Springe nei ynhâld

Tomsk (oblast)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oblast Tomsk)
Oblast Tomsk
Томская область
flagge wapen
polityk
soarte gebiet oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Sibearje
ekonomyske regio West-Sibearje
haadplak Tomsk
grutste plak Tomsk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen 88,1 %
Tataren 1,6%
Oekraïeners 1,1% (Stân 2010)
sifers
ynwennertal 1.068.304 (2022)
oerflak 314.391 km²
befolkingstichtens 3,4 ynw./km²
oar
stifting 7 desimber 1934
tiidsône UTC+7, MSK+4
koördinaten 58° 45' N 82° 08' E
webside www.tomsk.gov.ru

De oblast Tomsk (Russysk: Томская область, Tomskaja oblast) is in oblast fan Ruslân.

Vasjûganmoerassen

De oblast leit yn it súdeasten fan it West-Sibearyske Leechlân en grinzget oan de kraj Krasnojarsk en de oblasten Tjûmen, Omsk, Novosibirsk en Kemerovo. It gebiet is fan noard nei súd likernôch 600 km en fan west nei east 780 km. De oblast Tomsk is wat oerflak oanbelanget likernôch 1,5% grutter as Poalen.

It grutste part fan de regio is min tagonklik. It bestiet foar in grut part út taiga (63% fan it gebiet is bosk; en dat is 20% fan it hiele boskoerflak fan West-Sibearje) en sompen (28,9%; de Vasjûganmoerassen foarmje mei in oerflak fan 53.000 km² ien fan de grutste sompegebieten fan'e wrâld).

It heechste punt fan de oblast is 274 m boppe seenivo, it leechste is 34 m boppe seenivo.

De oblast hat 1620 rivieren mei in lingte fan mear as 10 km. De belangrykste rivier is de Ob, oare rivieren binne de Tom, Tsjûlym, de Ket, de Tsjaja, de Parabel, de Vasjûgan en de Tym.

Tomsk is ryk oan grûnstoffen. Der wurdt oalje, gas, ferro- en nonferrometalen fûn. De oblast hat yn it Baktsjarski rajon ien fan de grutste izerôfsettings fan 'e wrâld (en 57% fan alle foarried dêrfan yn Ruslân. Fierder binne der in soad ôfsettings foar boumateriaal. De totale grûnwetterreserves wurde rûsd op 14,2 miljard m³.

De ûntwikkeling fan it gebiet sette yn de iere jierren fan de 17e iuw útein. Yn 1604 waard de stêd Tomsk stifte. De ûntdekking fan goud yn de jierren 1830 en de oansluting fan de regio op it Trans-Sibearyske spoar begjin 20e iuw droech by oan in flugge befolkingsgroei.

Yn 1804 waard it gûvernemeint Tomsk stifte, dat oant 1925 bestie en op 25 maaie 1925 opgyng yn de kraj Sibearje, letter de kraj West-Sibearje, weryn't Tomsk it bestjoerlike sintrum waard fan it distrikt Tomsk. Op 13 augustus 1944 waard de oblast Tomsk op 'e nij stifte, wat in lytser oerflak hat as it doetiidske gûvernemint.

Njonken gemy, oalje-yndustry en masinebou foarmet ek de lânbou in wichtige pylder foar de ekonomy fan de oblast.

Bestjoerlike yndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast ferdield yn 16 rajon's en 4 stedsdistrikten.

De grutste stêden binne Tomsk en de sletten stêd (ZATO) Seversk. Fierder binne der fjouwer oare stêden en ien plak fan it stedske type.

Leninplein yn Tomsk
Houten arsjitektuer yn Tomsk
Gruttere plakken
Stêd / Delsetting mei stedsk karakter* Russysk Rajon/stedsdistrikt Ynwennertal Wapen Lokaasje
Asino* Асино Asino 24.442 (2021)
gjin
57° 00' N 86° 09' E
Bely Jar Белый Яр Verchneketski rajon 8.324 (2021)
gjin
58° 26' N 85°02' E
Kedrowy* Кедровый stedsdistrikt 1.918 (2021) 57° 34' N 79° 34' E
Kolpasjevo* Колпашево Kolpasjevo 22.589 (2021) 58° 19' N 82° 55' E
Seversk* Северск stedsdistrikt 6.033 (2021) 56° 36' N 84° 51' E
Strezjevoi* Стрежевой stedsdistrikt 39.903 (2021) 60° 44' N 77° 35' E
Tomsk* Томск stedsdistrikt 570.776 (2022) 56° 29' N 84° 57' E

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1959 1970 1979 1992 2002 2022
Ynwenners 746.802 785.706 866.713 1.001.653 1.046.039 1.068.304

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Томская область

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 12 augustus 2022

Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje