôgje him as in freon. Se binne wisberet om him te beleanjen foar syn trou en regelje in baan as havenarbeider foar him dêr't er mei pronkje kin by syn reklassearringsamtner, mar dêr't er nea echt hoecht te ferskinen. Mr. Blonde wol lykwols wer oan it "echte wurk", dat op inisjatyf fan Eddie beslút Joe om Mr. Blonde by de oerfal te belûken.

Yn 'e hjoeddeistige tiid mishannelje Mr. White en Mr. Pink plysjeman Nash om ynformaasje los te krijen oer wa't harren oan 'e plysje ferret hat. Nash is lykwols noch mar acht moannen by de plysje, dat sels al soed er harren dat sizze wolle, dan noch koed er it net om't soks him net ferteld wurdt. Eddie arrivearret yn it bedriuwsgebou en nimt Mr. White en Mr. Pink mei om harren flechtauto's te dumpen en de troch Mr. Pink ferstoppe bút op te heljen.

Mr. Blonde bliuwt sadwaande allinne efter mei de fêstbûne Nash en de noch altyd swier bliedende Mr. Orange, dy't troch de pine fan syn skotwûne bewusteleas rekke is. Mr. Blonde knevelet Nash en fertelt him dan dat er him martelje sil, net om ynformaasje los te krijen, mar simpelwei om't er dêr aardichheid oan hat. Hy hellet in skearmês foar 't ljocht en bringt dêrmei snijwûnen oan yn it gesicht fan Nash, wêrnei't er de plysjeman syn rjochterear ôffiket. Dan hellet er in lytse jerrycan benzine op út 'e kofferbak fan syn auto en oerjit de plysjeman dêrmei. As Mr. Blonde risselwearret om 'e benzine oan te stekken en Nash libben te ferbrânen, lûkt Mr. Orange, dy't net bewusteleas blykt te wêzen, ynienen syn pistoal en sjit Mr. Blonde dea. Neitiid fertelt Mr. Orange oan Nash dat er in undercoverplysjeman is en dat de plysje mei koarten in ynfal yn it bedriuwsgebou dwaan sil, sadree't Joe Cabot dêre arrivearret.

Wiken earder betinkt Mr. Orange, dy't Freddie hjit, mei syn begelieder Holdaway in yngewikkeld ferhaal oer de ôflevering fan drugs om it fertrouwen fan Joe en de oare kriminelen te winnen. Mei't er by de tarieding foar de oerfal oan Mr. White keppele wurdt, komt er dy it bêste te kennen. De beide mannen reitsje befreone.

Werom yn 'e hjoeddeistige tiid komme Eddie, Mr. White en Mr. Pink wer yn it bedriuwsgebou en treffe Mr. Blonde dea oan. Mr. Orange besiket harren derfan te oertsjûgjen dat Mr. Blonde in geastlik sike psychopaat wie, dy't net inkeld Nash mar ek him fermoardzje woe om dêrnei út te naaien mei de bút. Mr. White, dy't Mr. Orange graach lije mei en dochs al in strieminne miening oer Mr. Blonde hie, leaut dat daliks. Mr. Pink niget yn deselde rjochting. Eddie, lykwols, dy't goed befreone wie mei Mr. Blonde, wol der neat fan witte. Hy sjit Nash dea om sjen te litten dat it him mienen is en hjit dan it ferhaal fan Mr. Orange ligen.

Joe arrivearret yn it bedriuwgebou en fertelt dat de plysje Mr. Blue deasketten hat. Hy fertinkt Mr. Orange derfan dat dy in ferrieder is en wol him deasjitte. Mr. White, dy't noch altyd nidich is dat Joe him opskipe hat mei de psychopaat Mr. Blonde, komt tuskenbeiden en rjochtet syn pistoal op Joe. Eddie nimt fuortendaliks Mr. White ûnder skot, sadat der in Mexican standoff ûntstiet. De sitewaasje eskalearret. Joe fjurret op Mr. Orange en ferwûnet dyselde fierder. Mr. White sjit Joe dea. Eddie sjit Mr. White del. Mr. White sjit Eddie dea.

Mr. Pink, de iennichste dy't noch libbet en net ferwûne is, pakt de bút en naait út. Koarte tiid letter is der bûtendoar in sjitpartij mei de plysje te hearren, wêrby't Mr. Pink nei alle gedachten omkomt. De swierferwûne Mr. White krûpt nei Mr. Orange ta en nimt dy syn holle yn syn earms. Mr. Orange bychtet op dat er in undercoverplysjeman is. Mr. White is raar gesteld troch dat ferrie en set him syn pistoal tsjin 'e holle oan. Op dat stuit falt de plysje it bedriuwsgebou binnen en oarderet Mr. White om syn pistoal falle te litten. Mr. White sjit Mr. Orange troch de holle en sakket yninoar as er trochsingele wurdt mei plysjekûgels.

Harvey Keitel yn 2012.
Steve Buscemi yn 1996.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise         
Mr. White / Larry Harvey Keitel
Mr. Pink Steve Buscemi
Mr. Orange / Freddy Tim Roth


byrollen
personaazje                   akteur/aktrise
Mr. Blonde / Vic Michael Madsen
"Nice Guy" Eddie Chris Penn
Joe Cabot Lawrence Tierney
Marvin Nash Kirk Baltz
Mr. Brown Quentin Tarantino
Mr. Blue Edward Bunker
Holdaway Randy Brooks
sheriff #2 David Steen
radio-discjockey Steven Wright (allinne stim)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Quentin Tarantino wurke om 1990 hinne by in fideoteek yn Manhattan Beach (Kalifornje) en wie oarspronklik fan doel om syn senario foar Reservoir Dogs te ferfilmjen foar in budget fan $30.000 op swart-wyt-16 mm-film mei syn freonen as akteurs. Ien fan dy freonen wie Lawrence Bender, dy't úteinlik de produsint fan 'e film waard foar de filmstudio's Live Entertainment (letter omneamd ta Artisan Entertainment) en Dog Eat Dog Productions. Dyselde hie oarspronklik in plysjeman spylje sillen dy't Mr. Pink efterfolge.

Bender joech it skript oan syn aktearlearaar, waans frou it trochjoech oan 'e ferneamde akteur Harvey Keitel. Dy seach der genôch yn om ko-produsint te wurden, sadat Tarantino en Bender de finansiering makliker rûnkrije kinne soene. Mei help fan Keitel brochten se úteinlik $1,2 miljoen gear. Keitel betelle ek foar castingaudysjes yn New York, dêr't Tarantino en Bender Steve Buscemi, Michael Madsen en Tim Roth fûnen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrzej Sekula. De soundtrack stalde Tarantino sels gear út besteande muzyk út 'e 1970-er jierren.

De distribúsje fan Reservoir Dogs waard fersoarge troch Miramax Films. De film waard foar it earst fertoand op it Sundance Filmfestival yn Utah op 21 jannewaris 1992 en wie neitiid ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, it Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Op 9 oktober 1992 kaam Reservoir Dogs yn 'e Feriene Steaten út, dêr't er draaide yn 61 bioskopen. De film waard yn juny 1995 útbrocht as VHS-keapfideo en yn augustus 2002 op dvd.

It soundtrackalbum fan Reservoir Dogs ferskynde op 13 oktober 1992 by platemaatskippij MCA Records. It súkses fan 'e film soarge foar nije belangstelling foar in stikmannich hits út 'e 1970-er jierren dy't yn 'e soundtrack opnommen wiene, wêrûnder Little Green Bag fan The George Baker Selection, Magic Carpet Ride fan Bedlam en Stuck in the Middle with You fan Stealers Wheel.

Fan 'e filmkritisy krige Reservoir Dogs oer it algemien tige positive resinsjes. De film wurdt beskôge as in wichtige mylpeal op it mêd fan ûnôfhinklike films. Vincent Canby fan The New York Times hie fral lof foar de cast en it gebrûk fan in non-lineêre plot. Yn 'e Los Angeles Times komplimintearre Kenneth Turan benammen Steve Buscemi, Lawrence Tierney en Michael Madson mei harren aktearprestaasjes. Hy hie ek bewûndering foar it entûsjasme fan regisseur Quentin Tarantino, krekt sa't James Berardinelli dat yn syn resinsje ek hie. Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, wie minder ûnder de yndruk fan Reservoir Dogs, en joech de film 21/2 fan 4 stjerren. Neffens him hie Tarantino "in idee en fertrout er derop dat it idee de plot geande hâldt." Hy konkludearre: "Ik mocht wol lije wat ik seach, mar it wie net genôch."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Reservoir Dogs in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 71 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film], dy't gûnzet fan 'e yntelliginsje en enerzjy, leit it fûnemint foar de filmmakkerskarriêre fan Quentin Tarantino yn in styl dy't tahuft." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Reservoir Dogs in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 24 resinsjes.

Reservoir Dogs brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $2,8 miljoen op. As dy opbringst ôfset wurdt tsjin it budget fan $1,2 miljoen, betsjut dat in winst fan $1,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Reservoir Dogs wûn de priis fan 'e filmkritisy op it Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari yn Japan. Steve Buscemi ûntfong foar syn rol fan Mr. Pink de Independent Spirit Award foar bêste byrol fan in akteur.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.