Springe nei ynhâld

Nieuwe Statenzijl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nije Steatesyl)
Nieuwe Statenzijl
Lokaasje Nieuwe Statenzijl
Lokaasje Nieuwe Statenzijl
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Oar
Koördinaten 53° 14' NB, 7° 12' EL
De slûs yn Nieuwe Statenzijl
De Kiekkaaste is de iennige uterdykse fûgelobservaasjehut yn Nederlân
De Waaiboei

Nieuwe Statenzijl (Grinslânsk: Nij Stoatenziel) is in útbuorren yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It plak falt ûnder Drieborg en bestiet út fiif huzen en de syl mei deselde namme as it plak.

Nieuwe Statenzijl leit yn it uterste noardeasten fan de Reiderwolderpolder tsjin de Doalert oan en 150 meter bewesten de Dútske grins.

It gebiet fan de hjoedeistige Doalert en de fannijs ynpoldere gebieten fan de Doalert wiene foar de oertreamings yn de Lette Midsiuwen in ticht befolkt gebiet. Troch de see-ynbraken yn de Lette Midsiuwen spielde it wetter it oarspronklike feangea fuort en krong it wetter fier it lân yn. Sa'n tweintich doarpen en karspels en fyftjin útbuorrens en trije kleasters rekken wei.

Yn it ramt fan it ynpolderjen fan de ûntstiene kwelders waard de Reiderwolderpolder yn de njoggentjinde iuw oanlein. Dy polder waard yn twa fasen yndike. It westlike part fan likernôch 1.170 bunder waard fan 1862 oant 1864 oanlein, en it easlike part fan likernôch 390 bunder waard fan 1872 oant 1874 oanlein. Foar it wetterôffier fan it leechlizzende lân waard in dyk mei in syl yn 1876 oanlein dy't de namme Nieuwe Statenzijl krige en by dy syl ûntstie in lytse delsetting. Yn 1907 waard dy syl útwreide mei in skutslûs foar it mooglik meitsjen fan it ferfieren fan ierdappels en biten oer wetter. Hjoed-de-dei wurdt it brûkt foar de plezierfeart.

Oant 1990 hearde Nieuwe Statenzijl ta de gemeente Beerta, dêrnei ta de gemeente Reiderlân en sûnt 1 jannewaris 2010 ta de nije gemeente Aldamt.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de dyk njonken de slûs stiet de Waaiboei (wynboei) fan byldzjend keunstner Martin Bochert. It te beweegjen keunstwurk, dat yn 'e foarm fan in seeboei makke waard yn 1996, is in spits fan in tsjerketoer mei op grûn fan in blêdgouden nulle en dêrmei wurdt de doarpstsjerke dy't yn de Doalert ferdwûn wie, betocht.

De Kiekkaaste is de iennige uterdykse fûgelobservaasjehut yn Nederlân. Fan dêr ôf kin de wiidweidige waadflakten fan de Doalert sjoen wurde, lykas de havens fan Emden en Delfsyl.

Ferneamde âld ynwenner

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferneamde streektaalsjonger en -dichter Ede Staal (1941-1986) hat in skoftke yn Nieuwe Statenzjl wenne en hat in liet oer it plak makke. By de slûs stiet in tinkstein fan Staal, dêr't dat liet te lêzen is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
· · Berjocht bewurkje