Springe nei ynhâld

Brjansk (oblast)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oblast Brjansk)
Brjansk oblast

Брянская область

flagge wapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
Federaal DistriktSintraal
Ekonomyske RegioSintraal
haadplakBrjansk
grutste plakBrjansk
taalRussysk
Etnyske groepenRussen (94,67 %),
Oekraïners (1,08 %)
Wytrussen (0,43 %) (Stân: 2010)
sifers
ynwennertal1.168.771 (2022)
oerflak34.857 km²
befolkingstichtens33,53 ynw./km²
oar
stifting5 july 1944
tiidsôneUTC +3
koördinaten52° 57' N 33° 24' E
websidewww.bryanskobl.ru

De oblast Brjansk (Russysk: Брянская область; Brjanskaja oblast) is in oblast yn it súdwesten fan Ruslân. De oblast waard op 5 july 1944 oprjochte en grinzget oan de Oekraïne en Wyt-Ruslân.

De oblast grinzget oan de oblasten Smolensk (yn it noarden), Kalûga (yn it noardeasten), Orjol (yn it easten), Koersk (yn it súdeasten) en oan de lânsgrinzen fan de Oekraïne (yn it suden) en Wyt-Ruslân (yn it westen).

Natoergebiet Brjanski Les (rajon Sûzemka)

De oblast leit yn de Easteuropeeske Leechflakte op de skieding fan it Desna- en Wolgabekken. De belangrykste rivier is de Desna, dy't yn 'e Dnjepr mûnet. Oare grutte rivieren binne de Bolva, Navlja, Nerûssa en Sûdost, allegear sydrivieren fan de Desna. Mei-inoar streame der 125 rivieren troch de oblast. Yn 'e oblast lizze 49 marren.

De oblast hat in soad bosk en yn de Twadde Wrâldkriich wiene dy bosken de basis fan de partisanen. Troch de kearnramp yn Tsjernobyl waard de regio slim troffen troch radio-aktiviteit. De wâld- en turfbrannen yn 2010 yn Ruslân troffen ek in pear besmette gebieten yn de oblast Brjansk.

It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. De trochsneed temperatuer yn jannewaris is -7 oant -9 ° C en yn july 18 oant 19 ° C.

Yn de oblast wurdt turf, sân, klaai, kryt, mergel en oare boumaterialen lykas fosforyt fûn.

Yn it natoergebiet Brjanski Les komt noch in lytse populaasje Europeeske bizons foar.

Yn augustus 1941 besetten Dútske troepen it gebiet fan de tsjintwurdige oblast. Sûnt it begjin wie it ferset yn it gebiet tsjin de besetting foars; likernôch 60.000 partisanen fochten mei de besetter, itjinge resultearre yn de ferneatiging fan in soad doarpen, hûzen en fabriken. Nei de befrijing troch it Reade Leger yn augustus en septimber 1943 waard útein set mei restauraasje. De oblast Brjansk waard nei in rige gebietsherfoarmings yn de Sovjet-tiid lang om let op 5 july 1944 oprjochte.

Masjinebou en glêsprodukje binne belangryk yn de regio, wylst de tylt fan nôt en ierappels en it hâlden fan fee belangryk yn 'e lânbou binne. Likernôch de helte fan de tige goede grûn wurdt brûkt foar de lânbou. In tredde fan it gebiet bestiet út bosk. Troch de oblast rinne twa oalje- en seis gaspiiplinen.

Bestoerlike yndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast is ferdield yn 6 stedsdistrikten en 27 rajon's. De grutste stêden binne, njonken de haadstêd Brjansk, Klintsi en Novozybkov. Mei-inoar binne der 16 stêden en 24 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners [1] Wapen Lokaasje
BrjanskБрянск396.343 (2022)53° 15' N 34° 22' E
KlinzyКлинцы62.704 (2021)52° 45' N 32° 14' E
NovosybkovНовозыбков39.449 (2022)52° 32' N 31° 56' E
DjatkovoДятьково25.839[ (2021)53° 36' N 34° 20' E
UnetsjaУнеча22.565 (2021)52° 51' N 32° 41' E
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Brjansk

  1. Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russyske lemma oer it plak; oproppen 9 july 2022

Dielgebieten fan Ruslân
RepublykAdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje Oedmoersje Sacha Tatarstan Tsjetsjeenje TsjûvasjeTûva
KrajAltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
Autonoom distriktChanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje