Oblasten fan Ruslân
De Russyske Federaasje is ûnderferdield yn 83 ferskillende bestjoerlike ienheden, wêrûnder 46 oblasten. It wurd oblast’ (Область) is Russysk foar "provinsje". Oblasten hawwe in eigen parlemint (dûma) en fertsjintwurdigers yn it federale parlemint, de steatsdûma. De gûverneur fan in oblast is teffens lid fan 'e Federaasjeried fan Ruslân, wat it federale hegerhûs fan Ruslân is. Oblasten hawwe gjin selsbestjoer, sa't de autonome republiken dat wol hawwe.
Yn 2000 is der in oerkoepeljende bestjoerlike laach boppe de oblasten ynsteld, dy fan 'e federale distrikten. Dêryn wurde de bestjoerlike ienheden (46 oblasten of provinsjes, 9 territoaria, 2 federale stêden, 4 autonome gebieten, 1 autonome provinsje en 21 autonome republiken) yn groepen yndield, poer om regear en plenning makliker te meitsjen. Sokke federale distrikten binne te ferlykjen mei de lânsdielen fan Nederlân; krekt as bygelyks Noard-Nederlân, dêr't foar it gemak Fryslân, Grinslân en Drinte wol ûnder beflapt wurde, hawwe se gjin inkele basis yn 'e grûnwet, en likemin wurde se as lidsteaten fan 'e Russyske Federaasje beskôge.
De oblasten fan Ruslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1. Amoer |
14. Kostroma |
26. Oarenburch |
38. Tomsk |
*) Omstriden. Ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan 'e Oekraïne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side. |