Springe nei ynhâld

Oklahoma! (film út 1955)

Ut Wikipedy
Oklahoma!
film
makkers
regisseur Fred Zinnemann
produsint Arthur Hornblow jr.
senario Sonya Levien
William Ludwig
basearre op de musical Oklahoma!
kamerarezjy Robert Surtees
Floyd Crosby
muzyk Richard Rodgers
filmstudio Magna Theatre Corporation
distribúsje Magna Theatre Corp. (70 mm)
RKO Pictures (35 mm)
Samuel Goldwyn Co. (sûnt 1982)
spilers
haadrollen Gordon MacRae
Shirley Jones
byrollen Gene Nelson
Gloria Grahame
Charlotte Greenwood
Eddie Albert
Rod Steiger
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 oktober 1955
foarm langspylfilmmusical
sjenre histoaryske romantyske film
taal Ingelsk
spyltiid 145 minuten
budget en resultaten
budget $6,8 miljoen
opbringst $9 miljoen (Noard-Amearika)
prizen Oscar

Oklahoma! is in Amerikaanske histoaryske romantyske Technicolor-filmmusical út 1955 ûnder rezjy fan Fred Zinnemann, mei yn 'e haadrollen Gordon MacRae en Shirley Jones. De film waard basearre op 'e teätermusical út 1943 mei deselde namme fan Richard Rodgers en Oscar Hammerstein II. It ferhaal spilet yn 1907 yn wat dat jiers de Amerikaanske steat Oklahoma wurde sil, en giet oer it boerefamke Laurey, dat it hof makke wurdt troch twa manlju, de sympatike cowboy Curly McLain en de sinistere boere-arbeider Jud Fry. Yn in sekundêre ferhaalline moat Laurey har naïve kammeraatske Ado Annie kieze tusken de ûnnoazele cowboy Will Parker en de ûnwillige Perzyske keapman Ali Hakim. Op 'e eftergrûn spilet it stribjen fan it organisearre territoarium om 'e status fan steat te bemachtigjen en it konflikt tusken bouboeren en feehâlders. Oklahoma! waard tige goed ûntfongen troch de filmkritisy en wûn twa Oscars, hoewol't de film yn 'e bioskopen bûten Noard-Amearika flopte.

Yn Oklahoma yn 1907 bewûnderet de freonlike cowboy Curly McLain de moaie moarn wylst er nei it boerespultsje riidt dêr't Laurey Williams mei har muoike Eller wennet. Laurey is it famke op wa't er temûk fereale is. Hy freget har om mei him nei in dûnsfeest te gean dat dyselde jûns holden wurdt om jild yn te sammeljen foar de bou fan in nije skoalle. Laurey, dy't ek fereale is op Curly, stegeret him lykwols ôf, om't se yrritearre is dat er sa lang wachte hat om har te freegjen. Ynstee stimt se deryn ta om mei boere-arbeider Jud Fry te gean, om Curly in leske te learen. Dêrop praat Curly ôf om muoike Eller nei it feest te eskortearjen. Neitiid docht bliken dat Jud alhiel fan Laurey beseifere is as er har temûk bespionearret wylst se har ferklaait.

Koarte tiid letter arrivearret de ûnnoazele cowboy Will Parker mei de trein út Kansas City. Hy siket syn faam Ado Annie op, dy't lykwols ûnder syn ôfwêzigens fereale rekke is op 'e omdoarmjende Perzyske keapman Ali Hakim. Annie har heit, Andrew Carnes, in bouboer dy't neat fan cowboys hawwe moat, hie tsjin Will sein dat er net mei syn dochter trouwe koe, of it moast wêze dat er $50 byinoar skraabje koe. No fertelt Will oan Annie dat er dat jild hat, dat er allegear útjûn hat om presinttsjes foar har te keapjen. De naïve Annie rekket dêrtroch wer fereale op Will, en hja kin mar net beslute hokker fan har frijers se better oer mei. Underwilens is Ali Hakim, dy't inkeld út wie op in frijbliuwend aventoerke, rare kjel wurden dat Annie mei him trouwe wol, dat hy siket nei in mooglikheid om oan dat lot te ûntkommen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As de lju út 'e fiere omkriten op it boerespultsje fan muoike Eller gearkomme om har op te frissen foar't se nei it dûnsfeest geane, stapt Will op Annie har heit ôf om te fertellen dat er oan it betingst fan 'e man foldien hat om't er de $50 byinoar krigen hat. As Carnes dat wolris sjen wol, leit er út dat er it jild bestege hat oan presintsjes foar Annie. Carnes stelt fêst dat Will it jild dus eins net hat en dêrom net mei Annie trouwe kin. Will bliuwt telider slein efter, wylst Carnes Ali Hakim, dy't yn elts gefal gjin cowboy is, al suver as skoansoan yn 'e famylje ferwolkommet.

Laurey hie harsels ûnthjitten dat se Curly syn spultsjes har net dwerssitte litte soe. As se lykwols sjocht hoe't Gertie, in fanke mei in lûde, yrritante manear fan laitsjen, mei Curly begjint te flirten, wurdt har jaloerskens har oermânsk en fljocht se Gertie oan. Neitiid freget Curly Laurey op 'e nij om mei him nei it dûnsfeest te gean, mar Laurey wegeret op 'e nij, diskear út eangst foar Jud. Dat liedt ta in lulke konfontaasje tusken Curly en Jud, wêrby't eltse man de oare besiket te yntimidearjen troch syn revolver ôf te fjurjen. Curley jout him úteinlik mei in min sin ôf, wylst Jud Laurey op driigjende wize warskôget dat se mar better net fan gedachten feroarje kin oer it dûnsfeest. Unwis wat se no dwaan moat, brûkt Laurey in fleske rooksâlt dat se earder fan Ali kocht hat, yn 'e hope dat se yn in dream in útwei fine kin út 'e sitewaasje dêr't se yn bedarre is. Se falt yn 'e sliep en dreamt dat se mei Curly trout, mar dan komt Jud, dy't Curly fermoardet.

Dy jûns, ûnderweis nei it dûnsfeest, fertelt Jud Laurey oer syn gefoelens foar har. Hy makket har lykwols bang, en as er har tútsje wol, jaget se earst de hynders op 'e rin, en triuwt se him letter fan 'e wein ôf om sûnder him fuort te riden. Underwilens liedt op it dûnsfeest de negative hâlding fan Andrew Carnes foar cowboys oer ta in lytse opskuor, dy't muoike Eller delbêdet. Will Parker siket Ali Hakim op om ferhaal te heljen, mar as Ali oer de swierrichheden mei de $50 heart, sjocht er syn kâns skoan om ûnder it foarnommen houlik út te kommen troch Will syn presintsjes foar Annie oer te keapjen foar mear as de gongbere priis. Will kriget sa syn jild werom en is wer werom yn 'e race om mei Annie te trouwen.

In wichtich ûnderdiel fan it feest is it by opbod ferkeapjen fan 'e picknickkuorren dy't de jonge froulju ynpakt hawwe. Wat der eins kocht wurdt is in picknick mei de jongedame yn kwestje. Op dy wize moat it jild foar it nije skoalgebou gearbrocht wurde. As Annie har koer feile wurdt, kin de ûnnoazele Will him net bedimje en biedt er $50, sadat er syn jild wer kwyt liket te reitsjen. Ali moat him op 'e nij te help komme troch in heger bod út te bringen, sadat Will syn jild hâlde en mei Annie trouwe kin. As de picknickkoer fan Laurey feile wurdt, reitsje Curly en Jud behelle yn in biedstriid. Jud biedt alles wat er hat, mar Curly ferkeapet syn seal, syn hynder en úteinlik sels syn revolver om oan genôch jild te kommen om Jud te oerbieden.

Neitiid jout Laurey Jud dien, mar hy warskôget har dat se nea fan him ôf wêze sil. As se yn triennen oan Curly fertelt wat der bard is, biedt dy oan om 'e nacht op it boerespultsje fan muoike Eller troch te bringen, om har te beskermjen. Dan betinkt er him en freget har ynstee om mei him te trouwen. Laurey jout tawurd. Underwilens seit Will tsjin Ado Annie dat se ophâlde moat te flirten mei oare manlju, al is er sels noch net ree om op te hâlden te flirten mei oare froulju. Ali Hakim drukt Annie op it hert dat se better ôf is mei Will as mei him, en ferfettet dan mei in ferromme hert syn omdoarmings.

Ferskate wiken letter fynt de trouwerij fan Curly en Laurey plak. Will en Annie hawwe harren ûnderwilens ferlove. Ek Ali Hakim dûkt wer op, dy't yn 'e tuskentiid troud blykt te wêzen mei Gertie. As him dêrnei frege wurdt, seit er: "Ik wie ferkocht doe't ik it moanneljocht wjerskinen seach op 'e loop fan har heite jachtgewear." Nei de brulloft, as Curly en Laurey oan harren houliksnacht hoopje te begjinnen, wurde se nei âld gebrûk troch it pleatslike manfolk steurd en nei bûten ta dreaun. Yn in greide dy't fol stiet mei reakken hea, wurde se mei in ljedder op in reak set. Op dat stuit dûkt Jud wer op, dy't de oare lju ôfliedt troch fierderop in heareak yn 'e brân te stekken. As Curly en Laurey allinne binne, stekt er ek de heareak oan dêr't sy op steane, mei de bedoeling om harren beiden dea te brânen. Curly smyt Laurey fan 'e reak ôf en springt dan Jud op 'e hûd. Se falle tegearre del, wêrby't Jud himsels mei syn mês yn it boarst stekt, dat er it bestjert. Under lieding fan 'e pleatslike rjochter wurdt in ad hoc-berjochting yn muoike Eller har koken ymprovisearre, wêrby't Curly net skuldich befûn wurdt oan moard, om't it selsferdigening wie. De oare moarns, nei harren houliksnacht, sette hy en Laurey ôf op harren houliksreis.

  1. Oh, What a Beautiful Mornin’
  2. The Surrey with the Fringe on Top
  3. Kansas City
  4. I Cain't Say No
  5. Many a New Day
  6. People Will Say We're in Love
  7. Pore Jud Is Daid
  8. Out of My Dreams
  9. Dream Ballet
  10. The Farmer and the Cowman
  11. All Er Nuthin’
  12. People Will Say We're in Love (reprize)
  13. Oklahoma!
  14. Finale Ultimo (reprize fan Oh, What a Beautiful Mornin’)
Gordon MacRae.
Gloria Grahame.
haadrollen
personaazje               akteur/aktrise
Curly McLain Gordon MacRae
Laurey Williams Shirley Jones
byrollen
personaazje akteur/aktrise
Will Parker Gene Nelson
Ado Annie Carnes Gloria Grahame
muoike Eller Charlotte Greenwood
Ali Hakim Eddie Albert
Jud Fry Rod Steiger
Andrew Carnes James Whitmore
Gertie Cummings Barbara Jo Lawrence
Skidmore Jay C. Flippen
marshal Roy Barcroft
Curly yn Laurey har dream James Mitchell
Laurey yn Laurey har dream Bambi Lynn

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 1943, doe't de musical Oklahoma!, fan Rodgers en Hammerstein, foar it earst op Broadway iepene, wiene der plannen om in ferfilming te meitsjen. Grutte Hollywood-filmstudio's as United Artists, Columbia Pictures, 20th Century Fox en MGM toanden dêr allegearre belangstelling foar. Uteinlik waarden de filmrjochten lykwols foar in rekôrbedrach fan $1 miljoen oankocht troch de Magna Theatre Corporation. Dat wie in bedriuw dat oprjochte wie troch George Skouras, Joseph Schenck en Mike Todd mei de bedoeling om it nije breedbyldfilmproses fan Todd te ûntwikkeljen, dat de namme Todd-AO krige. Oklahoma! waard troch Magna as ûnôfhinklike film makke nei't ûnderhannelings oer finansiering troch 20th Century Fox op 'e non rûnen.

Oklahoma! waard regissearre troch Fred Zinnemann, dy't ek ferantwurdlik wie foar films as High Noon (1952) en From Here to Eternity (1953). Hy wurke nei in senario dat skreaun wie troch Sonya Levien en William Ludwig op basis fan it ferhaal fan 'e musical, dat fan 'e hân fan Lynn Riggs en Oscar Hammerstein II wie. As produsint wie Arthur Hornblow jr. by it projekt belutsen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Surtees en Floyd Crosby.

De filmmuzyk en de musicalnûmers fan Oklahoma! wiene komponearre troch Richard Rodgers, wylst Robert Russell Bennett it orkest dirigearre. Agnes de Mille wie ferantwurdlik foar de goreografy fan 'e dûnsnûmers, en Orry-Kelly waard oanlutsen as kostúmûntwerper, mei Ann Roth as syn assistinte. Foar Oklahoma! wie in budget fan $6,8 miljoen beskikber, hoewol't Magna der, de ûntwikkeling fan it Todd-AO-proses meirekkene, wol $11 miljoen yn ynvestearre. It wie de earste film ea dy't fan dat proses gebrûk makke.

Hoewol't it de bedoeling west hie dat Oklahoma! filme wurde soe yn 'e steat út 'e titel, waard úteinlik oars besletten, nei't it skynt om't de produsinten fûnen dat alle jaknikkers yn Oklahoma de bûtendoarsênes bedjerre soene troch hoarizonfersmoarging. Sadwaande fûn it meastepart fan 'e opnamen eins plak yn Nogales, yn 'e steat Arizona. De sêne mei de ikker mei stynske weet út it iepeningsnûmer en teffens de reprize fan The Surrey with the Fringe on Top waarden filme op 'e Canoa Ranch yn Green Valley (Arizona), wylst it treinstasjon dat brûkt waard foar it Kansas City-sjong- en dûnsnûmer yn Elgin (Arizona) stie. Binnendoarsênes en soundstagewurk waarden opnommen yn 'e MGM Studios yn Culver City (Kalifornje).

Njonken it Todd-AO-opnameproses, dat mei 70 mm-kamera's wurke, waard Oklahoma! parallel filme mei de fêstige CinemaScope-kamera's dy't gebrûk makken fan 35 mm-apparatuer. Dêrtroch koe de film letter ek fertoand wurde yn (lytsere) bioskopen dy't net oer de nije 70 mm-projektors beskikten. Sadwaande besteane der eins twa lichtlik ferskillende ferzjes fan 'e films, opboud út ferskillende takes, mei't net mei beide soarten kamera's tagelyk wurke wurde koe om't se inoar dan yn 't paad sieten.

Ferskillen mei de musical

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rodgers en Hammerstein holden persoanlik tafersjoch oer it hiele filmproses om foar te kommen dat de filmstudio feroarings oanbrocht dy't doedestiden hiel normaal wiene foar ferfilmings fan teätermusicals, lykas it tafoegjen fan nije musicalnûmers fan oare komponisten. Sadwaande wie Oklahoma! foar dy tiid unyk yn 'e sin dat de film de teätermusical hiel sekuer folge, sels mear as it gefal wie by oare ferfilmings fan musicals fan Rodgers en Hammerstein. Wol waarden, mei goedkarring fan Rodgers en Hammerstein, ferskate lytsere feroarings oanbrocht dy't rekken holden mei it feit dat film in hiel oar medium is as toaniel. Sa waard de tige lange earste sêne (mear as trije kertier yn 'e teätermusical) opdield yn ferskate koartere sênes, mei as gefolch dat ferskate lieten fan lokaasje feroaren.

Ynstee fan yn 'e kûlissen begjint O, What a Beautiful Mornin’ yn 'e film mei de rit fan Curly op syn hynder troch in ikker mei stynske weet 'sa heech as in oaljefante-eech' nei it boerespultsje fan muoike Eller. Kansas City waard ferpleatst nei in treinstasjon dêr't muoike Eller en de cowboys Will Parker ôfhelje, dy't weromkomt út Kansas City. Yn dat (nei moderne mjitstêven tige nuete) liet waarden inkele regels oer in striptease, dêr't Parker yn 'e grutte stêd tsjûge fan west hie, feroare om 'e film troch de sensuer hinne te krijen. I Cain't Say No waard troch Ado Annie no songen by de igge fan in marke dêr't Laurey te swimmen gien is. En Many a New Day waard songen en dûnse yn Laurey har sliepkeamer.

Yn in holleknikje nei it toanielstik Green Grow the Lilacs, dêr't de plot fan 'e teätermusical Oklahoma! eins oan ûntliend wie, besiket Jud yn 'e film wraak te nimmen op Curly en Laurey troch nei harren trouwerij de heareak dêr't se op steane, yn 'e brân te stekken. (Yn 'e teätermusical foel er Curly 'gewoan' oan mei in mês.) De film liet fierders mar in hiel lyts bytsje wei út 'e teätermusical en ferlear sadwaande mar twa lieten: It's a Scandal, It's a Outrage fan Ali Hakim, en Lonely Room fan Jud Fry. Sadwaande krige Oklahoma! in spyldoer fan mar leafst 145 minuten, oftewol hast twa en in heal oere, wat folle langer wie as wenst wie foar films út dy tiid.

Oklahoma! wie fan 11 oktober 1955 ôf op útnûging te sjen yn it Rivoli Theatre yn New York, dêr't de offisjele premiêre op 13 oktober plakfûn. Fan 18 novimber 1955 ôf draaide de film yn 'e Amerikaanske bioskopen. De distribúsje fan Oklahoma! waard fersoarge troch de Magna Theatre Corporation wat de Todd-AO-70 mm-ferzje fan 'e film oangie, en troch RKO Pictures wat de CinemaScope-35 mm-ferzje oanbelange. Yn 1982 krige The Samuel Goldwyn Company de distribúsjerjochten op beide ferzjes yn 'e hannen. Yn 2005 brocht 20th Century Fox Oklahoma! ûnder lisinsje fan The Samuel Goldwyn Company út op dvd, wêrby't beide ferzjes fan 'e film tafoege wiene. Yn 2014 waarden beide ferzjes fan 'e film troch 20th Centry Fox op 'e nij op dvd útbrocht en diskear ek op blu-ray.

Oklahoma! waard troch de filmkritisy oer it algemien mei tige positive resinsjes ûntfongen. Sa ferskynde yn The New York Times in seldsume wyld entûsjaste krityk, en waard de film troch de kritisy fan dy krante útroppen ta film fan 'e it jier. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Oklahoma! in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 26 ûnderskate resinsjes.

Yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada waard Oklahoma! besjoen troch 4.672.184 besikers, en brocht de film $8.970.087 op. Bûten Noard-Amearika flopte er lykwols yn 'e bioskopen. De totale opbringst is ûnbekend. Oklahoma! waard yn 1956 nominearre foar fjouwer Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste kamerarezjy (kleur) en bêste filmmontaazje. De film wûn de Oscars foar bêste soundtrack fan in filmmusical (Robert Russell Bennett, Jay Blackton en Adolph Deutsch) en foar bêste lûdsopnamen (Fred Hynes). Yn 2007 waard Oklahoma! troch de Library of Congress útkeazen foar preservaasje yn it National Film Registry, fanwegen kulturele, histoaryske en/of estetyske betsjutting.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.