Opper-Sû Mienskip
Opper-Sû Mienskip | ||
Ingelsk | Upper Sioux Community | |
lânseigen | Pežuhutazizi Kapi Oyáte | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Minnesota | |
haadkertier | Granite Falls (Minnesota) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
ledetal | 410 (2010) | |
oprjochting | 1938 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Opper-Sû Yndianereservaat | |
lokaasje | súdwestlik Minnesota | |
oerflak | 5,1 km² | |
ynwennertal | 60 (2000) | |
offisjele webside | ||
www.uppersiouxcommunity-nsn.gov | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Minnesota.
|
De Opper-Sû Mienskip (Ingelsk: Upper Sioux Community; Eastlik Dakota: Pežuhutazizi Kapi Oyáte, útspr.: [pe'ʒuhutazizi 'kapi o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Minnesota.
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan 'e Opper-Sû Mienskip komt fan it feit dat der yn 'e njoggentjinde iuw twa Sû-reservaten oan 'e rivier de Minnesota wiene, wêrfan't dy streamôf "Neder-Sû" (Lower Sioux) neamd waard, en dy streamop "Opper-Sû" (Upper Sioux). De langere namme fan "Opper-Sû Yndianemienskip" (Upper Sioux Indian Community) wurdt ek wol brûkt.
De organisaasje, dy't (wer)oprjochte waard yn 1938, hat 410 leden, en it haadkertier is fêstige yn Granite Falls, yn Minnesota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Mdewakanton-, Sisseton- en Wahpeton-stammen.
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It reservaat fan 'e Opper-Sû Mienskip is it lytse Opper-Sû Yndianereservaat (Upper Sioux Indian Reservation) fan súdlik Minnesota, dat in oerflak hat fan mar 5 km², en dêr't yn 2000 likernôch 60 minsken wennen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Opper-Sû Mienskip is ien fan fjouwer lytse, federaal erkende Sû-stammen yn súdlik Minnesota, dy't de restanten foarmje fan 'e Eastlike Dakota, de oarspronklike bewenners fan dat gebiet. Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waarden hja lykwols foar it meastepart út har heitelân wei deportearre nei de Dakota's en Nebraska, al namen party eigener beweging de wyk nei Kanada. Nei 1862 waard it Opper-Sû-reservaat opheft, en moast de stamme 76 jier lang lykfol hokker erkenning misse, oant yn 1938 it reservaat weromjûn en de organisaasje as rjochtspersoan weroprjochte waard.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |