Springe nei ynhâld

Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari

Ut Wikipedy
Ynternasjonaal Fantastysk
Filmfestival fan Yubari
plak en tiid
lân Japan
prefektuer Hokkaido
plak Yubari
tiid fan it jier febrewaris
bysûnderheden
soarte evenemint filmfestival
bestean 1990 – no
offisjele webside
yubarifanta.com

It Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari (Japansk: ゆうばり国際ファンタスティック映画祭, Yūbari Kokusai Fantasutikku Eiga Sai) is in filmfestival dat elts jier yn febrewaris holden wurdt yn 'e Japanske stêd Yubari, op it noardlike eilân Hokkaido. It evenemint bestiet sûnt 1990. Oant en mei 1999 hiet it it Ynternasjonaal Fantastysk Aventoerefilmfestival fan Yubari. It festival is lykwols tagonklik foar films fan alle sjenres: noch "fantastysk", noch "aventoere-" tsjut datoangeande op beheinings of foarkarren. Wol is it Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari benammentlik wijd oan it wurk fan jonge en begjinnende filmmakkers.

Yn 1990 gie de lêste stienkoalmyn op Hokkaido ticht, dy't sitewearre wie by Yubari. It gemeentebestjoer socht nei in manear om 'e pleatslike ekonomy te refitalisearjen en besleat dêrta in filmfestival op te rjochtsjen. Dat waard it Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari. It evenemint wie fan it begjin ôf oan ferdield yn twa haadprogramma's: in ynternasjonale kompetysje foar jonge filmmakkers en in presintaasje fan it wurk fan meast Japanske en ûnôfhinklike amateurregisseurs.

De earste edysje fan it Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari, yn 1990, waard oplústere troch de oanwêzigens fan 'e bekende Amerikaanske akteur Jon Voight, dy't syn dochter by him hie, de doe noch fierhinne ûnbekende Angelina Jolie. Yn 1993 wenne de bekende Amerikaanske regisseur Quentin Tarantino it festival by, dêr't dat jiers syn rezjydebút Reservoir Dogs fertoand waard. Yn it hotel yn Yubari skreau er in diel fan it senario foar syn folgjende film, Pulp Fiction. Letter brocht er hulde oan it festival troch in personaazje yn 'e film Kill Bill: Volume 1 de namme Gogo Yubari te jaan.

Yn 2004 berikte it Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari mei in publyk fan 27.000 minsken foarearst in hichtepunt fan belangstelling. Yn lettere jierren rekke de opkomst troch de Bankekrisis yn it neigean, en yn 2007 gie it festival sels oer. It wie oant dy tiid altyd finansierd troch de gemeente Yubari, mar dy gie dat jiers bankrot.

Mei help fan in stikmannich sponsors út 'e partikuliere sektor koe it Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari yn 2008 in trochstart meitsje, mar de opset wie doe folle lytsskaliger en it programma mei de ynternasjonale kompetysje koe net trochgean. Der kamen dat jiers 8.800 belangstellenden op it evenemint ôf. Doe't de Japanske satellyttillefyzjestjoerder SKY Percect yn ruil foar eksklusive útstjoerrjochten as fêste sponsor oanlutsen waard, koe it Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari yn 2009 wer groeie nei 10.500 besikers. De ynternasjonale kompetysje kaam lykwols net werom

De folgjende prizen wurde op it Ynternasjonaal Fantastysk Filmfestival fan Yubari útrikt:

  • Grutte Priis
  • Spesjale Priis fan 'e Sjuery
  • Gûverneurspriis
  • Cinegarpriis
  • SKY Perfect Filmkanaalpriis

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.