Tomsk

Ut Wikipedy
Tomsk
Leninplein
Leninplein
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Oblast Tomsk
Sifers
Ynwennertal 551.505 (2023)
Oerflak 294,6 km²
Befolkingsticht. 1872,05 ynw./km²
Oar
Stifting 1604
Tiidsône UTC+7
Koördinaten 56° 29' N 84° 57' E
Offisjele webside
webstee Tomsk
Kaart
Tomsk (Ruslân)
Tomsk

Tomsk (Russysk: Томск) is in grutte stêd yn 'e oblast Tomsk yn westlik Sibearje, Ruslân. De studintestêd leit oan 'e rjochter kant fan 'e rivier de Tom, dy't likernôch 60 km fierder yn 'e Ob mûnet, en himelsbreed hast 2900 km eastlik fan 'e haadstêd Moskou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fêsting fan Tomsk

Tomsk waard yn 1604 yn opdracht fan tsaar Boris Godûnov (1552-1605) stifte as in Kozakkefêsting (ostrog) op in heuvel oan 'e igge fan 'e rivier de Tom. 7 oktober 1604 wurdt beskôge as de dei fan foltôging fan 'e fêsting. Yn 'e rin fan 'e 17e iuw moast de fêsting ferskillende kearen ferdigene wurde tsjin Kirgizyske oanfallen (1614, 1617, 1657 en 1698). Nei 1700 ferlear Tomsk syn militêr belang.

Dêrfoaroer naam it ekonomysk belang fan Tomsk as hannelssintrum ta, fral nei de oanlis fan it Sibearyske Trakt, de âlde militêre- en hannelsrûte troch Sibearje nei Kjachta yn it easten dy't oer Tomsk gie.

Tomsk waard yn 1804 de haadstêd fan it gûvernemint Tomsk, in ûnbidich grut distrikt dat de helte fan westlik Sibearje besloech. De groei fan 'e stêd waard fral befoardere troch de goudwinning yn 'e omkriten, dêr't in bulte minsken op ôf kamen.

De stêd waard it ûnderwiissintrum fan Sibearje, it saneamde "Sibearyske Atene". De earste Sibearyske universiteit waard oprjochte yn 1880 yn Tomsk en de earste technyske ynstitút fan Sibearje dêr iepene yn 1896.

Mei de oanlis fan it Trans-Sibearyske Spoar ferlear Tomsk stadichoan oan belang. Tomsk waard by de oanlis fan dat spoar omsile om 't foar de lokaasje foar de bou fan in spoarbrêge oer de Ob folle súdliker keazen waard. Dat doe noch ûnbelangrike plak by de spoarbrêge ûntwikkele him neitiid ta de megastêd Novosibirsk. De stêd Tomsk wie allinnich mei de Trans-Sibearyske Spoarwei ferbûn troch in ôftakking.

De brân fan it Korovelski-teäter

Op 20 oktober 1905 fûn de slimste terroristyske oanslach plak yn 'e skiednis fan 'e stêd. Leden fan de nasjonalistysk-monargistyske Swarte Hûndertbeweging stieken by in pogrom it Korolevski-teäter yn 'e brân. Neffens ferskillende boarnen kamen likernôch 55 minsken om it libben.

Tomsk foar de revolúsje

Op 6 desimber 1917 waard de Sovjetmacht yn Tomsk útroppen. Troch de opstân fan it Tsjechoslowaakske Legioen op 31 maaie 1918 kaam Tomsk yn hannen fan de Wite Beweging. Yn maart 1919 besocht in ûndergrûnske bolsjewistyske groep in wapene opstân ta te rieden, mar it waard ûntdutsen en de leden waarden deasketten. Yn 'e nacht fan 16 nei 17 desimber 1919 besochten de ûndergrûnske bolsjewiken it nochris en no slaggen hja der yn om de troepen fan Aleksander Koltsjak te oermasterjen en de Sovjetmacht bliuwend yn Tomsk te fêstigjen. In pear dagen letter, op 20 december, teach it Reade Leger de stêd yn.

It eardere ferlies fan belang fan 'e stêd kaam werom yn 'e reorganisaasje fan it bestjoer. Sa waard nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 it gûvernemint Tomsk ûnderdiel fan 'e kraj Sibearje en Tomsk waard letter yn 1937 in stêd yn 'e oblast Novosibirsk.

Om de produksje feilich te stellen ferhûzen yn 'e Twadde Wrâldoarloch sa'n 30 bedriuwen fan it Europeeske diel fan Ruslân nei Tomsk. It nije belang fan Tomsk utere him troch in bestjoerlike weryndieling want yn 1944 waard de oblast Tomsk oprjochte.

Yn de Kâlde Oarloch wie Tomsk lykas in soad oare stêden in sletten stêd, sadat it fral foar bûtenlanners ferbean wie om nei Tomsk te reizgjen. Yn 1949 waard mei Tomsk-7 foar it bouwen fan in kearnsintrale krekt in pear kilometer noardlik fan Tomsk sels in geheime stêd oanelin (ynearsten ûnder de koadenamme Postbus 5). Tomsk-7 waard letter de stêd Seversk.

Tomsk waard yn 'e tiid fan de perestrojka wer in gewoane iepen stêd. De stêd wie fan doel om yn 2004 it 400-jierrich jubileum te fieren, mar it feest gie fanwegen de giseling yn Beslan oer.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tomsk is ferdield yn fjouwer stedrajons:

Nû. Namme rajon Russysk Ynwenners (2021)
1 Kirovski Кировский
132.372
2 Leninski Ленинский
127.288
3 Okthabrsky Октябрьский
181.422
4 Sovjetski Советский
115.396

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 2020 yn 'e Russyske Federaasje stie de stêd wat ynwennertal oanbelanget op 1 oktober 2021 op it 29e plak fan 'e 1.119 stêden yn Ruslân.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1620 1699 1745 1801 1856 1901 1920 1939
Ynwenners 238 918 5762 7125 20.200 62.633 90.961 145.060
Jier 1959 1979 2000 2010 2020
Ynwenners 248.823 420.730 482.100 524.669 576.624

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich is op de top fan 'e Voskresenskaja-heuvel in rekonstruearre diel fan it eartiidske houten fort te sjen. De meast fertsjintwurdige boustilen yn Tomske binne de Sibearyske barok, it klassisisme en Art Nouveau.

Houten arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tomsk is bekend fanwegen de houten arsjitektuer. Sibearje wie ryk oan hout en fan it begjin oant it ein fan 'e 19e iuw waarde de gebouwen fral fan hout boud. It Museum fan houten Arsjitektuer (Prospekt Kirova 7) is yn in houten Art Nouveau-gebou ûnderbrocht. Ien fan de moaiste houten gebouwen is it hûs fan de keapman Golovanov út 1910 oan de Krasnoarmeiskaja Ulitsa 71, dat hjoed-de-dei brûkt wurdt troch de Russysk-Dútske mienskip. Oare foarbylden binne oan deselde strjitte it Hûs mei de Fjoerfûgels en it Hûs mei de Draken.

Religieuze arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yn 1934 ferneatige Trijeienheidskatedraal

Foar de Oktoberrevolúsje hie de stêd 31 otterdokse tsjerken, ferskillende katedralen, kapellen en kleasters. Tomsk hie in katolike tsjerke en in lutherske tsjerke, trije synagoges en twa moskeeën. De measte tsjerken binne yn 'e Sovjet-tiid ferneatige. De neffens it ûntwerp fan de Vvedenski-katedraal yn Sint-Petersburch boude monumintale Trijeienheidskatedraal fan Tomsk waard yn 1934 ferneatige. In pear tsjerken krigen oare funksjes as bygelyks pakhûs of wenning en binne nei de Perestrojka restaurearre, rekonstruearre en werom jûn. Yn it ramt fan in Russysk-Dútske top dy't yn april 2006 yn Tomsk plakfûn waard yn in pear moanne tiid de nije houten Lutherske Marijetsjerke boud as ferfanging fan de tsjerke dy't yn 1936 ferneatige waard. Der binne twa synagoges bewarre bleaun: de houten Soldatesynagoge en de Koarsynagoge.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Museum Tapaste Kennis

Ien fan 'e meast ynteressante musea is it 'Betinkingsmuseum fan 'e Skiednis fan politike ûnderdrukking' yn eardere finzenis fan de NKVD (http://nkvdmuseum.ru/ hiemside). De NKVD wie yn 'e Sovjet-tiid de organisaasje dy't de politike repressy organisearre. Yn 'e gebouwen wiene fan 1923 oant 1944 finzenissellen. Njonken û.o. keamers dêr't fertochten útheard waarden en restaurearre sellen binne der in soad dokuminten te sjen, dy't tsjûgje fan de terreur ûnder Stalin. Tichteby it museum is in monumint ta neitins fan 'e slachtoffers út dy tiid.

Literêr Museum

Oare musea (kar-út):

  • Museum fan 'e Skiednis fan Tomsk (hiemside)
  • Museum Tapaste Kennis (hiemside)
  • Regionaal Museum fan 'e Oblast Tomsk (hiemside)
  • Regionaal Keunstmuseum fan 'e Oblast Tomsk (hiemside)
  • Museum fan 'e Houten Arsjitektuer (hiemside)
  • Literêr Museum fan it Hûs fan 'e Keunsten (hiemside)
  • Museum foar Slavyske Mytology (hiemside)
  • Museum Teologysk Seminaarje fan Tomsk (hiemside seminaarje)

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei is Tomsk in wittenskiplik sintrum fan Sibearje, fral ek troch de oanwêzigens fan heech ûnderwiis, dat personiel leveret. Troch de grutte oaljereserves yn it gebiet hawwe in protte oaljeprodusearjende en oaljeferwurkingsbedriuwen har yn Tomsk fêstige. Tomsk hat in soad kennisyntinsive bedriuwen en de IT-sektor spilet in wichtige rol, benammen op it gebiet fan softwareûntwikkeling.

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadgebou fan de âldste universiteit fan Sibearje

Yn 2013 hie Tomsk seis steats- en twa partikuliere universiteiten. Dêrnjonken hat de stêd noch in grut tal hegeskoallen of ôfdielings dêrfan. De twa grutste universiteiten allinne hawwe elts al mear as 25.000 studinten. Studinten foarmje in grut part fan de befolking fan Tomsk.

De steatsuniversiteiten binne:

  • De Nasjonale Universiteit fan Tomsk, de âldstse universiteit fan Sibearje, sifte yn 1888;
  • de Nasjonale Polytechnyske Universiteit;
  • de Sibearyske Nasjonale Medyske Universiteit;
  • de Nasjonale Universiteit foar bestjoeringssystemen en radio-elektronika;
  • de Nasjonale Pedagogyske Universiteit fan Tomsk;
  • de Nasjonale Universiteit foar Arsjitektuer en Sivile Technyk.

De partikuliere universiteiten binne:

  • It Ynstitút foar Ekomomy en Rjocht;
  • it Ynstitút foar Bedriuwskunde.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd hat in kontinintaal klimaat mei in trochsnit temperatuer fan -1,3 °C. troch it jier hinne. Yn 'e winter binne de wearden -21 °C oant -19 °C (trochsnit wearden yn jannewaris) gewoan, yn 'e simmer +17 °C oant +18 °C (trochsnit yn july). De leechste temperatuer yn Tomsk ea metten wie -55 °C yn jannewaris 1969.

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadstasjon Tomsk

De stêd hat mei it spoar Tajga-Belyj Jar in ferbining mei it Trans-Sibearyske Spoar, dat Tomsk as grutste stêd fan Sibearje by de oanlis dêrfan omsile. De stêd hat mei it westen, easten en suden fan it lân ferbinings oer meardere autosnelwegen. Nei it noarden rint de autosnelwei Tomsk-Seversk mar dy einiget yn 'e bûtenwiken fan Seversk. It iepenbier ferfier yn 'e stêd wurdt fersoarge troch trolleybussen, gewoane bussen en taksy's.

Tomsk hat in lofthaven fan federale betsjutting op sa'n 20 kilometer bûten de stêd by it doarp Bogatsevo.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tomsk